| |
| |
| |
Geart Jonkman:
De totospiler
In lichtfuottich simmerforhaeltsje
Doede Nannes Numan, de boekhâlder fan it toeringkarbidriuw Fierder Om Utens, in sljochtwei mantsje mei troude bern en in ynkommen fan sa'n seistûzen goune skjin op 'e hân, oer alle boegen op 't snjit mei wiif, wurk en libben, draeide op in winterske sneintomiddei de knop fan syn distribúsjetastel om.
- Hwat nou, sei de frou, wolst ús eigen sinder der net foar hawwe? Dy is fan 'e readen.
- Dat let neat, is is kertier foar seizen, ik wol aenst de fuotbalútslaggen hearre.
- De fuotbalútslaggen?! Mar Doede... dou harkest op 'e dei des Hearen dochs net nei fuotbalútslaggen?! Dou hast de bern altyd foarhâlden...
- Ja, dat wie doe, Sjoerdtsje; de tiden foroarje en nei de birjochten hearre mei gjin kwea.
- Soest' dat nou wol dwaen, Doede?
- Och, eartiids mochten wy ek al net fytse en nou fytst elk op snein.
- Dat leit dochs even oars, Doede...
- Nou, 't let ek neat, ik wol witte oft ik hwat woun haw.
- Woun?!
- Ja woun, ik spylje mei yn 'e toto.
Sjesa, it hege wurd wie der út, hy hie 't dochs net stilhâlde kinnen en it wie mar in aerdichheitsje.
- Mar Doede!
- Ja, hwàt nou fanke? Ik bin totolid wurden by de Boys, dat is alles. Sa mar foar de aerdichheit... O, dêr is 't nijs, hy kin aenst wol even lûder as de sport der foar komt. Stel dat ik se alle trettjin goed hie Sjoerdtsje, dan soest wol oars prate.
- It is net goed, Doede, der rêst gjin segen op, ek al soest hwat winne. Mar wy binne der de lju net neffens en winne hwat.
- Dat witstou net. It soe oars al in stik bûter yn 'e brij wêze, fyftichtûzen goune.
- Fyftichtûzen, seistou?!
- Ja, Sjoerdtsje, dat sei ik.
- Moat er net hwat lûder, ju?
Ha, se waerd al oars. Hy draeide de knop hwat nei rjochts en de stim fan it A.N.P. dreunde troch de keamer. Hy wie yn
| |
| |
'e groun net in man fan lotterijen en sokke merakels, mar och, de soan fan 'e baes hie him al sa faek saend en maend om mei to dwaen, dat fuort mar. Men moast op 't lêst ek net al to rjochtfeardich wêze. Hy soe wol neat winne, welné, it moast in aerdichheitsje bliuwe. En hwerom soe hy net in aerdichheitsje op snein hawwe? De minske wie der net om 'e snein, mar de snein om 'e minske, moast professor Van Stempvoort okkerdeis sein hawwe. Binammen foar de kristenminske moast de snein in feestdei wêze en gjin forfeeldei.
Kom, hy soe potlead en papier krije... de deale, dêr wiene de útslaggen al, mar gau even op 'e rânne fan 'e krante... Blauw Wit-M.V.V.: 3-2, dus in ien opskriuwe, Volendam - G.V.A.V. - wer in ien... hy hoegde allinne mar ien, twa of trije op to skriuwen, al neigeraden de ploegen it woun of gelykspile hiene. Hy skreau in hiel rychje op: 1-1-1-1-1-1-2-1-3-1-1-2-2-1-1-2-1-3. Sa, nou hie er grif al mear as genôch, it gyng om trettjin, en hy hie al achttsjin, de lêste fiif koene wol skrast wurde. Nou noch forgelykje mei it totoformulier. Hy helle it formulier út 'e portefúlje, dy't er fan 'e bern ta sinteklaes krige hie, en lei dat nêst de krante op 'e tafel. Even sjen... yn 'e tredde kolom wie de earste goed... de twadde ek, nou de tredde, ja, de fjirde, ja... de fyfte, já. It bloed roun Doede Nannes Numan allegearre nei 't hert, de fyfte, de sechste, sawnde... allegearre wiene se goed, alle trettjin. Hy wie suver forslein en houd de tafel mei beide hannen beet.
