De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 18] [p. 18] Stasjon Om healwei ienen lit de trein it wêze: allinne moanne en stjerren reizgje noch sa let. Kondukteurs en weinbistjûrders ha, bigêrze fan 't miel, de himmle lea yn 't lekken set. Mar hear, in reisber man, siik fan 'e blauwe kofje, raest hjir, yn bange dream fortize, om syn mem. In oaren ien, noch sliepfrij troch in slokje, gniist bernlik gloarje oer syn lêst great slem. In faem, fan blauwe Marwa-kjeld bifongen, forbaernt har frijkaert tusken muorre en buffet. Stip en streek gean ratteljend oer 'e tonge. Dan ropt in bliere stim net fier fan it loket: Kamraden, kom! De sjef hat him forhongen, hwa biedt in daelder foar de reade pet? Vorige Volgende