De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 15] [p. 15] Greiddoarp Noch leit de oprôlle fûst fan 'e buorren driigjend tsjin stjerren en sinne yn 't fjild. Mar yn it moark fret forfal en aenst sil de hân der net wêze om de fûst fan to meitsjen. De buorren glûpt stadich fan stien ta pûn en - Braek! roppe de spotske fûgels tsjin wyn en wetter, dy't pûr út gekheit de stompe toer driuwe nei in wanhopich útein as ruïne. Swier skonkjend, mei swaeijende earmen, roeit it folk oer 'e dyk, breed op 'en baen as dy't yn rampgebiet de lêste dingen dwaen, ear't alles oerjown wurdt oan sa't it komme moat. Nijs is ûnheil. Hja joegen 't praten oer en beare skriemrich fan berte, dea en sûnde. Bernelûden komme as forferzen knoppen om en leafdesklank forstjert yn geil gegniis. Yn 'e keamers sprekke âlde spreuken wiis op tsjin kitschmeubels as noedlike skatten hoede. Mar dwers troch finear en old finish brekke groeden: beammen waechse al as skimen yn har nij gebiet. Vorige Volgende