De Tsjerne. Jaargang 17
(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 342]
| |
J.P. Wiersma:
| |
[pagina *33]
| |
IDS WIERSMA
berne 1878 to Brantgum (tekening Louise Looxma) | |
[pagina *35]
| |
De yllustrator fan Rimen en Teltsjes bisjocht syn wurk yn it roefke fan syn trekskip
| |
[pagina 343]
| |
om't er bifreone wie mei de jonge skilder-tekener Ids Wiersma to Amsterdam, sei er wol ris hwannear't dy by him yn 'e winkel kaem: ‘Jonge, Wiersma, it soe my oars wol lykje de Rimen en Teltsjes op 'e nij út to jaen. Soe it dan net hwat foar Jo wêze om dêr printsjes by to meitsjen?’ It tinkbyld lake Ids Wiersma ta, sadanich, dat hy mar ris bigoun, as er yn Fryslân wie, mei om him hinne to sjen en fan inkele nijsgjirrige dingen sketskes to meitsjen. Wilens skreau er oan de hear Hylke HalbertsmaGa naar eind1), fabrikant to Snits en tante dy oft de famylje Halbertsma der foar to finen wêze soe syn tekenwurk foar in nije printing, sa't hy dat mei de boekhanneler bisprutsen hie, jildlik to stypjen. Men kin fan tinken ha, dat Ids Wiersma út 'e skroeven wie mei it folgjende briefke fan Halbertsma: ‘Sneek, 3 Oct. 1916. M! Ik kom even terug op Uw brief van 20 Sept. Nu gij zooveel ambitie hebt om de uitgave der R. en T. waardig en leuk te illustreren, wil ik gaarne finantieel dit illustreer-gedeelte steunen. Klop dus maar eens bij mij aan en de deur wordt dan opengedaan. - P.S. houdt er s.v.p. Van der Velde buiten, want ik meen dat deze meer koopman dan artist is’. Jierren letter skreau Ids W. my as taheakke op dit briefke: ‘De hear Halbertsma wist doe jit net fan de greate freonskip tusken útjower en oansteande yllustrator - dy't al bistie sûnt 1903 of '04’. Yn deselde snuorje skreau Halbertsma oan Wiersma: ‘Zooeven sprak ik de oude heer Hepkema. ZED. verklaarde zich bereid U in alle opzichten te helpen, want de Rimen en Teltsjes waren hem altijd een “tweede bijbel” geweest. Dus is U misschien daar aan het rechte kantoor.’ Soksoarte tatidingen treastgen Ids Wiersma oan om mei it meitsjen fan tekeningen troch to gean. Dêr kaem by: hy moast oan it wurk bliuwe om bistean te kinnen en binammen dit wurk koe, tocht him, ta in bilangrike opdracht útdije. Yn septimber 1916 reizget er nei Stiensgea en fynt dêr in typyske herberge, mei in taepkeamer dêr't de fjûrpot stookt wurdt ûnder de skou. Dat sil ien fan de earste tekeningen wurde dy't er útarbeidet as yllustraesje foar de Rimen en Teltsjes (sjoch de print fan it wâldherberchje yn De Reis nei de Jichtmasters). It is it jier fan de ûntbleating fan de tinkstien fan Waling Dykstra, nei ûntwerp fan Pier Pander (Ljouwert, 20 septimber 1916). Op de ‘Walingommedei’ to Amsterdam moetet Wiersma forskate foaroansteande Friezen; ek sjocht er dêrre: ‘in famke gol en blier - hja draecht de flodder mei swier - en 't hiele âlde habyt’. ‘Het begint nu aan alle kanten mee te werken’, skriuwt er Halbertsma (brief nov. '16). Dyselde simmers hat | |
[pagina 344]
| |
er to Grou, dêr't dr. Schepers him mei goede rie skewielt, sketskes makke fan ‘in swietkoekreame mei 't Halbertsma-nêst op 'e eftergroun’ en de oaljekoekkream fan de widdou Osinga fan Snits. Fierders makket er dêrre sketsen fan Hoaitse en Wobbel yn 'e Boalserter merke. Skielk hat er ek de skearwinkel fan Joute-baes, Jonker Pyt en Sibbel, de útfanhûzer by de boer, de rattelwacht en âld Janom yn skets; út tankberens biedt er syn opdrachtjower Halbertsma de originélen oan (brief 5-10-'16). Nearne lykwols kin ús yllustrator in faitonne fine. Yn Twizel kloppet er mar