De Tsjerne. Jaargang 17
(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 225]
| |
Yge Foppema:
| |
[pagina 226]
| |
oanbrutsen. To folle dokuminten - net in lyts part fan syn wurk, tûzenen farianten (dy't faken gâns forriede oer syn persoan en de ûntjowing fan syn idéen), brieven, oantekeningen, tsjûgenissen - binne noch net tagonklik, dat in folslein ynsjoch yn alles hwat Brecht oangiet is op 't heden net to krijen. It folgjende wol dan ek net mear wêze as in foech oersjoch, útgeande fan in hypothese, dy't it ‘riedsel Brecht’ min ofte mear bifredigjend forklearret... foar dyjinge dy't de hypothese oanfurdgje kin. Dêrby sil fansels hieltiten yn it each hâlden wurde moatte dat it in wurkhypothese is, ornearre om foroare of byneed forsmiten to wurden, neigeraden nije feiten it ûnderwerp yn in nij ljocht forskine litte. Men mei ek net forjitte dat elke wurkhypothese persoanlik is, foarsafier't hy ûnûntkomber gearhinget mei de opfettingen en de tinkwize fan dyjinge dy't him opmakke hat. Mar nettsjinsteande sokke biheiningen kin sa'n hypothese syn fortuten en sels syn biskate jildichheit hawwe, om't wy dêrtroch de figuer Brecht neijer komme kinne en better bigryp krije fan en foar syn wurk. Ik soe it faeks net weage hawwe myn persoanlike hypothese ta forklearring fan Brecht iepenbier to meitsjen, hie ik dy net wiidweidich bifêstige foun yn hwat to'n earsten wol de bêste biografy fan dizze dichter is: Brecht. The Man and his Work fan Martin Esslin, in út Hongarije en Eastenryk ôfkomstige Ingelske skriuwer en BBC-regisseur. Dat nimt net wei dat de hypothese sa't ik dy jow inkeld foar myn forantwurdlikheit bliuwt. Ik hâld dan út, dat der gjin riedsel Brecht is, bihalven foarsafier't hysels ien makke hat. Brecht wie himsels in riedsel en dat woe er bileaven net wêze. Dêrom hat er him syn libben lang forskânze: yn syn kunst, yn syn polityk, yn théoretyske biskôgingen (dêr't gauris alle konsekwinsje yn to syk is; dêrfandinne de faken hertstochtlike strideraesjes deroer) en yn eigenaerdichheden, tipelsinnichheden en oanstellerijen, dêr't er jamk syn fijannen bliid en syn freonen wanhopich mei makke hat. Mar hy soe gjin kunstner by Gods genede (dy't hy ûntstried) west hawwe, as hy him net tagelyk yn syn kunst bleatjown hie. De kaei ta it net wêzenlik bisteande riedsel Brecht leit net yn syn forhannelingen en biwearingen mar yn syn kunst en binammen yn syn lyryk, dêr't er, him forskânzjend, himsels yn syn djipste wêzen yn iepenbiere hat. Eugen Berthold Friedrich Brecht (de earste en de tredde foarnamme hat er letter weilitten en de twadde hat er foroare yn Bertolt, yn neifolging fan syn doetiidske freon Arnolt Bronnen, dyt Arnold ek to sljocht achte) is de 10e febrewaris 1898 | |
[pagina *21]
| |
BERT BRECHT
Dútsk skriuwer 1898-1956 (klisjé Meulenhoff) | |
[pagina 227]
| |
yn Augsburg berne as soan fan in fabryksdirekteur. Hy wie in foarlike jonge: doe't er sechtjin wie, publisearre hy syn earste gedichten en forhalen yn 'e Augsburger Neueste Nachrichten. Hy wie ek in opstannigenien: in jier letter spande it der om, of hy wie fan it ‘Realgymnasium’ ôfjage fanwegens in opstel oer it forplichte ûnderwerp ‘Dulce et decorum est pro patria mori’. It wie yn 1915, it jier fan de Dútske oerwinningen yn 'e earste wrâldoarloch: men moat jin foarstelle hoe't men dêrre yn it miene oer ‘Vaterland’ en ‘Heldentod’ tocht. De sawntjinjierrige Bert Brecht skreau: ‘De útspraek dat it noflik en earfol is foar it heitelân to stjerren, kin allinnich as propaganda foar in biskaet doel weardearre wurde. It ôfskie fan it libben falt altiten swier, op bêd likegoed as op it slachfjild, en grif it slimst foar jonge minsken yn 'e bloei fan har jierren. Allinnich lju dy't neat yn 'e plasse hawwe, kinne de idelheit sa fier driuwe dat hja fan in maklike sprong troch de tsjustere poarte prate, en dan ek noch allinnich salang't hja leauwe dat de lêste ûre noch fierôf is. Mar komt Blauwe Fedde op harrensels ta, dan nimme hja it skyld op 'e rêch en naeije der út, lyk as by Philippi de imperator syn mounige hofgek, dy't dit sizke optocht hat.’ Dêr is gjin wurd Frânsk by en it lit ús suver al de hiele lettere Brecht sjen: skerp, brutael, rebelsk, net ré him eat wiismeitsje to litten, de dingen sizzend sa't hy dy sjocht ek as hy wit dat der skandael fan komme sil (of krekt dan). Der kaem skandael fan; in learaer rêdde him mei't hy forklearre dat de jonge ûnder ynfloed fan 'e oarloch hwat tiishollich wurden wie. De man koe wolris mear gelyk hawn hawwe as hy tocht: it is mear as wierskynlik dat Brecht syn lettere sinisme, syn hurdens, bitterens en rouwens fuortkamen út in gefoeligens bûten roai en in dêrmei gearhingjend ûnformogen it bankerot fan in maetskippij, it forfal fan al syn noarmen en de ynstoarting fan in forrotte steatsbiwâld posityf to forarbeidzjen. Mar der wie noch in oare kant oan Brecht dy't men yn it each hâlde moat, en dat is syn prinsipiéle oertsjûging dat elke minske foar himsels soargje moat en dat men better in libbene houn wêze kin as in deade liuw. Dit liket wol yn striid to wêzen mei de skynbere manmoedigens fan it niis sitearre opstel, mar it is net minder typysk foar Brecht. Dizze twadde kant komt nei foaren yn in anekdoate út deselde tiid: Brecht en in freon stiene der oan 'e ein fan in skoallejier net sa bêst foar; foar beide hong it oergean nei in hegere klas fan ien stik wurk ôf. Beide forbroddelen it. De freon, alhiel | |
[pagina 228]
| |
forwêzen, bisocht in tal flaters út to feijen; dat waerd fansels ûntdutsen. Brecht biarbeide syn wurk ek: hy sette der jit in protte reade streken by op plakken dêr't gjin flaters stiene en frege doe syn learaer hwat dêr forkeard oan wie. De learaer moast tajaen dat hy him to folle flaters oanrekkene hie en forhege syn sifer. Op analoge manear soe de man Brecht him weiwine foar maetregels fan de Dútske filmsensuer en foar bitinkens fan de senaetkommisje foar ûnamerikaenske aktiviteiten - mar letter, doe't hy yn East-Dútsklân tahâldde, likegoed foar krityk fan offisiéle fortsjintwurdigers fan de almeugende Partij.
Yn 1917 bigoun Brecht yn München foar dokter to learen; hy wie ek noch in skoft hospitaelsoldaet - in perioade dy't him forsterke yn syn pasifisme en him foar syn hiele libben ta in fijân fan elke oarloch makke. Yn de wylde jierren nei de ynstoarting fan it keizerryk wie hy in bikende figuer yn it Münchener artystelibben. Hy wenne op in souderkeammerke en song de jouns eigenmakke balladen yn bierhuzen: in meagere, ûngewosken, net-kjimde jongkeardel, flodderich yn 'e klean. Lion Feuchtwanger hat him yn syn roman Erfolg biskreaun as Kaspar Proeckl, de autokonstrukteur. (Neffens Brecht wie in toanielskriuwer in konstrukteur fan minsken). Syn earste stik,Baal, skreau er yn fjouwer dagen: hy hie mei in freon in weddenskip oangien dat er net mear tiid fanneden hawwe soe om in better stik to skriuwen as ien fan Hans Johst dat hy forneatigjend kritisearre hie. Ienkear op dit paed rekke, woe Brecht syn wurk ek wol op 'e planken sjen, mar hy seach wol yn dat de tiid noch net ryp wie foar Baal (dat pas yn 1926 ûnder syn eigen regy yn première gien is), en dérom skreau er in twad stik, dat letter de titel Trommeln in der Nacht krigen hat. Feuchtwanger hat biskreaun hoe't de fjirtjin jier jongere Brecht mei dat stik by him kaem: ‘in tige jonge man, meager, suterich skeard, mei forwaerleazge klean. Hy krûpte by de muorren lâns, spriek Swabysk dialekt, hie in toanielstik skreaun en hjitte fan Bertolt Brecht... (Hy) lei der klam op dat er syn stik allinnich skreaun hie om jild to fortsjinjen.’ Feuchtwanger lies it en wist dat er in geny ûntdutsen hie. ‘Ik... skille de skibbige jongeman op en frege him hwerom't er my hwat foarleagene hie: it wie net mooglik en skriuw sa'n stik inkeld út materiéle needsaek.’ Brecht waerd divelsk; hy bigoun to stammerjen fan lilkens en fornijde jitris dat er it inkeld foar jild skreaun hie, mar hy hie noch in oar stik, dat | |
[pagina 229]
| |