- Hwat haste, hwat is der?! rôp Sjoerdtsje binaud.
- Stil, stil... o, it is hast net to leauwen... alle trettjin goed.
Sjoerdtsje seach dat har man wyt om 'e holle waerd en ynienen bisefte se dat er in soad jild woun hie. It bûsdoekje dêr't se krekt har bril mei himmelje soe, foei har út 'e hannen en se waerd sels sa wyt as sûpe.
- It is dochs net wier, Doede?
- Fanke, sjoch dan. De earste kear en daelk alle trettjin goed... ik kin 't sels ek mar amper leauwe.
- Hast dy net forsind, Doede?
- Och fanke, hjirre, sjoch dan sels. Hwat stiet hjirre? Moai, in ien. Sjoch in krúske yn 't earste fekje fan kolom trije. Né, dêr hoechst net nei to sjen, de tredde kolom is allinne goed. Hwat stiet hjirre? Moai, wer in ien. En dêrre? Moai, En dérre, moai. Sjoch, hjir stiet in twa, en dêrre? Moai. Sjoch nou ris fierder. Ien, ien, twa, twa... alle trettjin goed. Alle trettjin, hearst it fankel Fyftichtûzen goune!
En doe die Doede Nannes Numan hwat er op ljochtskyndei
| |
| |
al yn gjin jierren mear dien hie, hy loek syn âld wyfke - hou, hou, se moast noch sechstich wurde - op 'e knibbel en tute har. Net ienris mar tsienris. Hy tute har dat it sta sei, dat it klapte. En dan woene guon lju jin ek noch wysmeitsje dat jild gjin gelok bringt... hja wiene ommers sa bliid as protters!
- Fanke, fanke, hwa hie dat tinke doard?!
Doede Sjoerdtsje koe wol skrieme fan blydskip en tankberheit. Fyftichtûzen goune! Mar al wie hja der wis fan dat Doede dy woun hie, jinsels hwat to pinigjen mei de twivel hie èk syn bikoaring - syn binearjende bikoaring, om it mar krekt to sizzen.
- Siz Doede, nèt dat ik alles heard en folge haw, mar bist der wol wis fan datstou se allegearre op 't rychje-ôf goed hast?
- Fanke, fanke, hwat is dyn geloof wer lyts! Wês nou bliid en...
- Dus, dou bist der wis fan dat wy fyftichtûzen goune woun hawwe? It is suver to moai, Doede; as hjir mar gjin dalje op komt.
- Och fanke, skammest dy net? Moast nou net psalmsjonge ynsté fan stinne?
Man en frou seagen elkoar laitsjend oan. De earst sa wite gesichten wiene nou gleonread, it lok sette harren nei de holle. Fyftichtûzen goune, dat liigde der op 't lêst net om.
- Mar as der nou nòchris !en is dy't alles goed hat, Doede?
- Och ju, as wiene der twa bûten my, dan soe der nòch neat stikken wêze. Der sit foar de earste priis dit kear mear as oardel ton yn 'e pot neffens Jehannes fan 'e baes, en dy spilet alle wiken mei, dy wit it wol. Dy fyftichtûzen kinst' mar op rekkenje.
- Mar as der dan ris tsien binne, dy't alle trettjin...
- Sjoerdtsje, Sjoerdtsje... in healûre lyn hiene wy neat. Neat as dy pear luzige sinten op 't boekje, seishûndert goune op 'n moaisten.
- Sawnhûndertfyftjin goune en trettjin stûren.
- Nou ja, dat makket neat út, in bûssint, mear net. Hawar, litte der tsien wêze, dan bar ik nòch sa'n sechtjin, sawntjin tûzen, hearst it. Net sechtjin, sawntjinhûndert - sawntjintûzen! Mar gekheit allegearre, der binne gjin tsien, der hawwe noait mear as trije west neffens Jehannes.
- It wol oars gauris sa treffe, Doede; ús soarte lju...
