Er zijn verder nog verschillende dichters als D. Kalma, dramatici als Tj. Veilstra (!) en prozaschrijvers als Folkertsma.’
Dat wie it dan, de hiele Fryske literatuer ‘in a nutshell’. Wol freget men jin ôf, soene sokke ‘dramatici’ als Tj. Veilstra (dêr't wol mei bidoeld wêze sil Tsjeard Ritskes Velstra (1840-1918), boer en skriuwer fan romantysk-moralistysk toanielwurk foar it Selskip) har net yn har grêf omkeare, as hja wisten dat hja yn dit bûnte panoptikum byset wiene?
Yn syn ‘Voorwoord’ seit de skriuwer ‘de spelling van sommige namen is in verschillende talen onzeker’ (dat slacht dan grif net allinne op it Chineesk) en fierder ‘hij moest wel eens een keuze doen, ja, al te vaak er maar een slag in (!) slaan’. De frânske slach faeks? Of dy fan mâlle Jan? Hy slacht der yndied yn om as dy sprekwurdlike figuer yn 'e hinnen, dizze dr. H.K.E. de Jong.
D.A.T.