Produksje en utjefte
In enquête útgeande fan de Stifting It Fryske Boek dy't fan 't jier 20 fier bistiet, hat ûnder 26 skriuwers útwiisd dat 67 hânskriften op útjefte lizze to wachtsjen, dêr't de trije Fryske útjowers dy't der op it stuit binne (Laverman, Miedema, Osinga) 38 fan ûnder hannen hiene. Yn in oplage fan 10.000 eks. hat de Stifting in prospektus útjown, dêr't sa'n 500 Fryske útjeften yn neamd wurde, dy't op 't heden noch yn 'e hannel binne. * Ta gelegenheit fan de Fryske Boekewike 1962 sille û.o. trije dichtbondels forskine, t.w. de sammele fersen fan J.H. Brouwer, in earstlingsbondel oranje paraplu fan Tiny Mulder en in werprinting fan It griene jier fan D.A. Tamminga, in lyryske syklus dy't yn 'e oarlochsjierren tomûk yn Amsterdam forskynd is.