De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 13] [p. 13] De ald skoalgong Hommels yn 'e lift delsjitte troch koker tiid nei kelder doe. Op 't skuord terrazzo fan de skoalgong tusken klompen, petten, mantels stean to stoarjen, rûkend, hearrende to wêzen, syn kapstoknûmer, swart op giel, wer to lêzen; wer Amearika to ûntdekken en in wyld heechljeppend hynder yn 'e skurve griene ferve; de projeksje fan de ljochtbak wer op skean forried fan foarmen to bitraepjen en 't sjongen efter sletten doarren wer as skriemrich langstme skypje. Like hommels dan de opflecht en ûnwennich en forreizge wer op 't hjoedbalkon. Vorige Volgende