wie folle better. Hy brocht him Baal en Feuchtwanger foun syn earste oardiel bifêstige. Op 'en dar liet Brecht syn stúdzje ferre en wijde him alhiel oan de skriuwerij en foaral oan it toaniel. Yn 1922 waerd Trommeln in der Nacht fan in lyts selskip yn München opfierd; tofoaren hie Brecht in biddelbrief oan de forneamde Berlynske kritikus Ihering skreaun en him frege de première by to wenjen. Ihering kaem, skreau: ‘De fjouwerentweintichjierrige dichter Bert Brecht hat yn ien slach it literaire aspekt fan Dútsklân foroare’ en bisoarge him de Kleist-priis foar toaniel. Brecht hie nou de foet kant op 'e ljedder. Dat wol net sizze dat er it fierders maklik hie, hwant hy wie net in maklikenien. Hy koe minsken ôfstegerje dat hja deabinaud of pûrlilk waerden; oan de oare kant wie er altiten it milpunt fan in soad freonen (en binammen freondinnen), dy't him foar it greatste part troch alles hinne trou bleaun binne, oer skiedsmuorren en izeren gerdinen hinne. Hy arbeide it bêst yn in rounte fan freonen en meiwurkers dy't er as klankboerd foar syn idéen brûkte en hy seach der net tsjinoan in tekst tweintich, tritich kear op 'e nij to skriuwen neffens de rie dy't er fan harren krige. Mar hy wie it tsjindiel fan bûchsum: sa wie nou ienkear syn manear fan arbeidzjen en ynspiraesjes opdwaen. Men moat jin net forrifelje litte fan syn idé, dat ynspiraesje net bistie en dat hy inkeld konstrukteur wie (in yllúzje dy't letter fuortsetting krige yn in oaren: dat syn wurkwize kollektyf wie). As elk syn sin sein hie, hie Brecht de versy foun dy't him (op it stuit alteast) it bêst foldie; oeren biynfloeden him net wêzenlik - hy brocht harren ûngemurken dêr't er harren ha woe. As er immen net meikrije koe, waerd dy foargoed syn fijân. Nei it sukses fan Trommeln in der Nacht waerd it stik fan Reinhardt oannommen foar syn Deutsches Theater yn Berlyn. Direkteur fan dy skouboarch wie doedestiids Felix Hollaender, dy't syn eigen idéen hie en net fan doel wie to rinnen oan de liedbân fan in griene jonge út 'e provinsje. De opfiering mislearre en Brecht skreau oan Ihering: ‘Hollaender hat dus de Trommeln formoarde. Hwat in swart ynboarst hat dy man. God sil mei him ôfweve. Dat sil net noflik foar him wêze. Mar ik sil ek mei him ôfweve. En dat sil noch ûnnofliker foar him wêze.’ De Brecht út dy earste Berlynske jierren fynt men jitris fan Feuchtwanger biskreaun yn it stal fan Kaspar Proeckl, de konstrukteur út Erfolg. ‘Fan bern ôf oan hastou in opmerklik tokoart hawn oan sosiale ynstinkten’, seit in freon tsjin Kaspar. | |
[pagina 230]
| |
‘Hwat foar in oar fansels sprekt, ynstinkt, oerhearsket dy troch syn nijens... Dou bist in earm skepsel. Dou bist net by steat en forpleats dysels yn oare minsken. Dou kinst gjin sympathy mei oaren hawwe; dêrom bisikest dingen to krijen mei kunstmjittige middels... En boppedat - dou bist in puritein. Dy miskearje de wichtichste minsklike organen: sintugen dy't by steat binne ta geniet, en in leafdefol hert.’ Oan it oerflak is de likenis fan dit portret wol hast folslein, mar it mist de djipte. It forklearret Proeckl/Brecht út in leechte, wylst de wêzenlike forklearring by Brecht in oerfloed is - in oerfloed fan gefoel sa great dat de persoanlikheit fan de dichter mei ûntbining en dwylsin bidrige waerd. Dêrom forskânze hy him efter in siniske libbenshâlding en hy kaem op it lêst safier dat er de oanwêzichheit fan gefoel yn syn wurk ûntstried: ‘Ik ha gefoelens inkeld as ik pine yn 'e holle ha, nea as ik skriuw, hwant dan tink ik.’ Yn de mearkes fan Grimm komt it forhael foar fan Izeren Heinz, de man dy't sa'n great fortriet hat dat er trije izeren bannen om syn liif smeije lit út eangstme dat oars syn hert brekke sil. Brecht hat itselde dien, allinnich smeide hy syn bannen sels. De earste bân wie dy fan syn sinisme. Dy koe it op 'en dûr net hâlde en doe hat er in twadden smeid fan hurdens - yn de dagen dat er mei seisdagefytsers en boksers forkearde - mar dat ‘kunstmjittige middel’ holp ek mar in koart skoftke. En doe rekke er yn 1924, it jiers fan syn oanstelling as dramaturch by Reinhardt yn Berlyn (togearre mei Carl Zuckmayer) op it spoar fan it marxisme, en dêrút smeide er yn jierren fan tawijde stúdzje de tredde en swierste bân.
