Filmkronyk:
It neakene eilan
De Japanske regisseur Kaneto Shindo, dy't mei syn oangripende film Bern fan Hirosjima de wrâld syn oanklacht yn it gesicht slingere, hat him nou oan in eksperimint weage, dat yn Hollywood, dêr't men it yn it lyts bisocht, mislearre: Hadako no shima (It neakene eilân) is in film sûnder dialooch. Net in âlderwetske stomme film, hwant dêr is de stim fan de ierde en fan de sé, it lûd fan de dingen, mar de minsken swije. Der wurdt allinne ienkear lûdop lake en ienkeer hertstochtlik gûld. Dêr komt by dat der fan in forhael amper sprake is, fan in yntrige noch minder en ek net fan in slot. Men soe it in momintopname út it minsklik bistean neame kinne, in momintopname dy't tagelyk in drama is, dat jin fan bigjin oant ein yn spanning hâldt.
Op in lyts, woest rotseilântsje yn de baei fan Seto wennet yn in gefal fan planken en latten ien húshâlding, man en frou mei twa jonkjes. In geit en in pear gânzen binne har bisit oan fé, fierders moatte hja libje fan de risping fan it eilân, hwat swiete jirpels en hwat nôt. It laechje groun op 'e rots levert allinne hwat op, as it oanhâldend bifloeid wurdt, mar der is gjin drup farsk wetter op it eilân, it moat mei in boatsje helle wurde fan in great eilân yn de buert, dêr't de âldste jonge ek op skoalle giet. Man en frou slepe de swiere amers, foege tûnen, dei oan dei, wike nei wike, moannen lang by de steile rots op. It like monotone as fascinearjende ritme fan dit wetterheljen bislacht it greatste part fan de film. As de frou in kear stroffelet en der in amer wetter forlern giet, slacht de man har yn it gesicht. Hja fielt dit as in natuerlike réaksje, hwant it kostlike wetter is har libben.
Op in dei, as man en frou thúskomme, leit Taro, de âldste jonge, dy't hommels suk vuurden is, op stjerren. De dokter fan it greate eilân komt to let. Heit en mem meitsje sels de kiste en dolle sels it grêf op 'e top fan de heuvel. Swijend. De bern fan Taro syn klasse komme mei in geastlike op 'e bigraffenis. De âlden drage har bern nei it grêf en smite it ticht.
De oare deis geane hja wer om wetter en bifloeije har ikkers. Mar dan ynienen trapet de frou har amers om, skuort de jonge planten út de groun en falt langút del. Al har opkroppe smert boarst út yn in skreau, dy't jin troch alles hinne giet. De man sjocht it mach-