Yn it Fryske part binne flaters yn wurdkar, sinbou, idioom planteit - om fan de strieminne, knoffelige styl noch mar to swijen. Soms is dat oersetten sa rûch yn syn wurken gien, dat it Frysk ûnlêsber, alteast ûnbigrypik wurden is en moat men efteryn it hollânske rapport opsykje om der alteast út to kommen. De soarch foar it rike skala' fan de (Fryske) kultuer, fan aeisykjen oant en mei nifeljen yn jins liddige tiid, dêr't dizze Nota syn ûntstean oan to tankjen hat of alteast hawwe moat, is sûnder mear oan kant set doe't it rapporteurshollânsk haljetrawalje noch even fortaeld wurde moast. It resultaet yn de measte gefallen? In soarte fan Frysk sa't Deputearren it prate as hja op in dei mei moai Frysk waer ris it wurd fiere moatte yn it Boalserter stêdshûs. Neffens my soe it forbean wurde moatte, ditsoarte skribinten (hwa, yn 'e goedichheit?) oan in Fryske Kultuernota meiwurkje to litten óárs as foar it skriuwen fan de adresbantsjes.
Men kin biskate biswieren hawwe tsjin it cumulusproaza fan E.B. Folkertsma (hoe hat er yn 'e goede mei syn ynfierene flagge dizze goare stilistyske lading dekke wold?), mar ik soe myn libben lang oars net as E.B.F. lêze wolle, leaver as nochris ien sa'n nota dêr't it Frysk jin fan tomjitte slacht as in fize motrein dy't jin yn 'e kiel heazet.
In mennich priuwkes - om Taelwarders, -Hoeders en -Noeders op 'e smaek to bringen, út 'e losse hân wei opfandele. It bigjint al tige typearjend foar hwat de gearstallers c.q. de fortalers al of net foar ‘echt Frysk’ forslite. ‘Dames en heren’ wurdt nammentlik ‘manlju en froulju’, welja. En ‘mensen’ of ‘personen’ binne neffens Kultureel Perspektyf stéfêst, mar dan ek altyd: ‘lju’. Fierders wurdt der gauris ‘trachte’ nei in moderner oanpak (of in biskaet doel, dat kin ek, fansels), wurdt ‘beklemtonen’ fortaeld mei ‘foar de tried bringe’, ‘erop bedacht zijn’ mei ‘der op figelearje’, ‘afnemen’ mei ‘tane’ (!), ‘vermijden’ mei ‘formije’ (!!). In hiel moaijenien: yn de hollânske tekst wurdt earne rept fan ‘serieuze sneupers’, dat moat fansels oerset wurde yn... ‘earnstige sneupers’.
Nou swij ik noch (sjoch boppe) oer brike forsinnen, sloardrichheden, knoffelige konstruksjes, dêr't mar inkelde rapporten (dyselden dy't blykber fuort yn it Frysk skreaun binne) it sûnder dwaen kinne. Foar de aerdichheit wol ik de lêzers noch wize op inkelde bjusterbaerlikheden. Dizze sin bygelyks: ‘Dat forskil hinget der fan ôf, alhoe't it wurk slacht op in pleatslike mienskip of op in krite as wol op in kombinaesje fan dy twa en neigeraden dat der spesiael omtinken jown wurdt oan fragen fan opfiedkundige, maetskiplike of organisatoaryske aerd’.
Smakket it mearich? Dan dizze foar it ôfwennen: ‘Ek foar it filmwurk dat fan 'e oerheit opjown wurdt kin it Jean gjin bisjen lije. (...) Dy wei út wurdt it rountsjemeallen’. Noch ien der op ta, mar dan moat it ek út wêze: ‘Dan soe it nivo oer it hielal omheech moatte’.
Just krekt, mar sa kin 't wol ta; rûmskoats, om mei ús kulturéle nota-rissen to sprekken. In machtich stik wurk is 't grif en men kin der allinne mar binaud en wrantelich ûnder wurde dat de forantwurdlike gearstallers fan Kultureel Perspektyf op dit yn myn eagen alteast kardinale punt de oansluting (nei modern, saeklik en tagelyk geef taelgebrûk) op sa'n jammerdearlike wize mist hawwe. Nòch sa'n grouwe blauwe sark en wy kinne de kiste wol fêst bistelle.
FREARK DAM