Yn in gedicht hat Brecht oer himsels tsjûge: ‘Ik bin opgroeid as soan fan dwaende lju. Myn âlden hawwe my de wite board omboun en my greatbrocht yn 'e tradysjes fan jin bitsjinje to litten en my ûnderrjochte yn de kunst fan it baesspyljen. Mar doe't ik folwoechsen wie en om my hinne seach, sinnigen de lju fan myn klasse my net, it baesspyljen net en likemin it jin bitsjinje litten, en ik forliet myn klasse en joech my by de lytse lju.’ It lêste moat men net letterlik opfetsje. Brecht is net ûnder de arbeiders gien; syn leafde foar harren wie in leafde foar in ‘abstrakt proletariaat’. Kommunistyske kritisi hawwe him dat mei rjocht en reden to hâlden jown, sa Tretjakof yn 1937 nei oanlieding fan Brecht syn stik Die Mutter, nei't hy der op wiisd hie dat forskate figueren dêryn, lyk as de learaer, de hûsbaes, de winkelfrou en de polysjeman tige libben binne: | |
[pagina 231]
| |
‘De arbeiders binne skraechwurk faninoar to ûnderskieden; dit is in algemien tokoart yn alle stikken fan Brecht, dêr't út bliken docht dat it proletaryske formidden him net eigen is (dit is in warskôging foar him dat dêr foroaring yn komme moat.’Ga naar voetnoot1) Brecht plichte him wiidweidich to dokumintearjen; syn wurktafels leine altiten fol boeken en kranteknipsels, mar mei dat al wie er winliken in ‘weltfremd’ man en syn arbeiders bleauwen skematyske figueren ûntliend oan 'e marxistyske literatuer. Yn it marxisme, dêr't er him op 'en dûr mei ham en gram oan oerjoech, foun Brecht krekt hwat er fanneden hie: in rjochtfeardiging fan syn opstannichheit foar de maetskippij oer, dêr't er út weikaem, in forklearring fan it feit dat de minsken wiene sa't hja wiene en in forwachting fan in bettere wrâld dy't biwiisber en ûnkearber komme moast. It ûntlêstge him derby fan in skuldgefoel dat binammen yn syn ier wurk op gans plakken troch de oerhûd fan sabeare hurdens en ûnforskilligens hinnebrekt - hwant as de minsken in produkt binne fan harren omstannichheden, dan binne hja allinnich skuldich foarsafier't hja net meiwurkje om de omstannichheden to foroarjen, d.w.s. om de ûntjowing fan de skiednis neffens Marx to forhastigjen. En dit waerd fuortoan it foaropsette doel fan Brecht syn wurk. Yn syn Hauspostille út 1927, in bondel fersen dy't ta it bilangrykste heart hwat de Dútske dichtkunst oplevere hat, is alles noch trochsuorre fan in djip pessimisme. Heil of help is der foar de minske nearne to finen. As de deade soldaet, dy't opgroeven en plechtich foar de tsjinst goedkard is, hwant de Keizer kin alles brûke ta kanonnefoer, wer bigjint to marsjearjen en syn skonken heech út syn kont opskopt sa't it him leard is (de bidoeling dat it de lezer oanpakke soe is dúdlik), kin men him net sjen om't der safolle minsken jubeljend omhinne steane; ‘fan omhegen koe se him faeks al sjoen hawwe, mar dêr wie neat - bihalven de stjerren.’ Dér moat de minske it mei dwaen, en hy mei dêr wol tige tankber foar weze, seit de dichter yn syn Grosser Dankchoral (sj. bylage I). Mar yn de birêsting fan dit korael sit in - al is it mar ironysk - protest, itselde protest dat in pear jier letter geijend | |
[pagina 232]
| |
klinke sil yn 'e dissonanten fan it einkorael fan 'e Dreigroschenoper:
Bedenkt das Dunkel und die grosse Kälte
In diesem Tale, das von Jammer schallt.
En dan is dêr de romantyske dream, dy't hieltiten wer nei foaren komt, binammen yn de aventûriers, boeven, huorren, poètes maudits en oare ûnmaetskiplike figueren, dêr't Brecht syn toaniel en syn lyryk gauris mei bifolket:
Schlendernd durch Höllen und gepeitscht durch Paradiese
Still und grinsend vergehenden Gesichts
Trâumt er gelegentlich von einer kleinen Wiese
Mit blauen Himmel darüber und sonst nichts.
(Ballade von den Abenteuern)
En dêr is de Heineaenske ‘Weltschmertz’:
Ohne Hut und nackt und mit eigenen Haien.Ga naar voetnoot2)
Er kennt seine Welt. Er hat sie gesehn.
Er hat eine Lust in sich: zu versaufen
Und er hat eine Lust: nicht unterzugehn.
(Ballade von den vielen Schiffen)
Romantyske eleminten fine wy ek yn it forneamde selsportret Vom armen B.B. (sj. bylage II). De titel bringt jin de ‘pauvre François Villon’ yn 't sin, hwaens gedichten Brecht biwûndere, biarbeide, neimakke en sûnder skamte stellen hat. It gedicht is forneamd foaral om de profetyske rigels oer de ûndergong fan greate stédden lyk as Berlyn:
Von diesen Städten wird bleiben:
der durch sie hindurchging, der Wind!
B.B. bikroade him méár om it libben en om syn evendieren as er meastentiids wêze woe; dêrfandinne it yn it moed taes- | |
[pagina 233]
| |
tend refrein fan it liet Von der Kindesmórderin Marie Farrar:
Doch ihr, ich bitte euch, wollt nicht in Zorn verfallen
Denn alle Kreatur braucht Hilf von allen.
En it gedicht Prototyp eines Bösen mei dan al swier fan sarkasme wêze, it einget dan dochs mar mei de rigels:
Darum bitt ich hiermit um Erbarmen
mit den Schweinen und den Schweinetrögen!
Helft mir bitten, dass auch diese Armen
In den Himmel eingehn mögen.
