| |
| |
| |
Jan Tj. Piebenga:
Byld fan trije foargongers
Nei oanlieding fan Winst út Forlies. Fan athenaeum oant Frysk Selskip. Briefwiksel tusken T.R. Dykstra, J. van Loon en H.S. Sytstra út 'e jierren 1841-1847. Mei ynlieding, oantekeningen en bylagen útjown fan J.H. Brouwer en J.J. Kalma. Yn opdracht fan it Frysk Selskip 1844. By de bitinking fan de hûndertste stjerdei fan H.S. Sytstra.’ (Printe by N. Miedema & Co, Ljouwert, 1962.)
Sa'n boek hawwe wy hwat oan. It is de muoite wurdich om de trije mannen dy't wy al koene mar dêr't wy nou folle better mei yn de kunde komme, om de beide kundige birêdders fan dizze brievesamling, en om it aparte byld dat hjir ûntstiet fan Fryslân yn ien fan syn krityske perioaden, ien út de mannichte, mar net de ûnbilangrykste. Tritich jier lyn hiene wy sa'n útjefte wol winskje, mar net tinke kind. Nou leit it boek der; as dúdlik blyk fan foarútgong yn dy jierren meije wy nou sizze, dat wy der wiis mei binne, mar dat it tagelyk net oan al ús winsken foldocht. It skilderij is knap spand en bihimmele, mar de list dêr't it yn set is, is to smel en to ûnsjoch en lit it sadwaende net goed genôch útkomme.
It giet om sa'n ryklik hûndert brieven fan de trije foarmannen fan it Frysk Selskip, skreaun yn in tiidrek fan noch gjin seis jier (1 aug. 1841-29 maert 1847). It binne koarte en lange, Fryske en Hollânske, persoanlike en saeklike brieven; gjinien fan de skriuwers sil ea tocht hawwe dat se letter wolris útjown wurde koene. Hja jowe yn har gehiel grif frijhwat fan de persoanlikheit fan Dykstra, Sytstra en Van Loon wer; yn har kombinaesje fan ynbannichheit en gefoelichheit binne hja ek allegearre ‘Frysk’. Hja geane noch alris oer saken en omstannichheden dy't wy nou wend binne lyts to neamen. It bliuwt lykwols in heikrewei om oan to tsjutten hwat lyts en hwat great is yn de skiednis. Yn it tiidsforrin fan in ieu al kinne sokke wearde-oardielen frijhwat wikselje en bytiden ûnderstboppest keard wurde. Der binne brieve-útjeften dêr't de forsoargers al it neffens harren to lytse en al-to-tydlike út weilitten hawwe. Hja wolle mei har boek in goadebyld oprjochtsje, yn sleauwe earbied forjittende dat sokke ûnierdske heechheden krekt byldestoarmers oanlûke sille. De drokte en it spul om de boeken mei brieven fan Nietzsche en Rilke hinne, soene elk dy't mei sok útjaen pielt warskôgje moatte. Boppedat, ús minsklikheit demonstrearret harsels op syn minst
| |
| |
sa dúdlik yn de lytsens as yn de greatens. Dy't in opstel oer Anne Wadman skriuwe wol, fynt gauris yn De Teannewâdder tankberder materiael as yn syn skôgingen. En grif yn it politike libben is der sokshwat as in mystike uny tusken foarnamens en binaudens fan geast.
Sa'n skriuwerij oer studinterûzjes, reiskes, lektuer, fammen, plannen, organisaesjes, baentsjes dy't jin net foldogge en baentsjes dy't men net kriget, oerliz mei útjowers, jildlike en hûslike swierrichheden folle-net-genôch, is yn mannich ding krekt sa lyts as de lytse wrâld yn Nederlân om 1840 hinne. Mar der sit ek genôch greats yn, greats dat yn Nederlân earne oars net iens maklik to finen is. Hjir biweecht him yn trije jongkeardels in folk dat fan de wintersliep hâldt en mar mei lijen hwat oereinkomt, en hjir waeit oer har hollen hinne in machtige Europeeske wyn. Yn harren wol it folk witte hwat it folk is en hwat it wêze moat. Wy komme yn dizze brieven net sa fier fan hûs, - Emden en Bentheim lizze fier ôf en Den Haech wurdt net iens oan tocht, - mar der sit gâns fan itselde libben yn dat yn dy jierren Finlân en Noarwegen en Yslân en Skotlân en Katalonië en Bretagne en Rheto-Romanië en Flaenderen biweegd hat.
