rede en logika útskeakelje, jin driuwe litte op 'e chaos fan gewaerwurdingen, dy't er opropt. It libben is gjin logysk forhael, dat de kunstner stal jaen moat neffens de wetten fan oarsaek en gefolch en psychologyske fantasijen, it is in kleaune dy't nimmen úttize kin en hwa't it al bisiket, makket der in mearke fan mei in happy of in unhappy ending. De wiere kunst ûntmaskert dizze skyn en konfrontearret jin ûnbarmhertich mei de authentike werklikheit, de chaos, de leechte. Gjin fleurige fisy dus.
As men, tsjin it advys fan Grillet yn, jins forstân dochs brûkt, ûntdekt men in forhael, dat hjir op delkomt: yn in barok hotelkastiel, in grouwélich hûs, dat jin Sartre syn hel yn 't sin bringt, mei einleaze moarmeren gongen en treppens, in funeste oerdied fan bylden, spegels, ljochtkroanen en swiere kleden, dêr't swijende of flústerjende minsken as skimen omdoarmje en as deade poppen dounsje, ûntmoetsje in man en in troude frou elkoar. Hy wol har meinimme út dizze stilearre forskrikking, op groun fan in moeting, dy't hja forline jier yn Mariënbad hawn hawwe. Hja ûntstriidt dat hja him ea sjoen hat, lit stean dat der in forhâlding tusken harren west hawwe soe, mar hy forfolget har mei syn net to ûntkommen monologen, oant hja folslein yn syn ban rekket en ré is om him to folgjen.
De tiid is yn dizze film eliminearre, fan flashbacks is gjin sprake langer, hjoed en forline floeije trochinoar, lyk as ek wêsten en ûnderwêsten, dream en werklikheit. It mathematyske park, wyt fan in gleije sinne, dêr't de beammen en de bylden gjin skaed hawwe, mar de minsken oan har swiere skaden fêstsitte, is suver noch binearjender as it hûs. It gehiel liket op in nachtmerje fan Kafka (sûnder dy syn bloedige earnst), men kin der gjin kant en alle kanten mei út. It is fascinearjend en tagelyk ôfgryslik en ôfmêdzjend. Hjir is gjin útsicht en gjin útwei, hjir is in monolooch, dy't nea ta dialooch wurdt, hjir wurdt in spul spile, dat men altyd forliest.
Hjir wurdt in donker faset fan it libben suggestyf útbylde, mar de fraech, oft dit de ienichste, authentike werklikheit is, is in kwestie fan leauwe. Dizze kunst hat allinne sin, as hja in appèl, in needrop is, hja forliest har positive wearde, hwer't hja in treasteleaze bilidenis wurdt. Party opteine kritisi, dy't miene, dat dit d e film fan de takomst is, prate fan in earlik en forheftich surréalisme. Ik soe it leaver in hopeleas irréalisme neame, dat nei de grinzen fan de waensin lûkt, in artistyk nihilisme, dat de ierde sawol as de himel forleagenet, dat net clairvoyant, mar blyn as in molwrot is. De konsekwinsje fan in kunst dy't gjin oar doel hawwe soe as it stilearjen fan de chaos, is, dat hja gjin boadskip mear hat, mar yn har frustraesje smoart. Hja is net revolusionair, mar défaitistysk en yn wêzen réaksionair. De wearze tsjin de rede bitsjut forset tsjin de geast en bilidenis fan de ûngeast. It is ien fan myn biswieren tsjin de messias fan Muiden.
It iennichste positive elemint yn dizze (knappe) film, tagelyk in lokkige ynkonsekwinsje fan Grillet, is it forlangen fan de haedpersoan, om oan de hel to ûntkommen. It gejûchhei fan de supporters, dy't de lof fan de chaos sjonge, liket my frijhwat snobistysk. As dizze anarchy it winne soe yn de kunst, dan kamen de filistinen oer ús. De kréative geast, dy't oer it wetter swevet, hat aen fan it ljocht, dat komt, de skeppende kunstner rjochtet tekens op fan it lân, dat er yn syn fisioenen sjoen hat. It lân fan de minske en de mienskip.
INNE DE JONG