De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 11] [p. 11] Oar chanson Beammen birûzje har simmer, har nocht, biklinke har hjerst, mei hurde blêdden oanstjittend, ûnwis tikjend de lêste synjalen. Dounsjende boppe, nêst iepen finsters, nêst dounsjende blêdden, ûnder in souder mei swaeijende lampen, stjitte wy oan mei glêzene skonken, mei hannen fan klinkend kristal. De eagen tichtdwaen en hearre. Yn reade gongen tikket it bloed de earste synjalen. Vorige Volgende