It falt net lens ta, de brieven yn har eigen tiidsforbân en atmosfear to lêzen; der is yn in ieu ûnwitend folle foroare. Dêr is it greate plak dat syktme, bliuwende kwalen, jong forstjerren doe yn it libben ynnommen hawwe. It hearde der allegearre by, it iennichst-bern-, it gau wees- of heal-wees-wêzen, it omgammeljen fan de frou; it lei in flues fan mankelikens en fan stoyske birêsting oer it hiele bistean. De godstsjinst, alteast de kristlike religy, is foar de trije briefskriuwers gjin dragende, biskiedende krêft; op syn heechst biedt hja yn tiden fan binaudheit moréle stipe en de filosofyske oertsjûging dat alles net sûnder sin en bidoeling is. Van Loon stiet faeks it tichtst by de opkommende frijsinnichheit; as er suk en foar better-wurden om utens tein is, skriuwt er (net publisearre) rimen, dy't neffens eigen wurden ‘droefheid, melancholie en Godsdienst’ bifetsje. Foar Dykstra en Sytstra is de ‘liberale leer’ net mear as in needsaeklik stadium yn it proses fan de foarútgong, mar grif gjin einpunt. Hja wolle sels folle fierder en hawwe Multatuli al yn harren. Komt de orthodoksy al, justjes, yn har eachweid, dan prate hja der smeulsk oer, as oer de nachtskoalle. Sokke mannen soene wrâld en minskheit drystmoedich to liif gean, woe men ha, mar né, fan optimistyske opteinens oer de mooglikheden fan de nije tiid is gjin sprút to fornimmen. Har wrantelichheden en toloarstel- | |
| |
Tingen rize út in grize sé fan permanint pessimisme, út spleen en Weltschmerz en taedium vitae op.
Dêr is ek it stânsforskil, it klassegefoel, de maetskiplike ôfstân tusken de bakkersfeint dy't altyd yn de beage rint en de beide studinten dy't yn frijheit en reedlike wolstân libje kinne. As Sytstra it yn syn brieven oan Dykstra tonearsten oer ‘Mynhear’ en ‘Jou tjinner’ hat, kin Dykstra wol sizze fan ‘foart mei dy titels’, mar dêrmei is de kleau tusken harren net oerbrêge. De studint libbe doe yn in aparte wrâld en hearde ta it selekte publyk; de doarpsskoalmaster wie de boantsjelap fan grytmannen, tsjerkfâden en skoalopsjenners. De studint hie altyd boeken om 'e hannen, de skoalmaster moast se liene fan dûmny's en oare hearen mei hege huodden. Maetskippij bitsjutte oarder, en oarder hold yn de réwillige ynstânhâlding fan de mannichfâldige, suver sakralisearre klasse-ôffredingen. Tusken it Frysk Genoatskip en it Frysk Selskip lei allinne en net iens alderearst it forskil fan doelstelling en wurkwize, mar foaral de ôfstân tusken patrisiaet en boargerij. Dy't de grinzen útfeije woe, moast it aventûrje bûten de maetskippij keard to wurden. Binammen Dykstra en Sytstra libje yn duorjend forset tsjin in oardering dy't yn har eagen al lang formôgele is. ‘Koe 'k bûge as in knyft, gouden ezels nei de eagen sjen of foar greate hânsen de hoed ôfnimme, ik soe foar my en foar oaren “gunsten” freegje kinne, mar ik haw tofolle it spit yn de rêch’, skriuwt Dykstra op 30 april 1846 as er him ris yn Sytstra syn earmoede jowt. As Sytstra yn de hjerst fan 1846 om in skoalmastersbaentsje yn Afrikaensk-Guinea stiket, wit er dat er dêr de dea yn de eagen sjen sil, ‘mar hwat is dat, dat ik myn libben, dat hjír safolle sûrens en bitterens bifet, weagje tsjin in folle draechliker -, of in skielke
bifrijing fan alle soarch en lêst?’
