De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 16] [p. 16] Harns by't winter Sirenen steure de wintersliep net fan Tsjerk-ús-helt: de drege hoi fan Seisbjirrum stiet stiif fan 'e kjeld op 'e Brede-Plaes-de-la-fyktwaer. Hy hat gjin oanspraek mear, sûnt de lêste skipper him forhong fan gjin argewaesje oer it waer. Hwant ek it waer mijt dizze oarde sûnt Vissers hellevaart. Alle moarnen ropt in grêfstim de koarts fan 'e haven yn sm. om, forheging of forleging, mar dêr kin gjin skipper fan bistean. De mokken frette fan illinde patates-frites, kommizen driigje, keaplju moanje, alles raest foarby nei better oarden. Oan 'e haven kin se de lêste kaerten net kwyt, inkelde reizen Ultima Thule, printe op misdrukken fan 'e Apokalyps. Vorige Volgende