Krityk yn it koart:
Gedichten fan it eilaun
L. Wiersma, Wintergrien, gedichten yn de tael fan it eilaun Schiermonnikeich.
Utjown fan de Fryske Akademy, 1961.
Printe by A.J. Osinga n.v., Bolswert.
Yn twa jier tiid binne der nou seis bondels poëzij forskynd yn de tael fan it eilân Skiermuontseach. Dat is net sasear it gefolch fan in hommels opkommen bilangstelling foar de poëzij fan dit uterst lytse taelgebiet, hwant it is mar in tige biheinde rounte mear dy't dizze poëzij lêst en dizze tael eigen is. It is binammen de oantrún fan de Fryske Akademy, dy't it forskinen fan dizze rige poëzijbondels mooglik makket, mei it doel fan dizze eilanner tael, dy't slim bidrige wurdt, safolle mooglik materieel to biwarjen en tagelyk de bilangstelling dy't der noch is, libben to hâlden.
Ien fan de lêste bondeltsjes is Wintergrien fan L. Wiersma, skreaun yn opdracht fan de Akademy. Dizze Wiersma, dy't sa likernôch 1890 as séman it eilân forlitten hat, skreau yn 1947 syn memoires yn it boek Tussen Noordzee en Wad. In jiermannich lyn is er bigoun mei it skriuwen fan fersen yn de tael fan syn bertegroun. Syn earste rispinge waerd bondele yn Herfsttridden (1960). It is lykwols net allinne de tael dy't dizze fersen bynt oan it eilân, hwant hwat Wiersma yn syn poëzij bisjongt is syn bertegroun, de ‘lytje haipe saun’, dêr't er op 'e wrâld kommen is en dy't er as séman in libben lang omsyld hat, en dy't, as bijierre man, yn syn fersen op 'e nij it eilân fan syn dreamen wurden is. Yn it earste bondeltsje hiene de fersen suver in géografyske bitsjutting. Dit twade bondeltsje bifettet mear algemiene ympresjes, dy't har lykwols biheine ta de sfeer fan it eilân, mar by nou en by dan dochs omheech sjitte en it dicht hwat greater forbylding jowe, al bliuwt it natûrlyryk en dan fan de bêste soarte. Dizze tael hat noch alle mooglikheden yn om der yn ien-