Dêr is de staveringskwestje, op 'en nausten forboun mei de romantysk-nasionalistyske taelskôging dêr't J.G. Herder de profeet fan is, en ek mei de Greatfryske bilangstelling fan de Selskipsmannen. Dy't tsjintwurdich prate fan ‘dy ûnmooglike Iduna-stavering’, hawwe net folle bigrepen fan hwat der efter sit. De Dútske gelearden holden doe, krekt mei it each op de forsplintering fan it Dútske Ryk, út, dat de Dútskers mei al har forskate dialekten fan Prusen oant Beijeren en fan Sleeswyk-Holstein oant Eastenryk ien folk mei ien tael foarmen. De Slaven, fordield en forsille oer East-Europa as hja wiene, waerden fan dizze nije en waerme taelskôging ta libbensmoed en faek ek ta in soarte fan panslavisme ynspirearre. Op de Faeröer hie gjinien de sprong fan folkstael ta skriuwerstael
| |
| |
weagje doarst as hy him earst net sêd dronken hie út de âlde, suvere Yslânske boarnen. Elkenien neamt Sytstra âlderwetsk en forwyt him syn fikty, romantyske fantasy en taelkundige fantasmagory, mar hwat wie der bard as Sytstra de gunst fan de goaden, fan de tiid en fan syn folk sá mei hawn hie as Ivar Aåsen, de Noar dy't om 1850 hinne de biweging foar it Ny-Norsk yn it libben roppen hat? Ik swij fan it Nij-Gryksk en fan it Nij-Hebrieusk (Iwryt). De tael sels is by de romantici gjin derivaet en gjin tafallichheit, net in jas dy't men oandwaen en útlûke kin, mar it universéle libben sels, de sterkste regenerearjende krêft yn it folk; de tael is in machtige beam, de wrâldesk Yggdrasil net wanlyk, mei ûneinich djippe woartels, net to omfiemjen stamme en breedskaedzjende tûken. Ryklik hûndert jier forlyn stiene ek de dichter, de man fan de taelstúdzje en de histoarikus lang net safier fan inoar ôf as hjoeddedei. Foar Carlyle en Walter Scott, Victor Hugo, Hendrik Conscience, Willem Bilderdijk, bistie de stringe skieding net tusken literatuer en skiednis sa't wy dy nou kenne. Foar har raenden literatuer, skiednis en polityk hieltyd gear. En dat wie by Dykstra en Sytstra ek sa. Dykstra skriuwt mids maert 1843 oan Van Loon: ‘weg met de taal van 't verwaten, ijdel Holland, de grime herne der nieuwe tijd’; in pear dagen letter moat Sytstra it ek hearre: ‘de grime herne fan ús tiid, Hollân, hwerút lyk as Windsma seit ús al it kwea komt’. Foar Dykstra en Sytstra is Hollân in parvenu, in lân dat pronket mei oarmans fearren, dat gjin skier forline hat. Fryslân moat op syn earstberterjocht stean; dat hâldt foaral yn de earbiedige forsoarging fan it taelklaed. As it Frysk yn de blaukile fan de Halbertsmastavering rinne moat, bliuwt it ‘boersk’.
In tûke dy't syn libbenskrêft net út de âlde stamme sûcht, fortoarret en falt ôf. De romantyk is as réaksje op it centrifugale rationalisme dúdlik centripetael: dêrom sjogge Dykstra en Sytstra Great-Fryslân wol, wylst len as Waling Dykstra der blyn foar bliuwt. Foar de twa freonen hingje stavering, taelstriid en folksbisef ûnforbrekber gear.
