De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 10] [p. 10] Chanson Mei hûndert posten ien, ôfboekt as lang foldien, stiestou yn it foarbije to boek en 't kin net lije, datstou in neijer plak ynnimst as by it finster út to sjen oer 't lân, dêr't al dy hjerst bigjint. En mei dyn byld forwurdt it wurd dat dy biswart, dat dy wer wint. De tiid is stéfêst op syn plak, in helhoun, altyd like wach, dat net it fûle langstme dy bloedwaerm yn dit momint bispint. Vorige Volgende