ris by juffer Simke Kloosterman oan. Hja is optein oer it plan om de Rimen en Teltsjes op 'e nij út to jaen; fansels is hja dalik ré om mei him by de boeren lâns to gean, hwant it leit har sa mar by, dat earne yn in âlde skuorre noch wol sa'n âlderwetsk rydtúchje stean sil to formôgjen. Yndied fine hja yn in skuorre op 'e Kollumersweach it seldsume rydtúch. Spitigernôch is de boer net by honk en de boerinne is lang net skoatich, dat der sit foar de juffer en har selskip net oars op, as mar ris wer to kommen as de boer thús is. De oare deis reizget de tekener op 'e nij nei de Kollumersweach; dan is de boer thús. Mar dy kitst alles ôf: hy wol der ‘gjin spul mei ha!’ Nidich as in spin jowt de tekener him fan 't hiem en klaget syn need oan in man fan kwizekwânsje op 'e Sweach. Dy persoan giet nei ‘dy stiifkoppige boer’ ta en preket him foar, dat hy yn it bilang fan de saek it forsyk fan de tekener ynskewiele moat, hwant in faitonne, sa'n ien as sines, is der yn hiel Fryslân net to finen. Lang om let kriget Ids Wiersma - hy is al wer yn Haerlem! - tynge, dat it foarinoar is en dat hy mar komme kin. Oer it forfolch skriuwt de tekener moai sur oan Halbertsma: ‘Weer in de Zwaag komende stond m'n wagen al in de skûrreed. Ik kreeg een kop thee - vuil water - in een klein soort waskom van geëmailleerd blik met bloempjes - méér dan de boer aan water gebruikt in een half jaar aan z'n hoofd en handen; met een stuk koek, dat in de petroleum was gesopt. 't Eene heb ik geloosd in de weitonne, om 't andere vochten de kippen als kemphanen... De faitonne heb ik getekend; die zal me heugen zoo oud als ik word’.Ga naar eind2) It is fansels net dwaenlik, de útjower der bûten to hâlden. Hy, Van der Velde, is yn 'e wolken mei it plan fan útjefte. Nei syn bitinken moatte der lykwols net al to folle yllustraesjes yn it boek, hwant dat soe de útjefte to piperich meitsje. Ids Wiersma wol der rjochtoarsom leafst in hiele soad printen yn ha; him tinkt, skriuwt er oan Halbertsma, dat it boek ‘zoo rijk | |
[pagina 345]
| |
mogelijk’ yllustrearre wurde moat. ‘Hoe it dan met die kosten komt, dat zullen we in Godsnaam maar zien; maar in geen geval mag zoon werk er in figuurlijke zin gesproken “goedkoop” uitzien. Het moet er zóó uitzien, dat de oude Friezen en Friezinnen, die nog veel van die oude toestanden hebben meegemaakt, zitten te vloeken en te beven van genot, want het is me niet te doen om deze Rimen en deze Teltsjes te verduidelijken, maar het gaat er hier om in zoo'n prachtwerk het tot vergetelheid gedoemde, karakteristieke Friese er in beeld naast te geven’ (brief 20-9-'16). It ‘klimaet’ yn Fryslân is foar de nije útjefte ridlik gunstich. De kampslaggen tusken Jongfriezen en Selskipmannen skerpje de geasten op; dingen as ‘tael’ en ‘dialekt’ wurde yn krante en tydskrift opekere en fan hieltyd mear minsken yn bitinken nommen. Der is in nije oandacht foar folkseigen saken kommen, men kin suver hast fan in ûntweitsjen sprekke. Hwannear't Sjouke de Zee op it podium Werberte fan Kalma foardraecht en hy de seldsume njonkenstelling Grikelân-Fryslân de harkers yn de earen tongert, dan sil mannich âldere yn de seal soks mei in meilijich glimke oanhearre miskien, mar de jongerein sit mei oerjefte to harkjen; en as dan de einstrofe klinkt, mei de rigel ‘Hwant yn Fryslân by de marren is har priel wer riisd’, mei hwat noch folget, dan sitte de jonge minsken to rideljen op 'e stuollen en it striefjûr fan opteinens lôget op yn gleon hantsjeklappen: in ovaesje yn Fryske foarm, dêr't