De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 9] [p. 9] Foto Underantlit mei it antlit dat dy skôget djipforwoechsen skift, foar-byld, ré om to ûntkommen oan syn nei-byld, tweintich jierren djipper yn 'e tiid bibiten, partsje mei oan kleur en kromte, bochtsje dy, bislaen de romte wer yn waermens, libbenswier. Ik skril tobek foar 't glêdde glimkjen, spegele yn 'e deadske flakte fan it glêshurd brún bromide. Mar inkeld troch dat poalflak hinne kin 'k mysels biglide. Vorige Volgende