| |
| |
| |
F.J. Bergstra:
It dialekt, de lange teannen en it minderweardichheitskomplex
It hat bliken dien, dat de âlde vexearfrage, oft it Frysk in tael of in dialekt is, noch altyd emosionéle réaksjes by de Friezen opropt, dat men har noch altyd op ien ein krije kin troch it Frysk in dialekt to neamen; hwa't bisiket ús op stang to jeijen hat altyd sukses, as er dit middel tapast.
Yn in earder stadium fan Fryske taelkunde en Fryske biweging moat dit ris in folweardige striidfrage west hawwe; flarden fan dizze folweardichheit spûkje ek nou noch om yn ús tinken en dwaen, bg. as it giet om de erkenning fan it Frysk as tael. Yn de lêste tsientallen jierren binne it yn haedsaek de skoallen dy't har troch niteljende leararen op de efterste poaten jeije litte troch de skamperjende opmerking, dat it Frysk in dialekt is. De mear offisiéle Fryske taelwittenskip hat yn dizze selde tiid in soarte fan ûnoandwaenlikheit forwurven en hâldt meastentiids út dat dizze kwesje der net sa bot op oan komt. Sûnder mis birêst dit stânpunt op in djipper ynsjoch yn de problemen, mar foar in part komt it dochs fuort út in sekere resignaesje, en giet it oan in bilangrike kant fan de saek foarby, dy kant nammentlik der't de emosionéle prikeling weikomt. Dêrom liket it my nuttich ta, de saek dochs nochris ûnder eagen to sjen.
It falt op, dat in polaire tsjinstelling tusken de bigripen tael en dialekt yn de sin fan dizze kontroverse eigenlik allinnich foarkomt yn Fryslân, yn it forbân fan de Fryske taelbioefening en -bifoardering. Oeral oars is it bigryp dialekt yn gebrûk yn in ôfhinklike bitsjutting: it jowt in bisûnder aspekt oan fan it algemienere, mear omfetsjende bigryp tael; it jowt in bipaeld forskynsel, in rige forskynsels of in bipaeld kompleks fan forskynsels oan op it gebiet fan de tael. It dúdlikst komt dit ta utering op it gebiet fan de forgelykjende taelwittenskip; men drukt dan mei it bigryp dialekt in genealogyske juxtaposysje út: Frysk en Angelsaksysk binne (al of net, dat lit ik rêste) ingwaeoonske dialekten; of in genealogyske subsumearing: Frysk en Nederlânsk binne dialekten fan it (West)Germaensk. It is lykwols gjin gebrûk, en ek net doelmjittich, om yn dit forbân it ingwaeoonske resp. it (West)Germaensk de tael to neamen yn tsjinstelling ta Frysk en Angelsaksysk resp. Frysk en Nederlânsk as de dialekten. In definysje fan it bigryp tael yn in polaire tsjinstelling ta it bigryp dialekt, sadat it iene of
| |
| |
it oare forskynsel ûnder ien fan de beide bigripen falt, mar dus net ûnder it oare, is sûnder mis mooglik, mar op it gebiet fan de genealogysk-forgelykjende taelwittenskip is der blykber gjin forlet fan. As men it al dwaen woe, dan moast men dochs wer in wurd hawwe om it bigryp oan to tsjutten der't beide ûnder falle, it genus proximum, dat romte lit foar mannige differentia specifica. Dat genus proximum soe dan sahwat wêze moatte as ‘grammatikael-idiomatysk systeem’ of ‘morphologysk-phonetysk-semantyske totaliteit’ of hwat dan ek, der haw ik gjin forstân fan. Yn elts gefal soe der dan forlet wêze fan in aparte terminus technicus om dit abstrakte, algemiene bigryp út to drukken. It is dúdlik, dat foar dit algemiene bigryp fan âldsher en noch altyd it wurd tael brûkt wurdt, en dat it net slagge is dat wurd út dizze funksje to fordriuwen.