de foardrager mei in hast prinslik gebeart de harkers foar tanket. Op de earste lângeanne fan de Jongfryske Mienskip yn augustus fan 1917 yn Snits, dêr't it Jongfrysk Sjongkoar in wurklist fan inkeld Fryske sangen to'n útfier bringt, sitte tusken de rigen Jongfriezen forskate Selskipsmannen (bygelyks Veendorp en Sieger Baukema) en foaroansteande lju út it Kristlik Selskip (byg. Wumkes, Wendelaer Bonga, M.S.E. Visser). Foarsitter P. Sipma sprekt dizze foar mear as ien harker nij-klinkende wurden: ‘Wy (Jongfriezen) bouwe gjin Sjineeske muorre om ús hinne. Bihalven Friezen wolle wy wrâldboargers wêze. Wy wolle in Fryske folksmienskip yn it Fryske lân. Under ús findel is plak foar eltse Fries’. Ids Wiersma heart it nije lûd ek wol. Hy stiet yn de Fryske biweging oan 'e selskant. As yndividualistysk kunstner moat hy neat ha fan al dy ‘drokte’, neat fan al dy ‘Fryske Bounen’. Hy is in goede Fries, in echte folksman - it Fries-wêzen hoecht men him net oan to rikkemandearjen. Ek de útjower Van der Velde giet ‘it nije’ to fier, mar lju fan beide kanten komme | |
[pagina 346]
| |
by him yn 'e winkel... Op in kear, dat prof. Buitenrust Hettema by him is en op dat stuit in Jongfries troch de doar komt, wiist er de prof tomûk op de ‘nijljochter’... en de learde man sjocht opmerksum dy kant út, hwant to Dimter kriget er net alle dagen in échte Jongfries to sjen! Mar dit stiet foarop: de nije útjefte fan de Rimen en Teltsjes is in saek foar it hiele Fryske folk: Jongfriezen én Selskippers en hwat om dy skiften hinne libbet. Lokkigernôch is it mooglik de progressive dr. Wumkes en de konservative Onno Sytstra to winnen foar meiwurking oan de útjefte. Ids Wiersma is tige to sprekken oer de stap dy't Halbertsma docht: dy noeget Wumkes by him oan hûs om oer de útjefte oer to lizzen; Wiersma neamt de Snitser domeny de ‘faendeldrager fan de Rimen en Teltsjes’Ga naar eind3) De yllustrator wol earst ek mei Onno Sytstra prate. Hy wol dan ‘in wiete skûteldoek meinimme, hoewol't dy faeks net nedich is’, skriuwt er oan Halbertsma. In pear moanne letter petearret er mei dr. Wumkes to Snits; hja Biene oer de yndieling fan it nije boek to riede. Wumkes is fan bitinken, dat yn de útjefte foaropgean moat in biografyske ynlieding neffens de easken fan 'e tiid. Hwant hwat Eekhoff en Colmjon skreauwen foldocht net mear. Ids Wiersma is bliid mei de meiwurking fan de domenyhistoarikus. Oan Halbertsma skriuwt er: ‘Dr. Wumkes is alhiel gleon! Hy praette der fan, of't koe, om Sinteklaes hinne al in earste diel, de lapekoer, de wrâld yn to stjûren... Ik koe sa gau net in wiete dweil bisette, oars hie 'k dy kletstrochwiet om syn earwearde holle bruije wollen: nou moast ik him bidimme mei in pear skildereftige halen oan myn winkbrauwen en sêfte, maklike wurdtsjes. Mar hwat oars in nocht om mei dy warbere man to arbeidzjen’ (brief 27-10-'17). De saeklike opset fan de publikaesje is jit gjin risselwaesje mei makke. Utjower Van der Velde rekkent yn in brief de hear Halbertsma tofoaren, dat de útjefte f 4000, - à f 5000, - kostje moat. Dy ûndernimming wurdt him allinne to mânsk, skriuwt er. En hy forfettet: ‘Ids Wiersma soe by inkelde stikken in plaetsje meitsje, mar hwat mear dy him der yn jowt, hwat mear byt hy krijt, hwat breder hy dit spul opset: wy hearre nou al fan sa'n hûndert yllustraesjes. Mar as de famylje Halbertsma de útjefte stypje wol, dan soene wy alhiel út de brân komme kinne. Dan soe dit moaiste Fryske boek foar in binlike priis yn 'e handel komme kinne’ (brief 20-9-'17). Dr. Wumkes klampet Halbertsma oan. ‘Justerjoun - sa skriuwt er him 11 oktober '17 - haw 'k de skilder Ids W. wer by my hawn. Hy sit eigentlik to wachtsjen op it wurd dat seit: | |
