| |
| |
| |
D.A. Tamminga:
Registraesje en trochsicht
Klaes Dykstra, Oersettingen yn it Frysk (ca. 1800-1960). Ynventarisearre en (mei it each binammen op de poëzij) kritysk hifke. (diss.). Drukkerij en Utjowerij Laverman n.v., Drachten, 1962.
As it ús net mist is dit de fyfte yn it Frysk skreaune dissertaesje oer in literair-histoarysk ûnderwerp. De earste wie dy fan D. Kalma oer Gysbert Japiks (1938); de oare trije dy fan Poortinga oer it Folkstoaniel (1940), dy fan G. Dykstra oer Eeltsje Halbertsma (1946) en dy fan Wadman oer H.G. van der Veen (1955). Sa'n risping oer in foege fearnsieu (trochinoar om 'e fiif jier ien) mei net great lykje en ek in wanforhâlding sjen litte as men de filologyske - gauris net frysktalige - akademyske proefskriften der njonken hâldt, foar in bigjin is it dochs in ding om tankber foar to wêzen. Dochs wie it to winskjen dat de Fryske heechlearaers mear fan har studinten der ta krije koene en jow harren yn 'e Fryske literatuerstúdzje. Der lizze yn 'e literatuerskiednis fan Fryslân noch hiele fjilden foar wyld, dy't wachtsje op en freegje om wittenskiplike biarbeiding.
Klaes Dykstra, ek as dichter bikend (Untwyk, 1950), hat grif mar in lytse professorale triuw yn 'e rêch hoegd om syn paed nei in gaedlik ûnderwerp to finen. Syn terrein is dúdlikerwize net de filology, mar de literatuer, en dêrfan binammen wer de lyryske dichting. Al jierren sûnder mis moat him de fraech oangien wêze, hoe't it der yn ús skriften nou krekt hinne leit hwat oangiet de literaire uteringen dy't neffens útlânsk model yn it Frysk oerbrocht binne. De kombinaesje fan in oarderlike en nei systematyk oerhingjende geast oan de iene kant en de jefte fan skriftekundich ynsjoch en fyn poëtysk oanfielen oan de oare kant, mei dêroerhinne in didaktyske oanliz, makken in akademikus as Dykstra wol tige geskikt foar sa'n bloedich stik wurk. Wyslik en wol hat de ûndersiker himsels de poarteam oanlein en syn fjild fan stúdzje ôffrede by it jiertal 1800, de tiid dus dêr't neffens taelhistoaryske únderskieding it s.n. Nijfrysk bigjint. In twadde biheining dy't er himsels steld hat - sûnder mis ek yn forbân steande mei persoanlike ynteressen - is to sykjen by de genres. Sa't de ûndertitel fan it proefskrift jin mear krekt as glêdrinnend fordútst, is hjir suver allinne yngien op de poëtyske oersetprodukten. Dit genre, dat út
| |
| |
Dr. KLAES DYKSTRA
berne 1924 to Sigerswàld
| |
| |
soarte fierwei it greatste tal titels fortsjintwurdiget, wurdt hjir, nammers ek mar wer foar in part, ‘kritysk hifke’ en forgelike mei de originélen. It is dus sa, dat út de Middelfryske perioade in oersetter as Gysbert Japiks bûten it kader fan dit boek foel en allyksa de bibelfragminten en psalmglossen út it Aldfryske tiidrek. Hja wurde allinne neamd yn 'e Ynlieding.
