Meidielingen
Yn 'e redaksje fan De Tsjerne is foroaring kommen. Freark Dam, dy't fan 1953 ôf it tydskrift mei lieding jown hat, moast spitigernôch troch alderhanne oare drokten as redakteur bitankje. Wol bliuwt hy as fêste meiwurker oan De Tsjerne forboun. Wy tankje him, mei út namme fan de lêzers, foar it mânsk stik wurk dat hy troch de jierren hinne yn 'e redaksje forset hat.
Foar Dam yn it plak hawwe sit yn 'e redaksje nommen de hearen Sjoerd Leiker en Reimer van Tuinen, beide by ús abonné's wol bikend as skriuwers. Wy hoopje dat dizze tafier fan nij bloed it tydskrift to'n goede komme mei.
Mei yngean fan dizze jiergong is De Tsjerne útwreide fan 32 ta 40 bledsiden per nûmer. De abonnemintspriis bliuwt tonearsten gelyk. Om dit lykwols op 'en dûr rêdde to kinnen, moat it tydskrift der in 100 abonné's by hawwe. Wolle ús lêzers hjir ek ta meihelpe? Yn it foar ús tank.
It nije omslach is makke neffens in ûntwerp fan Durk van der Ploeg.
By dit nûmer yn fine de abonné's in ynhàldsregister fan jiergong 1961.
Stimpelbannen foar de ôfroune jiergong kostje f 1,75 en kinne foar ein jannewaris noch bisteld wurde per brievekaert of oer de giro by de administraesje.
Wolle de lêzers dy't dat noch net dien hawwe it lêzersjild à f 12,50 foar 1 febrewaris oermeitsje op postrekken 810027 fan Stichting ‘Je Maintiendrai-Friesland’, Ljouwert? De studinteabonneminten à f 10, - jilde allinne as hja by foarútbitelling foldien wurde. In girobiljet wurdt dêrta by dit nûmer ynlein.
REDAKSJE EN ADMINISTRAESJE