[pagina 347]
| |
Gean troch, en hjir is Jild! Mei oare wurden, hy wachtet op de stipe fan de Maecenas, dy't de pracht-útjefte fan de R. en T. oan it Fryske folk jaen wol. Van der Velde hat my sein, dat as Jo de stipe joegen fan sa'n f 1500, - foar de biwurkers fan it boek yn wurd en byld, hy de saek oandoarst. Oars net.’ Njonkelytsen komt Halbertsma út 'e rie. Op 25 oktober '17 skriuwt hy dit brief oan de yllustrator: ‘Ik prakkesearre en prakkesearre, en de tiid gyng syn gong. Myn plan wie net om safolle jild oan de saek to jaen, mar doet de boel oars fêst roun tocht ik, lit my yn iens goed sizze foar tûzen goune. Ien patsje eint mear as hûndert leafdesbrieven, dat murk ik dalik, hwant nei dizze tasizzing - klear wie 't spul?’Ga naar eind4) Yn novimbermoanne krije de leden fan de Halbertsma Famylje-Stifting it folgjende rounskriuwen tastjûrd:
‘Sneek, Nov. 1917.
Geachte Familie-leden,
De uitgeverij R. van der Velde te Leeuwarden heeft het plan om de Rimen en Teltsjes van de “Bruorren Halbertsma” opnieuw uit te geven. De laatste oplaag, de 4de, is geheel uitverkocht en nog steeds is er voortdurend vraag naar dit volksboek bij uitnemendheid, waarin het Friesch-Nationale is vastgelegd. Om in de geest der Halbertsma's voort te werken en dit volkseigene te sterken, is het van belang, dat de nieuwe uitgave goed voor den dag komt. Het plan is om het boek te versieren met illustraties, waarvan de motieven door de Friesche teekenaar en schilder Ids Wiersma met groote liefde en toewijding worden gezocht en bewerkt. Hij zwerft heel Friesland door om te trachten de voorbijgegane samenleving van Oud-Friesland weer voor ons in beeld te brengen. Enkele teekeningen heb ik gezien en die zijn raak, o.a. die van De reis nei de Jichtmasters. Van de drie gebroeders Joost, Eeltje en Tjalling heeft hij ook zeer mooie portretten in penteekening gemaakt, die in het boek worden gereproduceerd. Het portret van Tjalling is gemaakt naar een crayonteekening, die in mijn bezit is en heel sprekend gelijkt. Verder zullen het Aldershûs te Grouw, de boeier Gysbert Japiks van Eeltje en meerdere zaken, die het familieleven onzer grootvaders raken, worden opgenomen. De uitgave van dit werk kost, ook door de bijzondere tijdsomstandigheden, veel geld. En zal nu deze pracht-editie een “volksboek” blijven, dat ook voor de kleine man bereikbaar is, dan dient er financiële hulp te komen. De uitgever heeft een zuinige berekening gemaakt en moet f 1500 à f 2000 subsidie hebben. Ik zelf neem de helft voor mijn rekening. Maar gaarne zou ik van U vernemen of U “uit aandenken” met mij wilt meewerken om deze uitgave te bevorderen, en verzoek ik U mij liefst per omgaande of uiterlijk vóór.... op te geven welk bedrag U wilt doteeren. Nog zij U gemeld, dat de Friesche historicus dr. G.A. Wumkes heeft toegezegd een literair-biografische Inleiding te zullen schrijven, waar | |
[pagina 348]
| |
in veel nieuw materiaal uit de papieren nalatenschap van ds. Joost is verwerkt. Voor de tekstbewerking zal de Friesche schrijver Onno Sytstra zorgen. Indien U er prijs op stelt, is de schilder Wiersma stellig bereid één of meer der op te nemen origineele teekeningen voor Uw stipendium ter Uwer beschikking te stellen. In afwachting van Uw beschikking in dezen, noem ik mij na vriendelijke groeten HYLKE HALBERTSMA, Stationsstraat 166.’