Foar immen dy't net yn himel of hel, God of gebet leaude hat Brecht him dêr opmerklik faek oer útlitten. Yn ien fan syn nijsgjirrichste gedichten, Von den Sündern in der Hölle, lit hy himsels en in stikmannich fan syn freonen opkomme:
Die Sünder in der Hölle
Haben's heisser als man glaubt.
Doch fliesst, wenn einer weint um sie
Die Trän' mild auf das Haupt.
Doch die am ärgsten brennen
Haben keinen, der drum weint.
Die müssen an ihrem Feiertag
Drum betteln gehn, dass einer greint.
Sa binne yn 'e hel inkelde Augsburger freonen fan de earme B.B. sûnder treast, út oarsaken dy't sa biskreaun wurde:
Und dort im Lichte steht Bert Brecht
An seinem Hundestein
Der kriegt kein Wasser, weil man glaubt
Der müsst im Himmel sein.
Jetzt brennt er in der Höllen.
Oh, weint ihr Brüder mein!
Sonst steht er am Sonntagnachmittag
Immer wieder dort an seinem Hundestein.
De sneintomiddagen yn Augsburg lykje net botte fleurich west to hawwen.
Yn de Hauspostille is fan marxistyske ynfloeden noch neat to merkbiten. Ek net yn 'e Dreigroschenoper, dy't yn 1928 foar | |
[pagina 234]
| |
it earst opfierd waerd en dy't Brecht foargoed ta in forneamd man makke: hy krige in skouboarch en in selskip mei earste krêften ta syn foldwaen en koe tonei op toanielgebiet eksperimintearje sa't er woe. Mar in stúdzje fan de forskillen tusken dizze opera en de film dy't in jiermannich letter dêrnei makke is, liedt ta nijsgjirrige konklúzjes. De film hat in dúdlike sosialistyske strekking dy't de opera net hat, en dy strekking soe noch folle dúdliker west hawwe as Brecht syn sin krige hie. (Hy krige sa min syn sin dat er de filmmaetskippij in proses oandie. Doe't er it forlear, skreau er der in bitsige brosjuere oer). Yn dy tuskentiid falt syn definitieve ‘bikearing’ ta in doktrinair marxisme - it sluten fan de tredde en swierste izeren bân. Fan dy tiid ôf hat Brecht syn wurk en hawwe binammen syn toanielstikken hwat langer hwat mear in politike bidoeling krigen. Aufstieg und Fall der Stadt Mahagonny is yn dizzen al ridlik dúdlik en Die Mutter is suver in propagandastik. Dêrtuskenyn skreau Brecht in hiele rige saneamde ‘Lehrstücke’, dy't - de namme seit it al - in didaktyske opset hawwe. Dat paste allegear wûndere moai yn Brecht syn kreamke. Hy hie der nammers altiten op oanstien dat gefoel gjin foech joech by it toaniel, by de skriuwer en de spylders net en by de taskôgers likemin; ynsté fan in identifikaesje fan de taskôger mei de figueren op it toaniel woe hy in forfrjemding ha: men mocht nea forjitte dat men syplders yn in dékor seach en gjin wiere minsken yn harren formidden. Brecht woe it toaniel alle yllúzjes ûntnimme en mei dat ‘epyske toaniel’ de minsken helpe alle yllúzjes farre to litten (lyk as hysels se farwol sein hie) en inkeld op harren forstân to bitrouwen; ynsjoch moastt yn it plak komme fan katharsis. Doe't er ienkear it marxisme oannommen hie (dat as wittenskip fansels frij wie fan alle yllúzjes), waerd ringen it didaktyske toaniel de logyske forfetting fan it epyske. En docks...! Ien fan Brecht syn bêste stikken is Die Massnahme. It hat de foarm fan in dramatyske kantate foar fjouwer solostimmen en in koar, dat it gewisse fan de (kommunistyske) Partij foarstelt. De fjouwer komme út China werom, hwer't hja yllegael wurk dien hawwe. Der hat jit in fyftenien by west, in jongfeint, mar dy hawwe hja ‘likwidearje’ moatten. It koar wol witte hwat der bard is om in ‘maetregel’ (dêr komt de titel wei) nimme to kinnen en de fjouwer spylje it harren foar, hwerby't hja bar om bar de jongfeint útbyldzje. It docht bliken dat hy de easken dy't him steld wiene net treast west hat: | |
[pagina 235]
| |
