De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 41] [p. 41] [Nummer 2] Hedzer Andela: Lunchroom as hja it is dan is hja it net mear as hja it net is is hja it faeks dochs it docht my sa of oars allike sear: hja is it en hja is it dêrom nea net mear. en dizze lunchroom dêr't hja is of net is net mear dy fan oan 'e Grote Noord de lunchroom wie en is en bliuwt it oard dêr't hja it is - hja wie it ommers net? as ik it bin dan bin ik it net mear as ik it net bin bin ik it faeks dochs it docht har, as hja 't is of net, net sear: wy binne 't, as wy 't wiene, allang net mear. hwat oft ik ken of wer ken, 'k wit it net de tiid is dûm mar krekt net dûmernôch ien eagenblik: nou't ik har ankels sjoch is hja it grif en gril fierstento let... Vorige Volgende