Op it harspit:
Mantgumer mjitte
Hilaire BellocGa naar voetnoot*), in Ingelske skriuwer fan Frânsk komôf, mocht graech sile. Op it wetter, op sé, falt alles fan jin ôf; men fielt jin frij, sa wie syn sizzen. Op in dei hied er in Welshman oan board, dy't net al to falle bigryp hie fan farren. By it ynrinnen fan in smel haventsje hie Belloc dochs eefkes de help nedich fan syn maet. ‘Let go the anchor! - it anker út!’ rôp Belloc. Doe't de Welshman gjin risselwaesjes makke, rôp Belloc jitris: it anker út! De Welshman seach forheard efterom. ‘Toe nou, it anker út!’ raesde Belloc. ‘Ik ha it anker al útsmiten’, sei de Welshman yn syn stadich Ingelsk, ‘mar der siet gjin keatling oan’.
By it trochlézen fan it pas forskynde boekje Mantgumer Mfitte, dat troch De Fryske Bibleteek op sa'n biroerde manear útjown is by A.J. Osinga N.V. to Boalsert bin ik wol ré om it jurylid H.K. Schippers gelyk to jaen. De opstappers oan board fan it skipke De Rely Jorritsma hawwe faek gjin aen fan silen. Lit my it byld mar loslitte en foar silen ‘it skriuwen’ sette.
Schippers syn ‘buorman Apperloo’ (sa wurdt de hear M. Apperloo gemoedlikwei neamd yn it juryrapport) is gjin kunstner. Hy is as skriuwer like ûnhandich as dy Welshman fan Belloc. ‘Buorman’ kriget lykwols in priis?
Dat wy yn Fryslân noch net ta binne oan de ‘nouveau roman’ fan Alain Robbe-Grillet en syn maten kin ik net sa slim fine, mar dat de easken sa leech steld wurde moatte as yn Mantgum is dochs wol binearjend. Eltse skriuwer fan in kreas opstel is yn Mantgum wis fan in 5 of in 6 en komt dus yn 'e bineaming foar in priis. Ja, hwat is it dan eins? In priis of in treastpriis? Ik hâld it mar op it lêste. In útsûndering wol ik meitsje foar Geart Jonkman syn forhael Dou nei hûs... en gij naar Irnsum. Dat is in artistyk forantwurde wurkstik, dat der útkipt.
L.