Dizze biheining is net allinne wittenskiplik alhiel forantwurde, om't Ald- en Middelfrysk spesiale en binammen filologyske njonkenstúdzje easkje, mar ek in bêst ding út in each fan kwantiteit. Doet de skriuwer syn miet by 1800 Bette, koed er hwat it materiael oangiet mear as út 'e romte tarre. Syn trochnoazjen fan tydskrift en boek oer in 160 jier, in arbeid dy't op himsels al gâns geduld en trochsetten freget, levere him net minder as 3825 titels op. Hjir roun fansels fan alles ûnder: de hiele Bibel wie dêrby, mar ek fjouwerrigels fan Omar Kayyàm, in ienakter út it Bretonsk of in luftige sjongtekst út ien fan 'e Lieteboeken. Gâns ûngelyksoartich materiael dus, allegear byinoar brocht ûnder de neamer: út in oare tael yn de Fryske tael oerset. Dit bûnt forskaet hat de skriuwer op forskillende wizen forkavele. Alderearst hat er, hwat hy neamt ‘religieuze oersettingen’ (bibel, psalm- en gesangbirimingen) ôfsûndere, mar ek dêrnei hâldde er noch altyd 2958 titels oer. Oan fersen kaem er op net minder as 2150 titels, oan proaza op 701 en oan toaniel op 107, oersettingen allegearre út meiinoar 28 talen, itsij direkt, itsij yndirekt fortaeld, de lêste kategory dus oer de skiif fan in oare tael as de oarspronklike, oersetting fan oersetting alsa.
Mei dit materiael yn hannen hat de ûndersiker op hypereksakte wize ûnderskate statistyske en tabellaryske trochsneden makke. Dy Titte jin wol nijsgjirrige kanten sjen hwat oangiet de oersetfrekwinsje troch de jierren, oer de kar fan de talen dêr't út oerset waerd, oer de sosiale en yntellektuéle status fan de oersetters (skoalmasters, akademisi, ‘oaren’), oer de faekst oersette auteurs, oer de oersetproduktiviteit per fortaler en folle net genôch. Ek kriget men in byld fan genreforskouwing en gehalte-forskouwing troch de jierren hinne.
Hwat it gehalte oanbilanget makket Dykstra in - faeks al to stringinte - skieding tusken folksskriuwerij (hwerby't it giet om hwát meidield wurdt) en belletry (hwerby't it ek giet om hóé't it sein wurdt, appellearjend oan literaire smaek), hwant fan ditoangeande sieten yn in literatuer as uzes skiep en bok foarhinne gauris yn ien hok. Hy stelt fierders fêst in wanforhâlding tusken proaza en poëzij, hwat û.o. yn forbân stean moat mei it hiele klimaet, dêr't de skriu- | |
| |
wers yn arbeiden (gjin kommersiéle basis) en mei ûnmacht ta wurk fan langer azem. Syn tabellen wize út dat der by de opkomst fan de Jongfryske Biweging om 1915 hinne in gunstige kear komt op oersetgebiet, sawol nei peil en tal as nei forskaet fan boarnen en talen. Net om 'e nocht hat D. Kalma skreaun, dat de striidrop ‘Fryslân en de wrâld’ fan 'e miet ôf oersetten makke ta in nasionale kultueropjefte (bls. 106). Dy tendins hat him ek nei 1945 aldergeloks trochset.
It hiele boek oersjende, kriget men de yndruk dat de skriuwer syn heterogene stoffe op in strang-wittenskiplike en tagelyk foar syn lêzers oannimlike en trochsichtige wize optsjinne hat. De kearn fan it boek is splist yn twa dielen; it earste bifettet de hjirboppe al neamde ynventarisearring, it twadde is wijd oan krityske hifking fan it materiael, of leaver fan in kar dêrút. De Ynlieding, foarôfgean troch in gearfetting yn it Ingelsk, hannelet oer de posysje fan de tael, oer it forskynsel en de foarskiednis fan it fortalen, oer oersettingen fan Friezen yn it hollânsk tusken 1600 en 1850, oer de bibel- en psalm-fortalingen c.a. en oer de eardere oerset-krityk. Op 'e lêste healhûndert bledsiden fan dit wurk fynt men de listen fan ôfkoartingen, fynplakken en oersetters, sadanich alfabetisearre dat men, ienris wend oan it systeem, sawol oersetter, oersetting, oarspronklike skriuwer en tael as ek it plak fan publikaesje yn in omsjoch fine kin. De Noaten (net minder as 442), dêr't út 'e tekst wei nei forwiisd wurdt, binne hjir ek opnommen en trochgeand nûmere. Dat oan de systematyk fan dit proefskrift sit net de minste wryt of slyt.
