De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 340] [p. 340] Teije Brattinga: Farwol oan in hus Ik boude it hûs dêrre, mem. Né, dy kant net út: dêr wie it to tsjuster. Dêr reint it ek sa faek, in nearzich moudzjen skrousk en kâld. Ik boude it hûs dêrre, mem, fan lichte stiennen út it fjild; hwant dêr wie it ljocht oars as hjirre. Ik miende, mem, it is dêr griener, suverder mei in feller libben as soe it hert dêr elke dei mei foarjierssinne as koestering opspringe fan wylde blydskip. Dat hat myn hert ek dien, mem, mar it koe dat net fornearje. To sterk, tink ik, wie dy wille, to fûl it bounzjen fan it hert, en ik wenje dêr net mear. It hûs is leech en koel wol ik leauwe. Nimmen bleau en ik bleau wei, ik doarst net mear to kommen, mem, it gean dêrhinne die my sear. Sille wy dan nou werom, werom net hûs? [pagina 341] [p. 341] Swart nontsje In blom, yn maitiid woechsen, fordûnkre yn har lette hjerst, sa bidt de non yn donkre knibbelbank. En yn de stille middeissinne bloeit har wêzen, allinne hinnebûgend nei de Hear. Har rok is swart, roungear de rêch, har antlit is fortoarre; It fyn satyn fan 't froulik wêzen is toskronf'le by it lêzen fan meditaesjeboeken, gebedeboeken dy't forslieten troch de tiid. It nontsje bidt; de sinne skynt troch kleurde glêzen dimme. Der is gjin lûd dat brekke kin de stilte. En net bidekke kin har nachtswarte pij in fjûr dat ivich barnt. Vorige Volgende