De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 32] [p. 32] Dichters utfeart Ik ha him twa kear sjoen as regisseur; de earste, by syn libben, naem er my geweken: - Flesk, stiet der, mar jo seine fleis, pûlemûle er keken. De twade kear roun ik troch lyklucht en odeur in doarpstsjerkje troch om nei syn lyk to sjen. Ik koe him daliks wer. Ik tocht: - Hy gniist warachtich. Dat wie dan in forsin. Mar 't wie net twivelachtich, dat hy, efter syn rút, de toutsjes yn hannen hie. It stik hiet: Sa bigraeft ús lân syn greatste soan. Notaris lies syn testamint de sibben foar. Elk song om 't hurdst syn lof, ien droech syn fersen foar. Doe mochten wy der út; mei geastfordriuwend klokfortoan gyng 't om de tsjerke: hy yn syn kiste heech foaroan. Hat er noch mear attraksjes, tinkt men, as men der sa rint. En ja, noch ien kear brocht de prins syn folgers út 'e skroeven: apothéose, negatyf - hy waerd net iens bigroeven. Vorige Volgende