Sjoerd Leiker:
Brecht op 'e sweach en yn pocket
Bertolt Brecht, In minske sonder wryt of slyt, in parabelstik. Oersetting: Freark Dam. Drachten - 1962. Drukkerij en Utjowerij Laverman N.V.
It lêste dat immen ûntdekt dy't in boek skriuwt is hwer't er bigjinne moatten hie, seit Pascal. Dêrom folget hjir foar dyjingen, dy't net op 'e Sweach west hawwe, in gearfetting fan de ynhâld fan boppeneamd stik, dat nou as pocket útkommen is.
Trije goaden komme op in jountiid yn de stêd Sezuan en fortelle oan de wettersutelder Wang dat de wrâld bliuwe kin sa't dy is as der genôch minsken sûnder wryt of slyt foun wurde. - Hwa sil dizze goaden, dy't wurch binne, foar ien nacht bêdzje wolle? Grif eltsenien wol, seit Wang. ‘De hiele stêd ha jim ta jim foldwaen, o Heechforhevenen.’ It draeit der lykwols op út dat de goaden oeral foar de winige doar komme, útsein by de prostitué Shen Te, dy't seit: It past my min, mar toe dan mar.
De goaden helpe Shen Te op streek mei in kaptaeltsje, dêr't in tabakswinkel fan kocht wurdt. In fatsoenlik libben heart nou ta de mooglikheden fan it goede minske, mar as de waermmielrinders har oermânsk wurde, kriget Shen Te foar it forstân dat it mei gauwens mis rinne sil. Hja set in masker op, hja forklaeit har as man en krûpt yn 'e hûd fan in sabeare neef Shui Ta, in spikerhurde sakeman, dy't alleman oan it wurk set.
De wurkleaze piloat Yang Sun, dy't mei Shen Te trouwe soe, net út leafde, mar om har jild en dy't har ôfstegerje woe as er de bút binnen hie, wurdt de wrede prokuraesjehâlder fan Shui Ta.
Yn dizze neare wrâld fol wredens en earmoed, fol selssucht, pine en leed moat de minske bisykje goed en ûnselssuchtich to wêzen en dochs net oan krapperein to kommen. Shen Te wol dat net slagje. As hja de mylde en eltsenien tagediene Shen Te is, wâddet eltsenien oer har hinne. As hja har foardocht as Shui Ta krûpt eltsenien foar har yn it stof.
Shen Te (Shui Ta) ken gjin tuskenwei. As hja weromtwongen wurdt op 'e wei fan Shen Te stiet hja yn it oardiel, dat útsprutsen wurdt oer Shui Ta.