Dat Dykstra yn syn Diel I ek wol fierder gien is as it inkeld registrearjen fan de oersetprodukten, docht û.o. bliken oan hwat er op blss. 80 oant 102 gearbrocht hat ûnder it haed Motiven en Krityk. Hjir wurdt in wakker nijsgjirrige blomlêzing jown út eardere en lettere skriuwers, oer hwat har biweegde ta oersetten of hokker funksje hja de fortaling takenne en teffens wurde krityske skôgings oer biskate en hjir neamde oersettings gearfetsjend memorearre. It sammeljen fan dit skôgjend proaza, rounom forsille yn tydskrift en krante, mei op himsels al in ûnbidich stik wurk hjitte, dêr't de skriuwer takomstige literatuerûndersikers gâns mei geriifd hat.
Yn it histoarysk part fan dit Diel I docht Dykstra soms in literair-histoaryske meidieling, dy't syn ynteressearre lêzer tankber meipikt. Sa wie it foar my hwat nijs, dat ds. Rinse Posthumus eins via Dútsklân ta it (rjochtstreeks) oersetten fan Shakespeare kommen is en ek dat it Flaemske tydskrift Wodana model stien hat foar de lettere Swanneblommen by uzes.
| |
| |
In kearmannich wurdt yn dit wurk rekkenskip jown fan de gongbere termen ‘oersette’, ‘fortale’ en ‘forfryskje’. De earste wol de skriuwer sa forstien hawwe dat er de beide oaren ynslút. Fortale is by him: de tael wurdt Frysk, mar it útlânsk aroma bliuwt biwarre; forfryskje is dan (sa't algemien wol oannommen wurdt): tael èn entouraezje wurde oerbrocht. Dat dizze lêste wizânsje, dy't de foarige ieu wakker bloeide, yn ús tiid ôfnimt, kin elk merkbite. Dykstra hat in dúdlike foarkar foar de earste wize fan oersetten; by tapassing yn ús dagen wiist er sels de lêste methoade foar wurk fan hwát gehalte - ek foar toaniel - ôf, mei ynskikken fan lokale oanpassing foar b.g. in sjongtekst sûnder pretinsje of foar dy seldsume literaire produkten dy't oan tiid noch plak boun binne. Trou oan it origineel is ien fan syn meast en strangst hantearre mjitstêven. Sà kin der neffens him ek yn Fryslân allinne hwat op 'e hispel komme fan oersetten as ‘Völkerverbindende Schönarbeit’, sa't Goethe it neamd hat.
Oer de aktuéle fraech hwat der, útgeande fan de hjoeddeiske situaesje, yn Fryslân fortaeld wurde moat, wurdt op bls. 116 dizze útspraek dien:
‘Oer alle boegen soe hwat mear systeem winsklik wêze. Noarderljocht fortsjinnet foar oare talen neifolging, lyksa Frjemd en dochs eigen (nei 4 skandinavyske talen): oer 't generael soe men foar proaza mear rispje kinne hwat ús by útstek leit (bygelyks mear aldyslânske saga's en ek goede moderne wurken, yn hokker tael ek skreaun, dy't yn Fryslân spylje - sa as byg. Old haven fan David de Jong - en dy't yn frysk pakje natuerliker en weardefoller foar ús wurde moatte as 't origineel), - fierders binammen wurken dy't it hollânsk net hat, leafst út de skandinavyske hoeke en by de oare lytse (byg. keltyske) folken wei, lyk as ek goed wurk, yn hokker tael dan ek skreaun, fan Friezen fan komôf (sa as This is the year fan Feike Feikema) - wylst men foar poëzij it al of net bistean fan in hollânske versy wol folslein negearje kinne soe, al hoecht men sokken mei in hollânskenien ek wer net earst to sykjen. Foar it toaniel soe men winskje, dat der gâns minder út it hollânsk oerset waerd (dêr't mei-ien it peil better fan wurde soe).’
