De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 353] [p. 353] O. Postma: Yn Grinslan Sa'n fjirtich jier haw ik yn Grinslân tahâlden. Hast de helt fan myn libben haw ik der trochbrocht. En jimmer wer haw ik der nei stribbe it fryske karakter fan Grinslân oertsjûgjend iepen to dwaen, De terpen haw ik ôfreizge en de pleatsen haw ik biskôge; De âld-fryske taeldokuminten haw ik ûnder eagen nomd; En ik haw Helwert bisocht om my eat fan bard Bernlef foar eagen stelle to kinnen. Yn Grinslân haw ik myn measte fersen makke; Mar dy fersen hiene har libben almeast yn Fryslân; Dat wie it lân fan myn jeugd en myn leafde. Mar in inkele kear wie dêr in ljochte dei of in freonemoeting dy't syn eigen poëzij hie. Myn fersen koenen myn grinzer freonen ek net sa meinimme: It wie in ‘frjemde tael’ en it gong oer in oar lân. Hja seagen my mear as in man fan stúdzje dan as in dichtersman. Yn in grinzer encyclopaedie sille hja my bineame as in skriuwer fan lytse histoarjestikjes. Vorige Volgende