De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 5] [p. 5] Jan Wybenga Barakkekamp [pagina 7] [p. 7] Cui dono lepidum novum libellum Dichters mei wisse kollegestimmen driuwe har izeren oardiel troch hannen en fuotten fan 'e krusige muze, notearje yn nofteren formules har ûnpoëtyske oergong op it neat, de kontreijen fan abacadabra. Hwerom soe men noch skriuwe yn 'e geast fan dy sé, foer jaen oan 'e roppige tentamenrotten, oan 'e wetige kâldgnizers mei sterke syntaksbrillen, oan de stuorkegarjende pockethamsters, dy't dy geast oanpriizgje as a best seller for 3000 years? En ik, dy't yn it fers wenje woe as yn in wolken, sit foar gek yn it ljocht fan dit keal, neaken, noardlik lân, mei gjin treast as mysels, dy't himsels net treast is. Hwa oars kin ik dit nifelwurk fan wolkeflarden jaen? Vorige Volgende