fan weilitten hat, gjin blinkje foar de dea, mar in nij bigjin. Diskear jowt de Rige gjin oarspronklik wurk, mar oersettingen fan twa gedichten út de Romantyk, hwerfan de skeppers fierders yn inoar gâns ûntrinnende kultuerrounten tahâlden hawwe. Fan de Braziliaen Antonio de Castro Alves hat G.N. Visser in balladesk fers O navio negreiro oerbrocht ûnder de titel It slaveskip. It thema is in fûle oanklacht tsjin de Afrikaenske slavetransporten. Visser's oersetting is in oanbring wurden út de Latynsk-Amerikaenske poëzij, dêr't men, ek sûnder it origineel to kennen, wiis mei wêze kin. Wiis, om't it fers, sa oerbrocht, sterke poëtyske kwaliteiten sjen lit en Visser's fyn biwurktuge foarmdrift him hjir op originéle en keine wize útlibje kinnen hat. Hjir is mear mei mank as in fingeroefening fan in dichter by hwa't de driuw ta eigen skepping tydlik slommet. De Fryske poëzij hat der in prachtich fers by krige. In strofe as dizze mei tsjinje ta biwiis:
Folk fan de sé, matroazen hwá t de sinnen
Fan fjouwer kontininten brún forbarne
Bern Jim dy't fan de stoarm widze binne
Bern sliepend yn de djippe weagenane!
De Fryske literatuer mei der great op gean, dat de skatkeamers fan de Ibearyske en Súdamerikaenske poëzij, salang foar ús in mei sawn segels sletten romte, troch in Frysk dichter op dizze, sa't oan alles to fornimmen is, konsjinsieuze wize iepene wurde. Wy hoopje faker út dizze gielgoerde priuwe to meijen.
Is de jongforstoarne Castro Alves (1847-'71) minnemear tafallich ynspirearre troch de sé, de dichter dêr't Klaes Dykstra hjir fan oersette, de Ingelskman Samuel Taylor Coleridge (1772-1834) is troch in ségedicht wrâldforneamd wurden. Syn The Rime of the Ancient Mariner, skreaun yn de trant fan de doe krekt ûntdutsen folksballaden, hjit hjir It liet fan de âld matroas. Nuveraerdich bliuwt, dat dit lange en lestige fers, dat yn 1935 troch A.R. Scholten yn it Frysk fortaeld en útjown wie, al sa gau in twadde fortolking krige. Men soe hawwe wolle, ús oersetters soene hwat ekonomysker mei de wrâldliteratuer omspringe. Wie dizze doublure binnen sa'n koart tiidsbistek nou wier nedich? Men kin jin dy needsaek allinne foarstelle, as de earste oersetting yn 'e eagen fan in lettere fortaler in folsleine mislearring is. In earherstel foar Coleridge dus? Klaes Dykstra komt yn syn foarwurd ek op Scholten's prestaesje. Hy ûntstriidt in kausael forbân en seit dat syn oersetting út ‘spontane oandrang’ ûntstien is. Dat dêr ek gjin sucht ta ‘forbetterjen’ mei ûnder spile, is lykwols min oan to nimmen. Hwa't dit bisykjen forgeliket mei Scholten's De ballade fen d'âld matroas stjit op yngeande forskillen yn opfetting hwat poëzijfortalen oangiet. Dykstra's opfettingen (sj. ek Tsjerne jg. '50 en '57) binne koartwei sá: earst moat de faktyske ynhâld, de tael achtslein wurde en dêrnei komme oare oerset-technyske aspekten, lykas lûd- en sfearoerdracht. Alderearst moat de oersetter hwat lêsbers leverje, de artistike prestaesje komt twads. By Scholten hawwe dizze dingen út 'en rûgen oarsom lein: de ekwivalinte sfearskepping wurdt net gau opoffere oan ‘tekstkrektens’. Sadwaende is Scholten's wurk mear
dichterlik-artistyk útfallen en soe men Dykstra sines mear ‘akademysk’ neame kinne. Dat de leste wier wol biswieren hawn hat tsjin de fortaling-1935, mêár as út dit boekje blykt, kin men lêze op bls. 144-146 fan syn dissertaesje Oer-