De yllustrator fart mei syn wurk fuort. Dat syn bileanning nou sa fêst as de bank is, is him in noed minder. Hy hat Halbertsma der net ûnkundich fan litten, dat it by him thús soms skraebjen om 'e kant is. ‘Want behalve een kleinigheidje voor een pijp tabak, ben ik platzak, geheel platzak’ (brief 29-3-'13). In pear moanne letter is er út 'e niten. ‘Fan dr. Wumkes krige ik fan 'e wike de blide tiding dat Jins nobele tasizzing foar finansiéle stipe foar my oangeande myn wurk foar de R. en T. swart op wyt forsekere is. Nou oan 't wurk!’ (brief 21-10-'13). En op 25 oktober skriuwt er oan syn Maecenas: ‘Tank foar 't jild foar turf en pikelflesk, zegge f 250’. Hy reizget nei Heech, dêr't it jacht fan notaris Tadema silliger leit; dat sil him as model foar dokter Eeltsje syn fartúch Gysbert Japiks tsjinje. Printen fan de âlde Beslinga-state to Friens en fan de Waech to Grou djippet er út portefúljes (Frysk Museum?) op. Om de Noarger rún to tekenjen, swalket er in dei op Burgumer hynstemerk om. Der komt nou skoat yn 't wurk. Op syn reizen moetet Ids Wiersma Aldselskippers en ek Jongfriezen. De ‘problematyk fan de dei’ hat er syn eigen bitinken oer en hy is der net skou fan dêr sines fan to sizzen. De kreauwerij tusken Fryske foaroanmannen, soms op prosessen, faek op neat útdraeijend, wearzget him. It is de tiid fan it Jongfryske moanneskrift Frisia, dat in soad yntekeners hat. Nije útjeften as It Sjongende Fryslân en it Harmen Sytstraboek jowe stoffe ta praten en strideraesje. Yn de brieven fan Ids Wiersma oan Halbertsma to Snits stiet mannich stikeltsje op de Jongfriezen... ‘mei har oeribel moaije wurden en wurdkes, har epistels sûnder fouten’ en harren oanwenst om ynsté fan Utrecht, Den Haag en Haarlem: ‘Utert, De Haech en Haerlim’ to skriuwen. It is klear: Ids Wiersma fielt him gjin Jongfries! Wilens dielt er Halbertsma mei, dat er forfarre sil ‘fan Hollâns blommestêd nei it hertsje fan de Fryske Wâlden: Drachten’. Hy is bliid dat er ‘yn dizze kranksinnige tiden’ yn Fryslân wenje sil, hwant, skriuwt er, ‘hjir binne grouwer en fetter wjirmen to finen en men hoecht der net sa fûleindich foar to skrabjen en to klauwen, dat it bloed jin ta de teannen útrint.’ | |
[pagina 349]
| |
Foar syn wurk is it folle gaedliker yn Fryslân to wenjen. ‘Ik sit dêr tichter by 't fjûr; 'k ha mar in hân ta de foar- of efterdoar út to stekken, dy hân ticht to knipen en 'k ha wer in wâldmantsje by syn rûpske plasse.’ De nije Rimen en Teltsjes wurde printe yn Hepkema's printerij op It Hearrenfean. Mar - oan de berte fan dat boek geane ‘ûnhjirmelike wéën’ foarôf, skriuwt Wiersma oan Halbertsma. Dêr komt jit by, dat de printer brek oan branje hat, sa slim, dat syn bidriuw faeks wol stilset wurde moat - ‘en nou leafst as in razende it wurk dien hawwe wol' (brief 16-7-'18). De tekener sels sit tangele mei in fûleindige pine yn 't ear; it is de tredde krupsje al dy't my bisiket, in gefolch miskien fan it aloan pikerjen: hoe sil it komme!’Ga naar eind5). Der komme noch oare tsjinstuiten. It