It nijsgjirrichst en libbenst part fan it boek stiket forfêst yn de ôfdielings C en D fan Diel II. Hja hawwe as titel By de dûbelde Eersen lâns en De wichtichste oersetters op poëtysk mêd. Yn dizze beide haedstikken wurde suks. 84 en 60 oersette teksten yngeand bisprutsen troch de wei fan forgeliking mei de originelen (dy't ek by fragminten mei ôfprinte binne) en troch analyse fan de tael, de styl, metrum, ritme ensfh. Oan de ein fan beide capita wurde de útkomsten fan it ûndersyk gearfette yn in krityske bioardieling, dyt (as gou it in juryrapport) de oersettingen yn trijen skiftet, ntl. dy't slagge binne, dy't
| |
| |
twivelich en dy't mislearre binne. It docht dan bliken, dat by de dûbelden (84 teksten) mar 29% troch de mesken kinne en by de oaren (60 teksten) mar 38%. Ungelikens folle mear as de helte fan alle bisprutsen oersettings falle dus troch Dykstra syn sauwe, in resultaet dêr't men twa dingen út nimme kin: de poëtyske ûnmacht fan gâns oersetters en de moai hege noarmen dy't de ûndersiker stelt. Hjir moat lykwols by, dat it peil fan oersetten troch de jierren hinne omheech gien is. Nei '15 konstatearret de skriuwer oan ien wei net allinne kwantitative forromming, mar ek kwalitative forbettering; it helte persintaezje folsleine mislearringen hat binammen de 19e ieu op 'e skuld.
Learsum en jin wol oan wollend binne somtiden skriuwer's útspraken, as er deugd en ûndeugd fan it oersetwurk fan de iene Fries hâldt by dy fan de oare. Sa op bls. 177:
‘Sytstra is sa wol gâns lêsberder as Posthumus, gâns trouwer as Eeltsje Halbertsma, mar de trou fan Salverda en in Windsma komt er net oan ta.’
Of op bls. 240, dêr't er - de bioardieling fan eigen prestaesjes alderminst skouderjend - ta dit einbislút komt:
‘Sa stiet Dykstra syn oerset-trant dy fan in Tamminga en Sikkema gêns neijer as dy fan Jaarsma en Spanninga.’
Nêst jierren hat Y.R. Boarnstra yn in studinte-almenak (letter ek opnommen yn Waeksen Ark, 1945) in sarkastyske krityk levere op Fedde Schurer syn oersetting fan Schiller's An die Freude (in fortaling dy't ek neffens Kl. Dykstra ‘yn har oerallens net rjocht bifredigje kin’) en foel dêr û.o. gear oer de passus ‘Wollust ward dem Wurm gegeben / Und der Cherub steht vor Gott’, dy't by Schurer sá rint: ‘Wille fynt de wjirm yn de ierde / En de Seraf stiet foar God’. As Boarnstra lykwols ditselde kabinetstik yn 'e oersetting fan Hjerre Gjerrits van der Veen (1861) kend hie, soe er him grif noch mear de bûsen útskuord hawwe, hwant op bls. 183 fan dizze dissertaesje stiet fan dy syn hên dit moais to lêzen:
‘In... de wjirm stjit op hjar winke
As in cherub rein foar God.’
Nuver genôch sljochtet de oars sa strang-krityske promovendus dizze bjusterbaerlikheit hwat oer mei de wurden: ‘Nei alle gedachten soe net ien tiidgenoat mei in globael better resultaet út 'e hoeke kommen wêze: it origineel wie to literair-poëtysk foar dy tiid’. Hwerby't men jin ôffreget, hwat hjir ynienen ûn- | |
| |
der ‘literair-poëtysk’ forstien wurdt en oft it faeks lykslein wurde moat mei retoaryske heechdravendheit, dêr't Friedrich Schiller, nettsjinsteande it itichmerk fan Beethoven's muzyk, him hjir wol slim oan bikweadige hat.
