De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 222] [p. 222] Sjoerd Spanninga: Sudlan It himelsk beryl in glêzene loft - it sân it fjûrreade wytstouwende sân - de machtige eukalypten en termiteheuvels - boppe de spjaltene woartels fan in gombeam still jochtsjende kapel wenje de weverfûgels - grienskobbige planten reptile foarmen fan it ûnderwesten hawwe draketosken siedde hurde stikelgerzen - blinkend giele blommen brânne hwer't it libben dounset mei de dea - gounzjende fan bijen geure de accacia's tovertwigen sjitte drachtich yn 'e bloei siertakken wige dêr har swide lêst - in frjemd forline strûzet út strewellen of wynderet by flechtwurk del it hinget teisterich fan miggen om har hinne - gouden ludzen krije hagedisse-eagen fleanende flammen aenst de kleuren [pagina 223] [p. 223] fan de kakatoe - earne ljept in kangoeroe fearjend troch de scrub jachtwyld foar de steppewolf - toarstige torminten hat de woastenij dwylsinnige trageedzjes efterlitten - hjitbloedige bigearten jammerdearlik omkomd ûnderweis lizze hja fossile ta herinneringen - ûnnoazel witten dat de wyldernis bidobbe wurdt tobroazele ta stof - oer âlde beammen dy't de rûzing droegen fan de tiid syn sterke stobbe en syn skilferjende wêzen lûkt in sulverige glâns - inkeld noch de kevers tromje yn it tryste donker fan de deade stammen - de lêste oantins fan de dingen hjir op ierde bringe hja to hôf... [pagina 224] [p. 224] Twiljocht Hjir en dêr in wylgebeam lâns de wei âldman mei takkebosken en de loft is mar meepsk nei myn sin hat grif hwat ûnder de lea inkeld by de kym bloeit it fjild noch as in goudgjirde - wylst giet de joun syn wegen yn it lette ljocht de bûnte kleden oer de earm - dan komt de nacht in flearmûs hinget de himel del. Vorige Volgende