Yn Fryslân lykwols brûke wy de bigripen tael en dialekt ál yn in polaire tsjinstelling, sadat yn de speciale sin en bitsjutting der't it hjir om giet in tael net in dialekt is en in dialekt net in tael. As men dan neifreget hoe't soks yninoar sit, dan kriget men dochs wer in genealogysk andert, sahwat yn de trant fan: it Frysk is wol in Germaensk dialekt mar gjin dialekt ‘fan’ it Nederlânsk. Foardat wy bisykje oan to tsjutten hwer't de oast sit, wolle wy dizze taelgenealogyske redenearing noch ris neijer bisjen.
Men sjocht yn dizze taelgenealogyske biskôgingswize de ûnderlinge oerienkomsten en forskelen fan de talen nei analogy fan biologyske famyljerelaesjes, en dat is in fruchtber, mar tagelyk in gefaerlik gesichtspunt, omdat der, by alle yn it each springende oerienstimming, dochs ek greate forskelen binne. Wy stamje ôf fan ús foarâlden, en ús tael stammet ôf fan in eardere taelfoarm, in eardere taelphase, nl. de tael fan dy foarâlden. Us tael stammet krekt dêrom fan dy eardere taelphase ôf, omdat wy sels biologysk ôfstamje fan de minsken, dy't dy eardere taelphase sprieken, en omdat dy foarâlden, tagelyk wylst hja har erflike eigenskippen lâns biologysk-natuerlike wei oan har neiteam trochjoegen, ek har tael lâns geastlik-kulturéle wei oan de neiteam oerdroegen. De neiteam naem dus beide oer, mar net yn deselde mjitte fan ôfhinklikheit en passiviteit: sa't hja de erffaktoren oerkrigen, moasten hja dy wol akseptearje, hwant der wie neat oan to foroarjen. De tael ‘skat’ lykwols waerd net inkeld passyf oerdroegen, mar oaneigene op in manier dy't de eigen wil, de eigen miening, de eigen willekeur in sekere spylromte liet: elke generaesje foroare der dan ek hwet oan, sadat nei inkelde generaesjes de tael der al aerdich oars útseach. De evolúsje
| |
| |
fan de talen giet dan ek hiel hwat hurder as de evolúsje fan de rassen. Boppedat kin deselde taelskat oerlevere wurde oan en oaneigene wurde troch individuën, en sels oan en troch hiele folken, dy't net biologysk fan de oerdragende sprekkers fan de tael ôfstamje. Wy kinne dit ek wer tsjinkomme yn in great forskaet fan omfang, intensiteit en niveau; ik wiis hjir allinnich mar op de yn Fryslân opgroeide en Fryskpratende ôfstammeling fan net-Fryske âlders; op de Ingelskpratende negers yn Amearika; op de prae-germaenske folken yn Noard-Europa dy't it indogermaensk oernamen, op in bipaelde wize foroaren en nei alle wierskyn der noch gâns eleminten út har prae-indogermaenske foartiid by oanhâldden. Wy sjogge hjir fuort al út, dat de oaneigening fan taelmateriael op foarbyld fan foarpraters dy't biologysk frjemd binne, nammers to folsleiner yn har wurk giet, nammers to mear de frjemdling as isolearre individu assimilearre is, en dat der nammers to mear oar (frjemd) taelmateriael hingjen bliuwt, nammers to talriker, massaler en slettener de groep is dy't it oarspronkelike (foar him frjemde) taelmateriael oernimt.
