De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 329] [p. 329] [Nummer 10] Wibe Bergsma: Ik rin yn dream folslein foreale mei lichte passen troch de stêd de strjitten binne hege sealen gjin skaed kin folgje yn myn trêd Ik rin yn dream folslein foreale fan leafde is myn hert nea sêd de minsken skelde my foar heale gjin wurden deare op dit mêd De leafdesinne lôget blier it libben laket wit hoe fier de wyn rûst waerme melodijen in ivich liet - ik hâld fan dy - en hwat kin my de wrâld dan meale - Ik rin yn dream folslein foreale -. Vorige Volgende