Dêr is yn it fjirde en lêste plak de mear as deistige earbied dy't Sytstra en Dykstra foar de noardske goadelear hawwe. Sytstra hat fêst gjin witten hawn fan de lêzingen On Heroes and Heroeworship, yn 1840 yn it ljocht stjûrd troch Thomas Carlyle, de Skot dy't syn foarbylden foar ‘de helt as godheit’ yn de Skandinavyske mythology socht hie. Lykwols bitoant er him dêr op in bysûndere wize mei bisibbe. Sa is er ommers yn de brief fan 19 maeije 1844 alhiel oeral, as er in ienfâldich boekje oer dy mythology bistudearre hat. In nije wrâld
| |
| |
giet foar him iepen, der is in fjûr yn him ûntstutsen. ‘My tinkt, de fornimstige Griken habbe it yn it úttinken fan in forearing fan heger wêzens lang net tsjin de biwenners fan it kâlde Noarden hâlde kinnen’. In histoaryske earbiediging fan de germaenske goaden, yn de trant fan syn tiidgenoat, de kristen N.F.S. Grundtvig, is him ek net genôch. Hy wol oer har dichtsje, as er der earst mar mear fan ôf wit. It is yn it oangripende fers Bea, dat Sytstra yn it révolúsjejier 1848 skreaun hat, net sasear it wurd Alfader dat de mythologyske sfear opropt, mar folle mear de Ragnarök-stimming, it mei-bilibjen fan de kosmyske wrakseling fan goaden en demoanen. Goaden kinne net stjerre; hawwe de Grykske goaden nei de 18de- en 19de-ieuske oanfallen op it kristendom har earherstel bilibbe, de noardske goaden hawwe har ek mar tydlik fordriuwe litten. Sytstra syn archaïsme, syn dualisme, syn bigearte om it Fryske epos to skriuwen, syn forleafde foar it stêfrym, steane yn libben forbân mei syn bikearing ta de germaenske mythology.
Oer dat allegearre ljochtsje de útjowers fan dizze samling ús suver net of net genôch yn. Yn in tweintich siden efteryn biede hja in weardefol apparaet. De oantekeningen meitsje in soad yn de brieven dúdlik, mar bifetsje ek wol oerstallichheden; earst nei lang sykjen sil men der in pear flaterkes yn fine. De list fan persoanen dy't yn de briefwiksel to praet komme, kin gjin lêzer sûnder; mei de list fan oanhelle wurken is it hast ek al krektsa, De list fan útjeften 1830-1847 is nuttich, mar net folslein; hwerom wurdt dêr de Gesta Fresonumútjefte wol en de Jancko Douwama-útjefte net yn neamd, hwerom wol de boeken oer it Fryske rjocht mar net dy oer de Fryske skiednis? Fansels, der moat earne in grins wêze. Dêrom sille wy der ús wol by dellizze moatte dat dizze brieve-útjefte by ein maert 1847 ophâldt, mar hiene wy gjin rjocht om to hearren hoe frekwint en hoe wichtich de fierdere briefwiksel is? Nou twingt dit boek om in forfolchdiel. De fjirde bylage neamt by de stúdzjes oer de trije foarmannen ek opstellen fan skriuwers dy't earst nei 1847 mei harren yn de kunde kommen binne: Colmjon en Tsjibbe Gearts van der Meulen. Dat is goed fansels, hwant út dit boek allinne krije wy gjin ôfroune byld. It is in hûs mei in goede doar, mar sûnder dak.
Soarget de ynlieding fan 26 siden dêr soms foar? Dêr stiet in protte yn dat de skoandere frucht fan warber sneuperswurk hjitte mei, mar de ‘Einfúhlung’ ûntbrekt tofolle. It kin, ôfgeande op tael, styl en ynhâld, net misse of f'ral ds. J.J. Kalma hat dit stik opsteld. De dûmny-histoarikus Kalma nou hat krekt to min fan hwat de dûmny-histoarikus Wumkes tofolle hie: geast,
| |
| |
forbylding, leauwe. Kalma is in baes sneuper en pluzer, mar spitigernôch uteret de goe-Fries yn him him fierstofaek as lêbber, stinder en krêbbebiter. Ta syn eigen skea is er oanhelle mei de goarre dêr't yn de lêste ieu tûzenen troch biswykt binne: dy fan oan de wittenskip deselde absolute wearde ta to kennen dy't foarhinne allinne oan de religy takaem. Him bisielet in net genôch to priizjen driuw nei earlikheit, mar hy krûpt de feitsjes sa ticht op 'e hûd dat er der steksjoggerich fan wurdt. In fjild fol deadsbonken bliuwt by him al syn libbensdagen in fjild fol deadsbonken. In ûnbidimbere erchtinkendheit jaget by him altyd alle poëzij, alle extase, alle nocht oan ûnnocht op 'e rin. Hy kin de wekker útinoarhelje en de redtsjes en fearkes kreas to plak lizze, mar de wekker yninoar sette en ta nij libben bringe, dat slagget him net. Him liket de jefte fan de biwûndering ûntsein to wêzen; as er op de iene skealjens syn sneupersdrift leit en op de oare syn erflike skepsis, mient er har al yn 'e balâns to hawwen. Mieri, mocht er dochs ris in kear bigjinne to leauwen oan ingels en duvels, spoeken en sjammen, mearminnen en walkyren, muzen en ierdmantsjes, draken en leviathans, en oan alles hwat ûnder en boppe de ierde is!