Mar fierder moatte wy tige oppasse mei de genealogyske byldspraek. Yn it biologyske generaesjeproces is der altyd de dualiteit fan forwekker en skerte: yn it gebiet fan de taeloerdracht binne der analoge forskynsels, lykas bg. yn it boppeoantsjutte forskynsel fan de resepsje fan in indogermaenske tael troch in net-indogermaenske groep folken (of ien folk?), sadat de Germaenske talen (of it oergermaensk) ûntstiene. Mar de analogy is dochs mar tige oerflakkich: de forskelen binne faeks greater as de oerienkomsten, en der binne yn beide gefallen totael en principieel oare processen oan de gong. De twaslachtichheit fan de libbene wêzens, de heit-mem-dualiteit, makket de biologyske ôfstamming al ûntrochsichtich genôch; de historyske genealogy, dy't bg. yn it earste plak mei nammen, famyljenammen en foarnammen wurket, kin dan ek gjin rekkening hâlde mei erflike faktoren; as hja dat al bisiket to dwaen is hja alle kontakt mei de wurklikheit kwyt. It is alhiel net sein, dat ik biologysk mear haw fan myn iene pake dêr't ik nei neamd bin as fan myn oare pake dêr't ik net nei neamd bin, en it is ek bêst tinkber (alhoewol net wierskynlik) dat der ûnder de tsjintwurdige dragers fan de namme Wassenaar bg. ien is dy't gjin inkeld gen yn him hat dat by de earste drager fan dy namme, dy't him yn it Bildt delsette, weikomt; dizze ûnsekerheit jildt principieel ek foar dy eigenskippen dy't har beide mienskiplik binne.
De taelôfstamming hat al wer hwat mear oerienkomst mei de
| |
| |
nammeôfstamming, hwant beide wurde hja lâns de kulturéle wei oerdroegen. De namme lykwols giet opsetlik oer, de tael ûnopsetlik. Foar de dualiteit fan de biologyske âlders komt yn it gefal fan de tael in enorme multipliciteit fan biynfloedzjende faktoaren yn it plak. Yn it gefal fan dy Wassenaar kin men altyd noch sizze, dat elk fan syn erflike faktoren of genen, hokker it ek wêze mei, ôfkomstich is út ien fan al syn foarâlden út dy tiid doe't dy earste Wassenaar yn it Bildt kaem, mar wy witte net fan hokker fan dy foarâlden. Yn it bêste gefal kinne wy al dy foarâlden archivalysk opspoare. Wy sjogge yn dizze redenearring ôf fan mutaesjes, dy't der yn de rin fan de generaesjes miskien ûntstien binne. Op de tael lykwols hawwe safolle en sa ûngelyksoartige ynfloeden wurke of wurkje kinnen, dat men oer de genealogyske herkomst fan de moderne taelfoarmen út de âldere allinnich dan hwat wit as men dy âldere foarmen ken en foarsafier men dy ken. Taelskiednis is altyd mar fragmentair bikend, en yn ús gefal wol tige fragmentair. Wy kinne net ienris sizze dat it Frysk, sa't wy dat prate, ôfstammet fan it Frysk fan Gysbert Japiks; wol yn haedsaken, mar de mooglikheit dat dy tael fan Gysbert Japiks foar in part dochs wer in ‘dialektyske’ fortûking foarstelt, en dat ús Frysk fan in oare, parallele tûke ôfstammet, moat yn it each hâlden wurde. As it wierskynlik makke wurde kin, dat wy as Friezen fan nou biologysk ôfstamje fan dy biwenners fan it Noarden fan Nederlân dy't yn de Romeinske boarnen as Frisii oantsjut wurde, dan is dêr mei noch neat, of alteast mar in hiel lyts bytsje, sein oer de ôfstamming fan de Fryske tael fan nou út de tael fan de Frisii fan doe. De biologysk-genealogyske forhâlding tusken Frisii en
Friezen kin physysk-anthropologysk, mei help fan de opgroeven skeletten út de terpen, al net mei sekerheit bipaeld wurde. Nimmen kin sizze hoe't it mei it praten yn dizze kontreijen gien is tusken de tiid fan de Romeinske bisetting en de tiid fan optekening fan it âldste âld-Frysk. De hypothesen fan Boeles op archaeologysk-ethnologysk gebiet en fan Heeroma op taelhistoarysk gebiet hawwe yn elts gefal de fortsjinste dat hja de eagen iepenje foar de folle mooglikheden en ûnsekerheden dy't hjir lizze. It is maklik genôch om dizze hypothesen to wjerlizzen, meidat de feitlike basis der't hja op rêste to wrak, to ûnwis en ek to smel is om de konklûzjes to dragen; wy meije lykwols net út de ûnbiwiisberheit fan dizze hypothesen konkludearje ta de sekerheit, dat der kontinuïteit, biologysk en taelhistoarysk, bistiet tusken Romeinske tiid en midsieuwen. It is nl. tige wierskynlik, dat der har wol sokke processen foardien hawwe as dizze beide ûnder- | |
| |
sikers bisocht hawwe to skilderjen, it is sels wierskynlik dat sokke processen der faker west hawwe as ien kear, op ien plak en yn ien periode; mar ek wy hawwe, likegoed as Heeroma en Boeles, gjin oare boarnen as ús fantasy om ús der in konkrete foarstelling fan to meitsjen.
