De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 8] [p. 8] Barbara Soms, libjend op wjukken fan laitsjen en spotske oerdwealskens, boustou dyn touterjend nêst heech oer har hollen, úit raffels fan charters en âld perkaminten, forfrissele mei grien, libjend hout. Soms, as gigante delbûgd oer 't wjirmjen, bigekstou hear-lik lok en lijen, priuwst har oergunst om dyn har-ûntkommen steat as drank yn 't klear kristal fan delikate romers. Soms, as in beam tsjin skurve, grien-birabbe muorre, sûge dyn woartels waechsdom út groun, dy't men forkomme liet, stalstou de gloed fan dyn forspijde bloeijen boppe it nuete krûd dat neat as tsjirmje kin. Heech yn 'e jountiid fan dit lân stiet dyn bûnte draek, dy't yn 'e sinne blinkt en dounset, Poëzij, barbaerske hetaere. Vorige Volgende