Doe't Klaes Dykstra syn tûzenen fiches trochfingere, moat er al gau ta de ûntdekking kommen wêze, dat yn dizze 160 jier hiel hwat teksten faker as ienkear fortaeld wiene. Hjir wie fansels oefte foar syn krityske foarnimmens, hwant hoe'n moaije kâns siet hjir net yn foar forgelykjend skôgjen. Ien fers, Het Geschenk fan Rosalie Loveling, die sels bliken net minder as sawn kear yn it Frysk oerbrocht to wêzen en dat yn fjirtich jier tiid! Troch nou de measte fan dizze ‘dûbelden’ chronologysk yn ien haedstik ûnder to bringen en efterinoar to bisprekken, krige de skôger wol in tige wyldseauwich gehiel. Net de kwaliteit gyng it nou mear by ôf en net de tael hwerút krige nou mear de foarkâns of de dichter hwerfan, mar it stom tafallige - yn oar forbân wol wer symptomatyske - feit, dat mear as ien oersetter oer in fers gear west hie. Fangefolgen krige yn dit haedstik wurk fan tige ûngelikense waerde in plak en is de krekte forhâlding tusken kwaliteit en langte fan bisprek of yntensiteit fan analyse hjir alhiel to syk. Sadwaende dat de lêzer treddel bledside lang bipaeld wurdt by niisneamd sentiminteel berneferske, wylst de trije versy's fan Heine's Wahlfahrt nach Kevelaer (fortaeld troch Gerben Brouwer, H.L. Zwaagstra en Ane Jousma, in folle bilangriker gedicht dus) mei oardel pagina tamoatte en Rilke's Herbsttag (fortaeld troch Postma en Sybe Sybesma) mar goed ien tametten krije. Sadwaende ek dat men fan Staring's Een nieuw lied van een meisje en een schipper (in typyske sjongtekst, fortaeld troch H.H., dêr't nei alle wierskyn de Frjentsjerter horloazjemakker Harmen Hager efter forskûle sit, en troch D. Kalma) ynienen opstiicht ta in masterlik sonnet fan Kloos (‘Ik ween om bloemen’) en men fan de klassike hichten fan in Ovidius,
Horatius of Anakreon hommels delploft yn Albrecht Johannsen's Noardfrysk Flaggeliet of yn Klaus Groth's Min Vaderland. Dizze wurkwize brocht fansels mei dat de faktor tafallichheit by de gearfetting oer gehalte en peil oan de ein fan dit haedstik to swier oanwaecht om der oare as wippelige konklúzjes op to bouwen. De skriuwer hat dat sels blykber ek field, hwant op bls. 162 seit er: ‘Sûnderdat der mear as slim willekeurige útkomsten úthelle wurde meije, is in ûndersyk nei it oersetbyld oer dy foar de hân wei keazen teksten oan 'e iene kant forliedlik en oan 'e oare kant ek net wei.’ In útspraek dy't yn syn tsjinstridichheit de twiveligens fan de skriuwer oer de wearde fan syn al of net
| |
| |
stringhâldende praemissen op 'en klearsten werjowt.
