De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 20] [p. 20] Hjerst Lantearne foar 't hûs, in sinneblom forsutere op swartekers joun. De hjerst leit al giel oer dyn praet, mar it blau dat dy klaeit is noch simmerblau. Dy't de simmer forsitten ha as wy, op toarre terrassen, mei oare skimen, drinkendewei, pratendewei, om de toarst fan mage en brein to forslaen, wachtsje skrousk op 'e tram fan 'e hjerst. It praet en it drinken lieten ús kâld. Wy hearre hwat kommen, de bosken troch, foarby de kiosk mei it reade lint en de frou mei de karre mei apels, dy't seit fan mefrou, mar bidoelt fan: ja-ja... - Dank u, mevrouw, foar de foai. De keapfrou is ryk mei har karkefol beammen en slachten keaplju yn 't bloed. It giel fan 'e hjerst baernt sa fûl as bloed - Wy bliuwe fan 't kâldste alloai. Vorige Volgende