Filmkronyk:
Fan de brege of sjoen
Sidney Lumet hat it forneamde toanielstik fan Arthur Miller (auteur û.o. fan De dea fan in hannelsreizger): A view from the bridge forfilme. Miller sels hat de forfilming meimakke en lieding jown by de dialogen. Foar Lumet, dy't yn The twelve angry men biwiizge hat, dat er in kunstner fan great formaet is, in riskant ûndernimmen. Yn de earste scènes ûntkomt er net oan to dúdlik forfilme toaniel, mar al gau komt er der boppe út en skept er in selsstannich en binearjend filmdrama.
Eddy Carbone is in Italiaensk emigrant, dy't yn Brooklyn wennet mei syn frou Beatrice en syn omkesizzer Catharine, in weesfanke, dat fan lyts bern ôf by harren greatbrocht is. As Catharine opgroeit ta in bloeijende faem, kriget Carbone in sterk erotyske bining oan har, dêr't er himsels net fan biwust is. De ellinde bigjint, as in pear Siciliaenske neven fan Beatrice yllegael it lân yn komme en by harren thúslizze. In greate suvere leafde tusken Catherine en de jongste neef, Rudolfo, makket Carbone breinroer. Fan in sympathyk en oeral bimind man wurdt er in somber, oergunstich, wraeksuchtich en tamtearre minske. Omdoch bisykje Beatrice, Catherine en de nommele advokaet Alfieri him ta rede to bringen. Hy makket himsels fan alles wys en leaut ûnbitinge yn syn drôchbylden. Rudolfo is neffens him in forachtlike homoseksueel, dy't er as sadanich húnt en bilediget. Hy giet op it lêst safier, dat er de beide mannen forriedt by de emigraesje-polysje, dy't harren oppakt. Dan ûntstiet der in gleone Siciliaenske fete tusken Carbone en Marco, de âldste broer. Yn de strjitten fan Brooklyn fjochtsje hja it út en stjert Carbone as in beest, op 'e troudei fan Rudolfo en Catherine.
In fel en ûnmeilydsum stik, dat troch de yninoar bitiisde psychologyske spanningen in seldsum dramatyske krêft kriget. Carbone leaut oant it momint fan syn dea oan de suverheit fan syn motyf: syn forantwurdlikheit foar Catherine. Hy sjocht ienfâldich de eftergroun fan syn fijanskip net, hy wol en kin dy net sjen. Hy is himsels net mear, hy is syn eigen fantasij, syn eigen nachtmerje wurden. Sa wurdt dit stik ta in modern drama fan minsklik selsbidroch en minsklike ûndergong, dat amper syn gelikens hat.
Miller is in master en Lumet, dy't dit drama yn ûnforjitlike filmbylden wier makket, net minder. Hwat de spylders oangiet, wit men net, hwa't men meast biwûnderje moat.
INNE DE JONG