Mear hâldfêst by it komponearjen fan in totaelbyld jowt dêrom it haedstik oer de wichtichste oersetters fan poëzij. De ûndersiker wie hjir net boun oan de domme doublure, mar koe in mear frije kar dwaen út it foarhannen materiael. Mei't hjir in hiel poarsje kontemporain oersetwurk ûnder it forgreatglês komt to lizzen, is dit part fan it boek wol it lêsberst, ek foar net-faklju. De strange noarmen dy't Dykstra yn it foarôfgeande haedstik al stelde, wurdt hjir alderminst mei sloaid. Hjir ek wurde fragminten fan originélen njonken dy fan oersette teksten lein. Mei de romte fan arguminten wurde tsientallen oersettingen stik foar stik bioardiele, mar dan oersettersgewize. In foech fjirtich Fryske poëten wurde hjir hifke op har oersetformogens, fan Rinse Posthumus ôf oant... Kl. Dykstra ta. De lêstneamde wurdt troch de promovendus fanwegen syn Keats-oersettingen foaral (sj. De Tsjerne jg. '50) moai krekt de positive wurdearring taskikt dy't er fortsjinnet; in foarbyld fan selsobjektivearring dêr't suver wol hwat moed ta nedich is. Gauris slagge yn dit haedstik Dykstra's griffe skealjens lykwols oer nei it negative. Figueren as O.H. Sytstra, W. Faber, G. Postma, W.P. de Vries, de beide Rypma's en ek Sjoerd Spanninga wurde qua oersetters lichternôch bifoun, ek al diene hja it minder mâl as âlde ‘master Hjerre’, dy't wjirmen ta cherubs promovearre. Fan Sipma sawol as fan Hof (hwaens Longfellow-oersetting greate lof tafalt) seit de skriuwer dat hja by it oersetten faek ‘by de slimmichheden lâns draefd binne’. It groeiproses fan it Frysk as fortaelmedium lit er yn syn oardiel soms meispylje, hwant yn ditselde forbân wurdt ornearre: ‘Poëtysk koe dy generaesje de saek noch net oan’ (bls. 199).
It sprekt fansels dat de produktyfste oersetter fan dizze ieu, Douwe Kalma (250 titels!), yn dizze stúdzje ek de greatste romte tapart kriget, ntl. 12 bledsiden. Wylst de skriuwer de greatste wurdearring hat foar Kalma's baenbrekkend wurk op dit mêd (‘de earste oersetter, dy't de wjukken wiid útsloech, binammen oer de reuzen yn de angelsaksyske letterwrâld’), hat er de skerpste krityk op syn taelhantearring en sfearwerjefte. Al earder (De Tsjerne jg. '50) hie Klaes Dykstra n.o.f. Kalma's Yeats-oersettingen him hjiroer op deselde wize útlitten. By alle respekt foar syn technysk kinnen, konstatearret er by dizze oersetter in slimmen oanstriid ta ‘fordizening’ en in tokoart oan tsjinstberheit njonken it origineel, mar syn greatste biswier tsjin dizze bijeftige poëzijfortaler is dat ‘de tael nei de studearkeamer rûkt’ en dat it brûken fan dy aparte, faek fage wurden by Kalma útgongspunt en bigjinsel, ja roun- | |
| |
om en altiten syn iennichste trant is' (bls. 208). Wy leauwe dat hjir, sûnder de tongerhammer fan Thor to hantearjen, in spiker op 'e kop rekke wurdt, dy't troch de eardere generaesje gauris misroaid is.
Positiver wurdearring dêrtsjinoer krije fersoersetters as Postma (Rilke, Dickinson, de Heliand), dy't treflik as ‘visueel-mimerjend dichter’ karakterisearre wurdt, en ek as Schurer (Heine, Donne), fan hwa't sein wurdt dat er ‘trouwer oan technyk en sfear as oan letterlike ynhâld’ fortaelt.
Somtiden knikt de skriuwer syn miet hwat foarby, troch lykas by Jaarsma en Spanninga oan syn analyses eigen oanwizingen ta tekstforbettering ta to foegjen. Dit lei, tinkt ús sa, net op syn wei, hwant hy hearde him to hâlden by it bioardieljen fan de tekst sa't dy dêr leit en net foarbylden to jaen, hoe't dy wêze kinnen hie.