hy hat it lot fan earme minsken forlichte ynsté fan gebrûk fan harren ellinde to meitsjen om harren ta rebûlje oan to fiterjen; hy hat in polysjeman dy't in oar arrestearje woe foar eat dat de jongfeint sels dien hie, oanfallen en sadwaende harren wurk yn gefaer brocht; hy is deiles rekke mei in kapitalist dêr't er foar in biskaet doel in set op dwaen soe, en hy hat út meilijen de lieding nommen by in spontane aksje fan wurkleazen en dérby forteld dat hy in seinboade fan Moskou wie, ynsté fan ôf to wachtsjen dat de Partij it bifel ta de revolúsje joech. Koartsein, hy hat him hieltiten wer fan syn gefoel forliede litten om dingen to dwaen dy't tsjin de bilangen fan de Partij en fan de revolúsje sa't de Partij dy seach yngyngen. Ut selsbihâld (foar de Partij oer) moatte syn maten him likwidearje. As goed kommunist biliidt de jongfeint syn forsinnen en freget er om deasketten to wurden. Dat dogge de oaren en it koar sprekt harren frij. Dúdliker, epysker en didaktysker kin it kwealik, soe men sizze; dit liket wol klearebare propaganda foar in dogmatyk mei izeren konsekwinsjes en as sadanich hat de dichter it dan ek bidoeld. Mar dan bikomt it jin nij dat de kommunistyske krityk foar dit stik nea in goed wurd oerhawn hat. Neffens har wie it in théoretysk úttinksel; foar in echte marxist soe sa'n konflikt him nea foardwaen kinne: allinnich by in boargerlike yntellektueel koene forstân en gefoel inoarren sa yn 'e boegen rinne. It stik waerd foroardiele as ‘in typysk lytsboargerlik, yntellektualistysk stik wurk’. En de kommunistyske krityk hat it tige goed sjoen, hwant foar de taskôger is Die Massnahme gjin ‘Lehrstück’, gjin forstanlike útbylding fan in taktysk probleem út de revolúsjestriid, mar in klassike trageedzje yn in nije foarm, in fortoaning fan de ivige botsing yn 'e minskesiel tusken hert en brein en fan de twaspjalt dy't ûntstiet as de minske ûnmachtich is beide har gerak to jaen. Yn Die Massnahme nimt de nijbikearde marxist Brecht ûnbitinge it forstân foar kar mei alle konsekwinsjes dy't dêroan forboun binne, mar hwat de taskôger yn it moed taest is net dizze konklúzje mar de trageedzje dy't dêrta liedt. (En nou fansels ek it profetyske elemint yn dit stik, dat as in foartsjirmerij is fan Stalin syn suveringsprosessen jierren letter). Brecht hat nei oanlieding fan krityk fan geastessibben de tekst fan Die Massnahme foroare (lyk as er hieltiten foroaringen yn syn wurk plichte oan to bringen), mar it wêzenlike hat er net oantaest - as it der op oankaem hie syn forleagene kunstnerssiel altiten de oerhân op syn ta kening forheve | |
[pagina 236]
| |
forstân. Dêr stiet foaroer dat dat forstân dan wer de snoadste rasionalisaesjes op to dichtsjen wist om datjinge to forklearjen dat hy net earlik forklearje koe. Sa is it omtrint oan 'e ein ta bleaun. Doe't Mutter Courage und ihre Kinder fan de ‘boargerlike’ kant as in treffende Niobetrageedzje bijubele en fan syn kommunistyske freonen om deselde reden ôfstegere waerd, is Brecht ek wer oan it foroarjen gien. Frou Courage is in merketintster yn 'e Tritichjierrige Oarloch; hja libbet fan 'e oarloch en forliest sadwaende al har trije bern. Yn 'e ein flokt hja de oarloch - mar hja keapmannet fierder. It wie Brecht syn útsprutsen bidoeling dat it publyk ta it bislút komme soe dat frou Courage sels ûntkaem: hwa't de oarloch tsjinnet giet der oan to lider en dêrom moat men tsjin de oarloch stride en him net as in needlot oanfurdgje. Dat frou Courage dy striid ûntwiek wie net har needlot mar har misdied. Doet de diskusje dêroer geande rekke, wie Brecht yn East-Dútsklân in great man en it bêste paradehynder dat hja dêr foar it Westen opdrave litte koene, dat Friedrich Wolff, de ynfloedrykste kritikus út it Partijformidden, wie net al to wreed oer de ‘Meister’: ‘Und da hätte ich mir die “Courage” noch wirksamer gedacht, wenn ihre Worte “Verflucht sei der Krieg!” zum Schluss... einen sichtbaren Handlungsausdruck, eine Konsequenz dieser Erkenntnis gewonnen hätte.’ - ‘Lieber Friedrich Wolff’, andere Brecht nei't er allerhanne minder wêzenlike dingen yn de tekst foroare hie, ‘...Wenn jedoch die Courage weter nichts lernt - das Publikum kann, meiner Ansicht noch, dennoch etwas lernen, sic betrachtend.’ Ein fan 'e strideraesje. As propagandist woe Brecht graech alles meistimme, mar as kunstner wie hy oer gjin strie to lûken. Ut guon uteringen út Brecht syn lêste libbensjierren soe men ôfliede kinne dat hy him by skimerjoun fan dizze twaspjalt biwust wurden is. Syn freon Ernst Kläber hie him tsjinoer syn grounstelling ‘de wierheit is konkreet’ - in stelling dy't Brecht sa fundaminteel achte dat hy dy oeral yn 'e wrâld dêr't er arbeide as spreuk oan 'e muorre hong - altiten foarhâlden: ‘De iennige wierheit is yn 'e fantasij.’ Net lang foar syn dea skreau Brecht him út it sikehûs: ‘Dou koest wolris gelyk hawwe.’
