De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 14] [p. 14] Forlitten hjerst Yn koarts fan okergiel leit it doarp sa 't leit, bêdde yn rotsjende blêdden. In rút raest mei deade reklame to pronk, in doar gjalpt âlde tophits út, oer blommen foar finsters op 't suden, út giele kranten mei úttjirge koppen, slaen steatslju de útstoarne eagen op, sprekke op, sprekke ta, mei de earnst fan nommele deaden, mei de gloed fan úttsjinne blêdden. Tikjend falle ekkels op 'e dyk, de skille fan in winkeltsje slacht wach; in bern bliuwt by in auto stean en sjocht forheard yn 't blinkend nij muséumstik de tiid it izer fan 'e ploege slaen en leit de finger wifkjend op it seare plak. Giel ljocht floeit tobek yn waerme weagen to taesten en komt werom yn wurden op dit papier. Ald doarp wurdt hoede yn 'e earm fan it fers. Vorige Volgende