It leit jin sa by, dat de skriuwer fan dit proefskrift alle foech 4000 teksten dy't er oantrof, ek sels lêzen hat. Dat lucht der dus net om. Alhoewol't er klaget dat foaral yn it foarige de oersetters (b.g. Waling Dykstra!) faek forsommen oan to jaen dat hja frucht út útlânske hôven optsjinnen en dat der yn 'e tiidwurkjes fan foarhinne ek oersetters sèls anonym winsken to bliuwen, kriget men dochs de yndruk dat Dykstra net folle oersetteksten ûntkommen binne. Dat ik yn ien gefal in hiaet konstatearje koe, docht hjir net folle oan ôf. By de oersettingen út it Sjineesk (17 teksten yn yndirekte fortaling) is ntl. net neamd de rige Sjineeske lyryk, dy't J.B. van der Meulen publisearre hat yn Frysk Studinte-almenak 1931 en '32. Om efkes by it Himelske Ryk to bliuwen: de oantsjutting op bls. 72 ‘dûbeld oerset is in fers fan Sji-King’ is der bytroch, hwant ‘Sji-King’ is gjin dichter, mar de titel fan in ier-sjineeske samling lyryk, sa't elke encyklopedy jin fornije kin. Fierders is de titel fan Inne de Jong's Conan Doyle-fortaling as De helhoun yn 'e sompen (bls. 75) forkeard trochkommen, hwant dy is wurden De houn fan de Baskervilles. Hjir hat faeks gjinien foar kinnen, om't de útjefte letter forskynde en better net to witten ûnder earstneamde titel oankundige wie.
Elk dy't wol ris mei oersetten pield hat, kin yn dit wurk hjir en dêr foar himsels aerdige ûntdekkings dwaen. Sa hie ik nea tocht, dat der 52 oersettitels op myn namme stean soene en noch minder witten, dat twa dêrfan (nei Dreesen en Von Liliencron) al earder yn it Frysk fortaeld wiene, ntl. troch in J.D.C. de Vries (1906) en troch J.P. Wiersma (1931).
De styl dêr't Klaes Dykstra dizze stúdzje yn skreaun hat kin oer it algemien wol munsterje; men soe sizze kinne dat er
| |
| |
trochsylt tusken linigens en saeklikheit. Op in pear plakken foun ik ris in útskamper. In sin b.g. as ‘Hjirmei is wol it wichtichste, mar lykwols lang net it measte mei sein’ hat hwat it adverbium oangiet ‘des Guten zuviel’. De útdrukking ‘trochgong fine’ (bls. 108) y.p.f. ‘fuortgong krije’ skaeit foar myn taelgefoel ryklik nei de rûchskerne, wylst omsette hollânske konstruksjes as ‘deadwaners’ en ‘ôfbrek dwaen’ en ek in evidint hollânisme as ‘men soe der yndied om gnuve kinne’ (bls. 195) better mijd wurde kinnen hiene. Dat it setduveltsje yn dit wurk ek wol ris in pear letters of in wurdlid weimoffele hat, sil min foar to kommen west hawwe; de tekst wurdt der lykwols nearne korrupt ûnder.
De dichter, literatuerkenner en wittenskipsman Klaes Dykstra hat de Fryske skriftekennisse in greaten deugd dien troch dit ynteressant en follesidich ûnderwerp as objekt fan stúdzje to kiezen ta it biheljen fan syn doctorsgraed. Yn dit boek Oersettingen yn it Frysk wjerspegelet him op kleare en meinimmende wize de wrakseling omheech fan it ‘boerefrysk’ ta in ynstrumint dat, mits goed bispile, yn steat is de greate literaire komposysjes út de wrâldliteratuer hieltyd liniger en op ekwivalinter wize to fortolkjen. It forskinen fan dit knappe stúdzjewurk is dêrom in dûbele lokwinsk wurdich.
De wearde foar in folksmienskip fan oersetten út oare talen en foaral de hege opfetting dy't dizze nije doctor dêrfan hat, kin net better werjown as mei syn eigen wurden op bls. 241: ‘Mar oersetten, like goed as dichtsjen, is in genedejefte, in trant, dy't elkenien net hat en dêr't de selskrityk foaral net minder by spylje moat.’ Of mei de útspraek oan de ein fan dit wurk: ‘..mar “to eere fen uwz friessche tonge” sil it oersetten yn Fryslân noch gâns heger en wider flecht nimme kinne. De rûmte is der: de hiele wrâld leit iepen ta forkenning en risping.’
|
|