Brecht krige fansels hwat langer hwat mear swierrichheden yn it Dútsklân dêr't Hitler yn it opkommen wie. Yn 1932 waerd syn film Kuhle Wampe forbean; in opfiering fan Die Massnahme waerd yn it bigjin fan 1933 fan de polysje for- | |
[pagina 237]
| |
steurd; fan in oar stik waerd de opfiering net tastien. De 27e febrewaris brânde it gebou fan de Ryksdei. De oare deis forliet Brecht mei syn húshâlden syn heitelân; it soe mear as fyftjin jier oanhâlde ear't er dêr werkaem. In pear wiken letter brânden syn boeken op 'e Opernplatz. Lyk as safolle emigranten hat Brecht letterlik de hiele wrâld omswalke. Yn 1940 wie er yn it fierste úthoekje fan Europa bidarre, yn Finlân, dêr't er skreau:
Im Lautsprecher höre ich die Siegesmeldungen des Abschaums
Neugierig betrachte ich die Karte des Erdteils
Hoch oben in Lappland
Nach dem nördlichen Eismeer zu
Sehe ich noch eine kleine Tür.
Dat deun njonken dat doarke de bandoar nei Ruslân tûzen kilometer wiid is, liket him by it bisjen fan 'e kaert ûntkommen to wêzen. Hy hat dy letter dochs brûkt, mar it stiet fêst dat it fisum fan de Amerikaenske konsul yn Helsinki de tredde maeije 1941 yn syn pas stimpele is en dat Brecht-en-dy de alfte juny fan datselde jier mei in Sweedsk skip fan Wladiwostok nei Kalifornië ôfreizge binne, dat folle hat hy fan Ruslân en Ruslân fan him net sjoen. Brecht hat fansels tige fan de ballingskip hawn, mar hy hat der komselden min oan ta west. Hy hat in bulte arbeide en syn stikken waerden yn de hiele frije wrâld spile, bytiden fan lytse avantgarde-selskipkes, mar ek wol fan kunstners as Yvette Guilbert en Albert Basserman. Hy rekke bifreone mei Chaplin (‘Der binne mar twa regisseurs’, moat Brecht ienris sein ha; de oare wie Chaplin) en skreau in stik yn 'e mande mei Charles Laughton (dy't yn Hollywood en New York der ek de haedrol yn spile) en in oarenien mei syn âlde freon Lion Feuchtwanger. Mar hy bleau in frjemdling en bywenner yn Amearika en yn 1947 naem hy mei firagens it fleantúch nei Parys. Tsjin in freon dy't him dêr hommels opdaegjen seach, sei er: ‘Doe't hja my biskuldigen dat ik it Empire State Building stelle woe, tocht ik dat it de heechste tiid foar my wie en gean fuort.’ Dat doelde fansels op syn forhoar foar de senaetskommisje foar ûnamerikaenske aktiviteiten, dêr't syn marxisme by op it aljemint kommen wie. Mar dat forhoar siet him ek yn Europa noch yn 'e wei: it greatste part fan 1948 wachte er omdôch op in fisum foar West-Dútsklân. Pas doe't hy dat net krige, hat er in útnoeging oannommen om nei East-Berlyn, dêr't in hûs en in skou- | |
[pagina 238]
| |
boarch op him wachten - mar earst die hy trije oare dingen. Mei hwat kneepkes wist er in Eastenrykske pas binei to kommen. Hy sette syn jild op in Switserske bank. En hy joech de auteursrjochten fan al syn wurk yn hannen fan in Westdútske útjower (syn âlde freon Peter Suhrkamp). In dichterlike biskriuwing fan it Deenske boerehûs dêr't Brecht-en-dy yn de Hitlertiid fiif jier yn wenne hawwe, liet er eingje mei de rigel: ‘It hûs hat fjouwer doarren dêr't men ta'n út flechtsje kin.’ Ek syn lêste perioade yn East-Berlyn soarge hy der foar dat er alle kanten út koe. En hy bleau dêr oant syn dea, trou oan it bigjinsel dat er ienkear keazen hie, mar in rots fan ergernis foar dyjinge dy't it hêft yn 'e hannen hiene. Hy hat der noch acht jier arbeide, meiwurkers en learlingen om him gearfandele en it Theater am Schiffbauerdamm ta ien fan de bilangrykste sintrums fan toanielkultuer yn de wrâld makke, - faeks wol it bilangrykste. Mar hy hat der net ien great stik wurk mear skreaun.
