hawwe. In lyts part fan dy goudskatten - noch altiten mear as ien forhúswein fol - ôfkomstich út 'e musea fan Lima, is optheden útstald yn it Paleis voor Schone Kunsten to Brussel. Om dit goud hinne, yn foar- en eftersealen, sjocht men keramyk en weefsels út 'e pré-columbiaenske tiid en juwielen, skilderijen en meubels út it koloniale tiidrek.
De gong fan de útstalling is troch in sealfol stienguod en weefsels, dy't in tige nijsgjirrige yndruk jowe fan de opbou fan de Peruaenske kultueren fan 1500 fóár oant 1500 nei Kristus, mar de forlieding om hjir foarby to stappen, sa haw ik freed de 18e maeije murken, is mannichien to machtich. Hy sjocht yn 'e fierte, krekt as de Spaenske rôver Francisco Pizarro yn 1533, it skitterjen fan it goud en dat lûkt mear as de mûglikheit om kennis op to dwaen fan âlde kultueren.
Myn frou en ik hawwe der in heule middei tosyk brocht en yn dy tiid eins noch net de helte goed bisjoen. De tagongspriis wie heech; 25 frs. De ryk útfierde katalogus koste 75 frs. Meiinoar likernôch sawn en in heale goune. Skoalbern en kunstners mochten der yn foar 10 frs. Dy 18e maeije rounen der de middels net minder as trije skoalgroepen troch de sealen, mar dêr hie nimmen lêst fan, hwant sa'n bisite is foar Brusselske bern in les. Der wurdt harke nei de master of nei de juf en nei de gids en dy hoege net út to heljen om boppe it stimmegeroft út to kommen. De bern yn België, wend oan ekskursjes, binne stil omdat der hwat leard wurdt.
De goudseal hat yn Brussel gjin deiljocht. Der hinget in skimer as by ljochtmoanne, of lit ús sizze: krektlyk as yn in barbaerske timpel. Sêft kunstljocht strielet, fan ûnderen op, út 'e glêzen vitrines wei, oer de gouden diademen, de gouden offermessen, it gouden doktersreau, de halssnoeren, ringen, skepters, helmen, epileartangen, tuniken, bekers, skylden en ôfgodsbylden. En al dat gouden reau út timpels en paleizen en al dy gouden siersels binne ynlein mei turkoaizen en smaragden.
Alle techniken fan it kunstsmeijen hawwe de masterlike metaelbiwurkers fan it âlde Peru bihearske: it laskjen, it klopjen, it smelten, it driuwen, it forguldzjen, it émaillearjen en it waeks-prosédé. Men wurdt der stil fan as men sjocht hwat dizze ambachtskunstners yn 'e marse hiene. Geheimsinnich en faek allinnich mar to rieden is it doel fan de rike forsieringsmotiven.
Ik bin net by steat om nei in middei fan stúdzje folle to forklearjen. In pear nijsgjirrige feiten wol ik lykwols eefkes nei foaren helje. De greatste bloei fan it Inca-ryk wie de tiid fan de Inca Huaina Capac (1475-1525). Syn opfolger Atahualpa moast bilies jaen tsjin de Spaenske avonturier Francisco Pizarro en forlear it libben.
De Inca, de Inca-paleizen en de Inca-tsjinstfeinten hiene alles fan goud. De Inca en syn hôf wiene klaeid yn tricots mei goud borduerd. Der is yn Brussel in tunyk, dêr't 13000 gouden plaetsjes opnaeid binne. Der waerd dronken út gouden skalen. Alle trommen wiene fan goud; alle muzykynstruminten allyksa en boppedat ynlein mei ealstiennen. De draechstoel fan de Inca, opboud út massyf goud fan 16 karaet, biset mei smaragden en oare ealstiennen, yn hannen fallen fan Pizarro, waerd droegen troch 25 man. In Inca-leger fan 50.000 man hat útrist west yn goud en sulver. Nearne to wrâld hat der ea sa'n pracht en prael west.
As in Inca forstoar liet hy syn rykdom net nei oan syn sibben. Syn paleis mei alle skatten mocht syn opfolger net oan komme. De