klisjéfabryk docht wol syn bêst, mar der komt wol ris in klisjé werom fan it formaet dat net opjown is. Utjower en yllustrator kedize, dat de kop fan Eeltsje greater sil as de koppen fan Joast en Tsjalling - foar Eeltsje syn portret sil in hiele bledside nommen wurde - ‘omdat dy rike libbene kop ús to pakken hawwe wol op it papier dat ornearre is foar de boekwurken. Ik ha Dokterom noch efkes ûnder hannen hawn en 't portret fan de man, dy de helte fan syn libben op 't wetter omtoarke, mei motyfkes út it wetterlân (opsnolke): ûnderoan it altyd biweechlike wetter (golfmotyf) en dêrút nei boppen ta de pylken fan fornuft (motyf “pijlblad’)Ga naar eind6). Yn jannewaris 1919 krijt de yllustrator syn sawntichste print ré. Printerstwang needsaket him om avensaesje to meitsjen. Yn 't hertsje fan 'e winter - hy is noch lang net ‘de âlde’ (‘je fiele je suver in floeipapieren mantsje’) - ûndernimt er de reis nei Abbegea: de moarns om fiif ûre mei it Drachtster boatsje nei Snits; ûnderweis tusken seizen en sawnen rint it boatsje fêst yn 'e blaumodder fan de petgatten fan Smelle Ie; sadwaende komme hja goed alve ûre yn Snits - en al dy drokte en dat ûngemak om dat lytse Abbegea by Drylts to tekenjen: in kwestje fan in heal ûrke... En dan op 't aldergaust de jouns alve ûre thús. Men moat der hwat foar oer ha: it is gjin wurk dat mei hwat fantasije út 'e mouwe skodde wurdt, sa skriuwt hy oan HalbertsmaGa naar eind7). Dat it resultaet soms swier helle wurdt, lit de tekener trochskimerje yn in letter briefke: ‘gjinien dy't der bigryp fan hat, dat ek sok wurk as boek-yllustrearjen in swiere kream trochmeitsje moat.’ De tiid dy't er foar dat wurk nedich hawwe soe, hat er forkeard rûze; hy hat ‘de flater bigien om to tinken, dat ik sa'n stik wurk yn in grou jier útfiere koe; mar dat | |
[pagina 350]
| |
komt, de film-geast sit yn it minskdom - en sels is men diel fan dat minskdom fan de tsjinwurdige tiden.’ Lang om let - yn 'e foarste helte fan maeimoanne '19 - komt syn wurk foar de Rimen en Teltsjes klear. Oer de manear fan printsjen fan it boek is er net sa bêst to sprekken. Hy skriuwt oan Halbertsma: ‘Yn fortrouwen sein tsjin Jo - is 't my lang net nei 't sin gien op dy krantedrukkerij fan Hepkema. Alles haw 'k sa folle mûglik foarkôge en dochs binne der ûnhandichheden bard yn it wurk dêr't alle smaek en logyske gedachte op 'e rin is; de lju dêrre hawwe gjin greintsje smaek hwat sok wurk oanbilanget.’ Ut 'e korrespondinsje docht bliken, dat Ids Wiersma ‘yn noed en soarch’ siet, dat it nije boek der ‘sa earmtlik útsjen soe mei dat twa-kolom-systeem en dy soarte fan Hepkema-kranteletter.’ En dochs - by eintsjebislút is ús tekener dochs wol op 't snjit mei de útjefte hwannear't dy kant en klear is. Halbertsma sjocht by boekhannel Van der Velde it nije boek lizzen, ja, hy kriget it earste eksimplaer mei nei hûs. Optein skriuwt er de yllustrator:... ‘En nu wil ik u zeggen dat ik geheel verrukt ben over de uitvoering... Mocht gij later nog weer eens wat voor het behoud van Frieslands historie en verleden op touw zetten en u hebt steun nodig, laat het mij dan eens weten.’ In wike letter skriuwt deselde oan Ids Wiersma: ‘Ik hie plan om juster nei Van der Velde to gean. Der is noch wol hwat yn 't potsje en as it Van der V. goed is, dan is it foar Jo bistimd. It duorret allegearre sa lang dat it my hast al wer út de kop wie.’ Grif moat Halbertsma rom foldwaning field hawwe, dat hy de foar dy tiid sa royale, ja prachtige útjefte mei mooglik makke hat. Fan alle kanten heart er hoe't de minsken it boek priizgje. Syn neef, dr. S.J. Halbertsma to Rotterdam, skriuwt him - en dêr is it miene bitinken fan de famylje Halbertsma mei sein: ‘Hoe meer ik in de 5e uitgave van de Rimen en Teltsjes blader, des te meer ben ik er mee ingenomen... Ik houd mij overtuigd dat gij heel veel plezier van uw niet geringe moeite en kosten zult hebben. De geheele familie Halbertsma hebt gij aan u verplicht.’ Ek is der krityk op de tekener syn wurk, hwat blykt út de folgjende sin fan dr. S.J.H.: ‘Over het algemeen vind ik de teekeningen gelukt. Natuurlijk zijn ze niet volmaakt. Van de drie portretten vind ik Joost uitstekend, grootvader (t.w. Tsjalling Hiddes) heel goed; oom Eeltje matig, hij is te zwart gemaakt. De vrouwen zijn niet erg gelukt. Van Sibbel, die mooi moet zijn, maakt hij een lelijke dikke vrouw, pag. 24. Maar de meeste teekeningen zijn alleraardigst en het | |
[pagina 351]
| |
geheel is een lust voor de ogen en voor het hart. De voorrede of liever levensschets van dr. Wumkes las ik met het meeste genoegen, hij is een baas! Ook Sytstra's foarwurd is te prijzen.’ Oer it eigendomsrjocht fan de originéle printen fan de tekener hat tusken him en boekhanneler Van der Velde strideraesje west. Wiersma skriuwt oan Halbertsma: ‘It docht my sa'n ynderlike nocht, dat Jo sa to sprekken binne oer de R. en T., en hwat nou dy tekeningen oangiet, hearde ik lêsten fan Van der Velde, dat hy der sa mei ynnaem isGa naar eind8). Ik sei: “Ja, mar hou ris efkes; sà stiet it spul, haw 'k Jo dat yndertiid net sein!” Hwant dit soe nou hwat al to foardielich útjaen wurde: de tekener net bitelje en dan wol syn wurk krije’ ('brief 13-10'19). Yn dy saek stie de tekener as in peal. It eigendomsrjocht fan syn originéle tekeningen foel ta oan de man, dy't it meitsjen derfan mooglik makke hie: oan Hylke Halbertsma. Dy hie yn syn rounskriuwen fan novimber 1917 syn sibben witte litten, ‘dat de schilder Wiersma stellig bereid (is) één of meer der op te nemen originele teekeningen voor uw stipendium ter uwer beschikking te stellen.’ Hoefolle famyljeleden sa'n tekening krigen ha, is net bikend. Fierwei de measte printen binne yn portefúljes nei Snits ta gien; nei de dea fan Hylke Halbertsma (1932) binne se deponearre yn it archyf fan de Halbertsma Famylje-Stifting, jierrenlang mei soarch biheard troch dr. Tjalling Halbertsma to Haerlem. Foar de lettere printingen hat de archivaris, op forsiik fan de útjower, mei de greatste réwilligens de originéle printen biskikber steld. |
|