Der is faken frege, oft Brecht syn kunst net in greater ûntjowing krige hawwe soe as er him net op it marxisme fêstlein hie. Wierskynlik net. Hy hie it strakke fan in doktrine nedich, foarst om yn dit libben steande to bliuwen, mar ek as kristallisaesjesysteem foar syn gauris ûnbihearske idéen. Soe it ek in oare doktrine wêze kinnen hawwe? Ja - as Brecht net Brecht en syn tiid net syn tiid west hie. Dy frage is akademysk. Brecht wie syn libben lang in stien fan oanstjit, in ‘skandalon’ - foar in part sûnder mis mei opsetsin. Syn foarkommen wie wakker forneamd: hier dat nea kjimd like to wêzen, mar altiten yn deselde foarm siet (in foarm dy't ôfsjoen wêze koe fan in boarstbyld fan Julius Caesar) ander in learen pet; izeren bril fan in model dat nearne mear to krijen wie; rûzebroekerich monteursjaske (mar dêrûnder droech hy sidene himden, seine guon; it kin wier west hawwe) - sa wie de útris yn syn Berlynske tiid. Yn Amearika roun er altiten om mei in burd fan twa dagen - nea mear, nea minder; nimmen hat ea bigrepen hoe't him dat slagge. Letter hie er sokke tipelsinnichheden net mear fanneden: hy wie útsûnderlik genôch sa't er wie. Middenmank de mannichte wie er ôfgryslik iensum. Hy woe in skriuwer foar it gewoane folk wêze, seit syn biograef Esslin, mar hwat ienfâldiger hy bisocht to wêzen, hwat djipsinniger syn wurk waerd. Hy woe de saek fan 'e revolúsje tsjinje, mar de offisiéle foarmannen dêrfan hiene in skalk each op him. Hy woe syn taskôgers ta kritysk tinken | |
[pagina 239]
| |
oanfiterje, mar it slagge him inkeld harren yn triennen to bringen. Hy woe syn skouboarch ta in laboratorium fan sosiale foroaring meitsje en moast bilibje dat syn publyk der út kaem mei de forsterke oertsjûging dat de minsklike natuer altiten deselde bliuwt. Hy ûnderfoun dat syn smjunten as helden bijubele en syn helden foar skoeljes oansjoen waerden. Hy bisocht it kâlde ljocht fan logyske klearens to forsprieden en liet in oerdiedige rykdom oan dichterlike dûbbelsinnigens nei. Sels it idé fan skientme griisde him oan - en hy skoep skientme. Mei't hwat er fan doel wie him mislearre, hat syn libben in tsjinspraek west - de Joaden in oanstjit en de Griken in dwaesheit - mar yn syn kunst is er opriizge ta de hichte fan de aldergreatsten. As aensten syn stik út 1938-'40 Der gute mensch von Sezuan as In minske sûnder wryt of slyt yn De Sweach opfierd wurdt, sil bliken dwaen dat ek yn in oare tael - Brecht is as taelskepper yn Dútsklân faeks inkeld mei Luther to forgelykjen, mar fan datoangeande giet der fansels by oersetting in bulte forlern - dy greatheit him oertsjûgjend oppenearret. | |
BylagenI. Grosser DankchoralLobet die Nacht und die Finsternis, die euch umfangen!
Kommet zuhauf
Schaut in den Himmel hinauf:
Schon ist der Tag euch vergangen.
Lobet das Gras und die Tiere, die neben euch Leben und sterben!
Sehet, wie ihr
Lebet das Gras und das Tier
Und es muss auch mit euch sterben.
Lobet den Baum, der aus Aas aufwächst jauchzend zum Himmel!
Lobet das Aas
Lobet den Baum, der es frass
Aber auch lobet den Himmel.
Lobet von Herzen des schlechte Gedächtnis des Himmels!
Und dass er nicht
Weiss euren Nam' noch Gesicht
Niemand weiss, dass ihr noch da seid.
Lobet die Kälte, die Finsternis und das Verderben!
Schauet hinan:
Es kommet nicht auf euch an
Und ihr könnt unbesorgt sterben.
| |
[pagina 240]
| |
II. Von armen B.B.Ich, Bertolt Brecht, bin aus den schwarzen Wäldern.
Meine Mutter trug mich in die Städte hinein
Als ich in ihrem Leibe lag. Und die Kälte der Wälder
Wird in mir bis zu meinem Absterben sein.
In der Asphaltstadt bin ich daheim. Von allem Anfang
Versehen mit jedem Sterbesakrament:
Mit Zeitungen. Und Tabak. Und Branntwein,
Misstrauisch und faul und zufrieden am End.
Ich bin zu den Lenten freundlich, Ich setze
Einen steifen Hut auf nach ihrem Brauch.
Ich sage: es sind ganz besonders riechende Tiere
Und ich sage: es macht nichts, ich bin es auch.
In meine Leeren Schaukelstühle vormittags
Setze ich mir mitunder ein Paar Frauen
Und ich betrachte sie sorglos und sage ihnen:
In mir habt ihr einen, auf den könnt ihr nicht bauen.
Gegen Abend versammle ich um mich Männer
Wir reden uns da mit ‘Gentleman’ an,
Sie heben ihre Füsse auf meinen Tischen
Und sagen: es wird besser mit uns. Und ich frage nicht: Wann?
Gegen Morgen in der grauen Frühe pissen die Tannen
Und ihr Ungeziefer, die Vögel, fangt an zu schrein.
Um die Stunde trink ich mein Glas in der Stadt aus und schmeisse
Den Tabakstummel weg und schlafe beunruhigt ein.
Wir sind gesessen ein Leichtes Geschlechte
In Häusern, die für unzerstörbar galten
(So haben wir gebaut die langen Gehôuse des Eilands Manhattan
Und die dünnen Antennen, die das Atlantische Meer unterhalten).
Von diesen Stôdten wird bleiben: der durch sie hindurchging, der Wind!
Frölich machet das Haus den Esser: er leert es.
Wir wissen, dass wir Vorlôufige sind
Und nach uns wird kommen: nichts Nennenswertes.
Bei den Erdbeben, die kommen werden, werde ich hoffentlich
Meine Virginia nicht ausgehen lassen durch Bitterkeit
Ich, Berfolt Brecht, in die Asphaltstôdte verschlagen Aus dem schwarzen Wôldern, in meiner Mutter, in früher Zeit.
|
|