De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 19] [p. 19] Kjeld Nei slop tam-tam fan lok en lijen dûkt in tusken de stjerren forsille nij slach fan filosofen op: de eis-kreis-barbaren. Dy dan, dy't binne de icicles- hang-by-the-wall-singers, lizze wurden fan omtinken op 'e sinnige froulju fan tierens, lille prinsesser paa aerten. Skerpe wurden sizze de dream op en eisernes schicksal herrscht mit stummer gewalt. O, leave sei, hwerom sa fûl en sa minsklik? Noch bin de nachten klear en soel en stean de stjerren opsteld neffens diagrammen fan wês fruchtber en formannichfâldigje, de maior tafel fan sex, de dichter fan it lichem. Das schauspiel dauert sehr lange. Vorige Volgende