- Sjoerdtsje, fanke, sjoch hjir dan, hjir! Alle trettjin goed, it kin net misse. Wy binne ryk, siz ik dy.
- Nou, wy moatte it ynearsten mar hwat stilhâlde. As doomny der aenst fan heart, hwat dan Doede?
| |
| |
- Hwat dan, hwat dan?! As ik in bankje fan tûzen yn 'e pong triuw, wol doomny wol yn goedens. Dan wit dóómny wol hoe let it is.
- Hoe let it is, just. Hy wit dan moai krekt hoestou oan dat jild kaem bist. Yn goedens seistou, ik bin bang dat er de tsjerkeried der yn bihellet.
- En hwat dan nòch? Is doomny altyd op syn plak? Sjesa, nou binn' wy der, elk hat genôch oan himsels. Ik ha 't op 't lêst net stellen, wol?
- It is my suver to moai... as it nouris sa wie...
- It is sa en wês der bliid mei.
- Wy moasten der mar in húske fan sette litte op 't Amelân, Doede.
- Ja... dêr seist hwat; dat kin ek noch forhierd wurde as wy der net binne, dêr is noch in moaije sint út to meitsjen.
De forbylding bigoun to wurkjen, it húske waerd in bungalow en de bungalow waerd fan al dy moaije sinten in bungalowkamp, in fakânsjesintrum dêr't Doede Nannes Numan himsels as in foarst oantrof. It boekhâlderskip lei fier efter him, hy hie nou sels sa'n sukkel, dy't de boel dêr yn dat bungalowdoarp administratyf birêdde moast. Hysels stapte hwat om 'e bulten, in bêste sigaer yn 'e holle, of hy lei, krekt sa't it útkaem, langút op 't strân to brieden of ûnder in great parasol it Deiblêd to lêzen, nou ja, ek oare blêdden fansels - yn sa'n posysje woe men net alles fan ien kant hearre. O, net mear nei 't kantoar hoege, frijman wêze, poatsjebaeije as bolle wyntsjes waeije, rymke er, en kroeze weagen 't loaije liif omaeije... Jouns soe er nei de lju yn de oare bungalows sette, nei syn hierders, of sels guon noegje. En op 'e tiid in slokje fansels, it koe dan wol ien lije, wol mear as ien, al soe er mjitte hâlde...
- Ja, it soe de muoite wurdich wêze sa'n húske, sei de frou ynienen, mar it wie har wol oan to sjen dat hja dryster dreamen dreamde en al fierder fan hûs wie as 't Amelân.
Doede Nannes Numan sloech it amper acht, hy stelde him foar, hoe't it by 't winter wêze soe. Sa'n bungalowboel brocht in moaije sint yn 't laed, dêr koe er wol fan nei 't suden as de kâlde dagen kamen. Dat soe syn rimmetyk ek gjin kwea dwaen. Sjoerdtsje koe wol húswarje, der moast dochs stookt wurde, de boel damp of forferzen wie hjà ek net foar. En och, it is mar sa't it is, froulju mei op reis is neat wurdich. Fierstofolle ditten en datten. En hwat hie sa'n frou dêr omhannen yn 'e frjemdte? Hja koe mei gjin minske prate, hy koe op 't lêst noch hwat Dútsk en byneed in bekfol Frânsk...
| |
| |
- Soestou dy wol yn 'e sliepwein fan sa'n D-trein deljaen kinne, Doede? liet de frou har ûntfalle.
- Hè, hwatte? Sliepwein, seistou? Neat wurdich... neat foar froulju, sei er.