It misbigryp fan Kalma, dat it komplekse byld fan de histoaryske werklikheit it gaust ûntstiet troch it oeralheljen fan in macht details, komt yn dizze ynlieding ek ta utering. Hy kriget de trije foarmannen as minske sa mar min yn 't fizier. Alhiel frjemd stiet er winliken foar in romantyske geast as dy fan Harmen Sytstra oer. Hy hat gjin each foar dy syn twaspjalt, hertstocht en bisetenheit. Sytstra waerd pleage fan de beide sielen yn syn boarst: de drege wurker en de wylde bruijer, de askeet en de swankebast, de skoalmaster dy't rangen hellet en de dichter dy't Regine forearet, de mathematikus en de dweper dy't de fûnk fan it geny yn him fielt, de koartswilige forteller fan Tsientûzen út de lotterij en de suver hiëratyske sjonger fan Ofskied fan freonen. Kalma hat it hieltyd oer syn ‘ûnmaetskiplikens’, mar hwat is dat dochs foar in nuver bigryp? As der doe àl Friezen om maetskip en mienskip socht hawwe, wiene it de stifters fan it Selskip wol. De ynlieder soe better witte moatte as er folhâldt, dat Sytstra syn ‘rûch libben’ de oarsaek fan syn net-slagjen west hat; hat er dan nea fan de ‘daimonion’ heard? De bigripen romantysk, révolúsionair en radikael binne by him ek wakkere ûndúdlik. ‘Oan politike aksje waerd sels net tocht’, seit er fan de Selskipsmannen. En dat, wylst de taelstriid ien stik (kultuer-)polityk wie en der by gjin Frysk skriuwer safolle ‘politische Dichtung’ is oan to wizen as by
| |
| |
Harmen Sytstra. Piter Jelles hat der al hwat mear fan fette as Kalma, en dat by gâns minder ‘kennis fan saken’, doet er ris tsjin dr. G.A. Wumkes de oprjochting fan it Frysk Selskip in révolusionaire died neamde.
Symptomatysk is ek Kalma syn skriuwen oer hwat der yn de earste helte fan de 19de ieu yn tsjerke en skoalle geande is. It is slimmer as oerflakkich, it is sleau. Wumkes syn Frysk Reveil yn portretten, syn boeken oer it baptisme en oer J.M. van Dyk, lykje foar him net skreaun to wêzen. ‘De ôfskieding dy't der yn 1834 kaem, hat men algemien sjoen as in biwiis fan efterlikens en byleauwe’, seit Kalma, greate figueren as Willem de Clercq, Kohlbrugge, Groen van Prinsterer samar oan de kant skouwend. Hy jowt gjin blyk each to hawwen foar de sterke ‘folksgeast’ dy't yn ôfskieding en reveil sprutsen en it byld fan Fryslân foar de kommende ieu mei biskaet hat, foar de persoanlike moed en de offerfeardichheit fan in folksdiel dêr't de liberale klasse heechmoedich op delseach, mar dat hja yn djipte en hichte ek yn de fierte net binei komme koe. Ik haw grútsjen heard dat dizze selde Kalma oer ‘de ieu fan Gysbert Japiks’ gear sil, mar hâld myn hert fêst; mei Balthasar Bekker sil 't dan nei alle gedachten wol goed komme, mar hwer moatte de nuvere mannen as Willem à Brakel, de Labadisten en Haring van Harinxma keare?
Dit allegearre is hjir allinne delskreaun om't ik op in forfolchdiel rekkenje. In boek dat frijer fan geast en sfear wêze sil om't it net lyk as dit boun hoecht to wêzen oan de fierstento doktrinair trochfierde stelling, dat de oprjochting fan it Selskip suver logysk út de opheffing fan it Athenaeum fuortkommen is. Tankber set ik de kreaze en royale útjefte yn de kast en lit romte foar it oanslutend en ôfslutend diel iepen. Brouwer en Kalma sille dérom bigripe, dat dit opstel mear hotsjen as hottefyljen wêze wol. Har boek hawwe wy hiel hwat oan.
|
|