Durk van der Ploeg:
In memoriam Gerrit Mulder
Gerrit Mulder wie in apart man, in man mei in gol en iepenhertich karakter en ûnforwrigber idéalisme; immen dy't mei in bliermoedich leauwe, in fisionaire krêft en kennis fan it Fryske folk de Nederlânske en Fryske literatuer tsjinne hat mei in great tal romans fan suver Kalvinistysk karakter. Mei syn forstjerren is ús in warber freon ûntfallen, in freon mei in eigen libbensstyl, dy't tsjûge fan in oarspronklike artistisiteit en in persoanlike visy.
Gerrit Mulder wie gjin man fan ivoaren tuorren, fan salons, mar stie mei syn wurk mids it folk as in humaen en emosioneel minske, dy't dreaun waerd fan in fisionair lok, dat er yn syn hiele bistean as skriuwer efterfolge hat, om fan dy fiere glâns eat yn syn wurk op to heinen.
Hy wie in man dy't him fan it libben distânsiearje koe om der optein yn to boartsjen en it to sjen as in nij bigjin en himsels dêryn to ûntdekken as in bern dat boartet foar it antlit des Heare. En yn dat boartsjen hat er aloan wer bisocht fan dat libben natuerlik en kréatuerlik hwat folslein nijs to meitsjen. Yn syn deistich bistean koe er him net útlibje lykas er woe, wie de romte ta boartsjen to biheind, mar namstomear hat er it dien yn syn proaza. Hwat Gerrit Mulder eksistinsieel net forwurklikje koe, moast er yn syn skriuwersdrift foarm en stal jaen. En ik skriuw hjir jitris del hwat ik yn it foarige nûmer fan De Tsjerne oer him skreaun haw: ‘It is by Mulder yn it foarste plak gjin kunst in roman to skriuwen, mar om libje to kinnen yn de romte en dy romte kréatyf to forwurklikjen yn in roman is foar him in bilibbing.’
Sa binne de fruchten fan syn skriuwen, oer in tiidrek fan sa'n foech tritich jier, in kontrastearjend dékor wurden fan syn libben, dat yn wrakseling, binearing en oanstriid in útwei socht hat yn it skriuwen fan suver minsklik proaza, dat njonken striid en twastriid romte krige ta boartsjen, leafde, barmhertichheit, kristlike spontaneïteit en bernlike opteinens.
Gerrit Mulder wie gjin dynamyske figuer, gjin strider, gjin man fan biwegings en manifestaesjes, dêrta waerd er tofolle biheind troch syn emosionélens, syn myldens, syn boartlikens, syn typearjende humor. En dochs wie der yn him in dynamyske fûnk, in réliëf fan biweging en krêft yn syn spontaneïteit, syn bliermoedigens, syn hiele libbensstyl; al sloech dy krêft fakenfolle oer nei in kant sa't men it net forwachte.