Nou, nou, Sjoerdtsje waerd der net kreazer op, tocht him. Se wie frijhwat wylkerich, ja suver hwat skarminkelich en sa plat as in planke. Altyd dyselde knodze hier op 'e plasse, it like wol fleanen. Nou ja, se hie har goede kanten ek, sa net - mar 't joech allegearre neat, se like wol tsien jier âlder as hy. Dat him dat noch noait earder opfallen wie... As er woe - nou ja, dat wie fansels gekheit - mar as er woe, koe er noch wol ien fan fjirtich krije. Hawar, om wer ta de saek to kommen, it makke foar Sjoerdtsje net folle út, Ljouwert of Parys, beide stêdden soene har drok genôch wêze. En Amelân of Belle Ile, it soe har likefolle wêze, de sé bleau sé en it strân bleau strân. Mei de klean út wiene de minsken wakker gelyk en it heugde him noch skoan dat er ien kear mei har nei Skylge west hie om't it dêr moaijer wêze soe - en 't wiè dêr moaijer, tocht him - en Sjoerdtsje sei: Jow my 't Amelân mar, dat is like moai en de Skylger reis is helte djûrder foar uze hoeke. O ja, dat wie àl sa'n lijen, dy luzige sinten. Sjoerdtsje mocht dan har goede kanten hawwe, dy forhipte sunichheit, om mar net to sizzen deunens, dêr soe men hwat fan skypje. Hwat joech al dy potterij? Joech de Heare it jin sa goed om yn earmoede to libjen?
Doede Nannes Numan rekke djipper en djipper yn 'e prakkesaesjes en seach net dat Sjoerdtsje hiele steapels âlde kranten trochsneupte. Mooglik hope hja nochris widdou to wurden, dat se dêrom sa garre. Hwat skraelder hwat âlder, sei mem eartiids en fan datoangeande koe Sjoerdtsje wol hûndert jier wurde. Hy moast ek mar hwat ôfklaeije, dat sittende wurk die jin gjin goed en hy woe noch àl hwat wille hawwe fan dat dofke jild. Hawar, aenst as er roear roun en reizge soe er wol lichter wurde. Syn snoar soe wol sizze, Doede, jonge...
Ynienen kaem him de famylje fan de frou foar de geast, hja wennen allegearre yn 'e buorren en yn 'e kontrei, dat soe wol lijen wurde. Dat er dêr net earder oan tocht hie. Hwat soene se 't allegearre slim hawwe, hwat soene se krimmeneare, as se wisten dat er de toto woun hie. Binammen Hiltsjemuoi en dy. Nou, se moasten der mar net op rekkenje dat hy him foar harren útklaeide. En dan dy hittepetitten fan Auke-Tryn op har hege hakjes... hy moast der net oan tinke.
Hy seach syn frou fansiden oan. Men koe 't har wol oan sjen dat se fan hwat nuver folk wie; sokken witte net hwat der yn
| |
| |
'e wrâld to keap is, se tinke net fierder as harren noas lang is, se tinke sa to sizzen allinne mar oan harsels. Op oarmans bûse tarre, dêr komt it op del. It mocht dan net neffens de Skrift wêze, hy koe der wol fan op 'e pot, fan har hiele famylje...
- Siz Doede... waerden dy útslaggen niis neamd neffens de wedstriden op dat totobryfke? Ik haw hjir de Ljouwerter kranten fan Roele Gees, hjir hast ien fan de moandeis. Dêr neffens...
- Hwat woest' dêr mei sizze? Hy krige der kramp fan yn 'e mage, hy wist hwat hja sizze soe. It wie krekt oft de himel del kaem.
- Dou hiest dat papierke der net by, der waerden leau 'k ek oare nammen neamd as der op steane! rôp hja lûd en der jubele hwat yn har stim.
Hy wist dat it wier wie, dat er him forsind hie yn 'e haest. Der wie fansels noch in lytse mooglikheit mei de birjochten fan kertier foar achten dat de sifers tafallich ek by de oare wedstriden pasten, mar né... Hy seach himsels wer de giele kantoarjas oanlûken, moarns, middeis, neimiddeis en jouns. Dagen, wiken, moannen, jierren... noch seis lange jierren en dàn, fan 'e wâl yn 'e sleat, de hiele dei by Sjoerdtsje. Ite, drinke, gapje, sliepe, dat waerd syn foarlân.
Ynienen seach er de skiere skytskjinnens fan de keamer, de domme deadens fan de plusen stuollen. Hy sloech mei de platte hân op 'e tafel en rôp, mei in stim dy't Sjoerdtsje noch nea heard hie: - Doomny kin de koarts krije, de kóarts, hearst' it!! Doe sette er de pet op en roun de doar út.
|
|