noch earder hwat fan Schumann tolânne as in Fryske amateurtoanielploech hwat fan Brecht. Dat sille hja op De Sweach ek witte en nou is de greate fraech oft it àl of net biwûndering fortsjinnet, dat hja lykwols Brecht spylje.
It foardiel, great toaniel to bringen moat dêrby ôfwoegen wurde tsjin it neidiel, dat it in ûnmooglike opjefte is om dizze stikken goed to spyljen. Deselde kar hast, dy't it sjongkoar hie: de lieten út it Frysk Lieteboek helder-op sjonge of de lieten fan Schumann bringe mei hwat falske toanen der troch hinne. De measten sille dat léste noch wol op priis stelle; it is op 't lêst Schumann! Allinne oan guon mei in muzikael gehoar - mar dy binne yn de minderheit - jowt it argewaesje.
De Sweach spile dus fan 't jier In minske sûnder wryt of slyt (Der gute Mensch von Sezuan), in stik, dêr't Freark Dam de oersetting fan makke. Dizze oersetting wurdt yn dit nûmer fan De Tsjerne troch Sjoerd Leiker bisprutsen, dus ik kin ta mei in pear yndrukken fan de première, dy't ik op in sneontojoun op De Sweach bywenne. It wie kertier oer ienen nachts, doet yn de epilooch de taskôgers der foar it lêst nochris op oanstien waerden om nei to tinken oer in útwei út it probleem, dat der foar de folslein goede minske yn dizze fordoarne wrâld gjin plak is. De wrakseling mei it probleem hat fjouwer en in heal ûre duorre en dat wie foar mannichien ryklik lang. De stourein en de kjeld bifoarderen de konsintraesje fansels net, mar it mankearre ek - binammen nei it skoft - oan it meinimmende en oertsjûgjende spyljen, dat dit slimme stik ta syn rjocht bringe moast.
As der ien in komplimint fortsjinnet dan is it de regisseur, de hear H.W. Janitschek. De regy is in probleem, op De Sweach; likemin as mei de stikken wolle hja mei de regy ek leafst al to ticht by hûs bliuwe. Alle jierren slagget it wer, immen to finen, mar der is in tokoart oan kontinuïteit yn de regy. Foar biropsspilers is dat gjin biswier; dy hawwe suver alle wiken wer mei oare regisseurs to krijen, mar foar amateurs dy't, wylst hja al spylje noch foarme wurde moatte, is dat tige slim.
Mar oars: de hear Janitschek hat der ûnder dizze omstannichheden gâns fan makke. Hy joech kleur en biweging oan dit stik; syn opstellingen wiene knap en it wie binammen oan him to tankjen, dat der goede mominten wiene.
It hat net folle doel en skôgje it spyljen kritysk. Elkenien, dy't hwat fan toaniel wit, sil tajaen, dat it spyljen fan dit stik foar in midsmjittige amateurploech in fiersto drege opjefte is. As út hiel Fryslân de bêste amateurs by elkoar socht waerden dan soe men jin oan sa 'n eksperimint weagje kinne; De Sweach soe dan Jan Radsma, Akke Radsma en Eppy Kylstra biskikber stelle kinne. Mar nimmen sil forwachtsje, dat it materiael foar sa'n great tal rollen tafallich yn Opsterlân by elkoar sit. It like der dan ek yn de fierste fierte net op.
En dêrom is De Sweach in probeem. De toanielmienskip dêrre hat syn pretinsjes: wrâldtoaniel, en net sa mar de earste de bêste regisseur. It wol it Fryske toaniel omheech stjitte. Dat is allegearre prachtich. Mar it mankearret krekt oan it iennige, hwer't dit mei birikt wurde kin: it spilersmateriael. Men kin jin oan de iene kant yntinke, dat sein wurdt: en wy dogge it dòchs, hwant wy bringe yn alle gefallen hwat goeds. Oan de oare kant is der it greate gefaer, dat de hûnderten, dy't hjir komme, in forkearde foarstelling fan de greate toanielliteratuer krije. Yn Diever is it bard, dat ploegen skoalbern,