De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 17] [p. 17] Ljouwert Bussen fan fiere reizen werom, djip út it hert fan 'e steppe, grânzgje mismoedich nei it stasjon. Wizers forskouwe de ûren tsjin 't sin. Elk wol hjir wei. De treinen slepe tûzenen fuort en tûzenen oan, hwant elk wol hjir wêze. Hjir-al is it libben tsien kear sa lang as hjir-net. En ús Heit en ús Mem stean dat libben lang by jin. Vorige Volgende