Mar lit ús nou, troch dizze excurs warskôge foar de tûkelteammen dy't wy ús sels mei de genealogyske byldspraek oandogge, nochris it plak fan it Frysk njonken de Westgermaenske dialekten en it Nederlânsk bisjen ûnder it gesichtspunt fan de ‘ôfstamming’. De indogermaenske taelstam spjaltte yn satem- en kentumtalen. Foar it gemak neame wy dit nou mar de earste generaesje, mar der binne al oergongsfoarmen bikend. Beide haedgroepen diele har wer yn famyljes, bg. Iraensk, Arménysk, Baltysk, Italysk, Germaensk, Keltysk: twadde generaesje. Elk sa'n groep spjalt wer fierder: east-germaensk, noard-germaensk, west-germaensk: tredde generaesje. It west-germaensk spjalt ek wer: ingwaeoonsk, en ja, hwat moatte wy der foaroersette? Istvaeoonsk en herminoonsk leaver mar net, hwant gjin minske wit hwat er him der by foarstelle moat. Meiskien is it better om fan proto-tsjutsk to praten; wy witte net hoe homogeen of follefoarmich dy étappe wie, yn elts gefal is it yn ús redenearring de fjirde generaesje. Yn de dêrnei kommende fyfte generaesje kinne wy oan ús kant prate oer Frysk en Angelsaksysk; hwat der oan ús kant faeks noch mear west hat is wer yn haedsaek hypothese, as men wol fantasy. Oan de oare kant steane de ‘tsjutske’ dialekten: frankysk, alemannysk, beiersk ensfh. Hwer stiet it saksysk? Der wurdt wol praet oer in âldsaksysk, dat tichte by Ingelsk en Frysk stiet; sjoch angelsaksysk. Mar wy ûnderfine it tsjintwurdige saksysk as in leat fan de net-ingvaeoonske, tsjutske stam; der is dus in dûbelsinnichheit. Men kin dan oannimme dat de ingvaeoonske stam fan de Saksen nei it suden ta ekspandearre is en dat de namme oergien is op in boun fan tsjutske stammen der't hja de lieding oer hiene, mar dy't mei de namme net de ingvaeoonske tael fan de hearskjende stam oernamen. Sa kaem Saksysk hwat oars to bitsjutten as oarspronkelik.
Op dizze manear droech prof. Gosses dizze matearje op kolleezje foar, nou 25 jier forlyn; grif sil der forskate kearen yn de skiednis fan de minskheit soks bard wêze, mar it is my net bikend oft der feiten genôch fêststean om wierskynlik to meitsjen dat it doe en dêr sá bard is. Sûnder fantasy gjin hypothese. It kin wêze dat men dizze hypothesen foaral dérom sa leafhat, omdat men mient op dy manear forklearje to kinnen dat de tsjintwurdige saksyske dialekten foar ús gefoel
| |
| |
gâns tichter by de tsjintwurdige Frankyske dialekten steane as by it Frysk. Dit kin lykwols ek wol op oare manearen forklearre wurde. It kin ek wol wêze dat it Frysk fan in bipaelde periode ôf, dy periode yn de Nederlânske skiednis dy't men op it each hat as men oer Friezen, Franken en Saksen praet, yn in kultureel isolemint rekke is en dêrtroch yn in ûngewoan tempo fan de neiste sibben forwidere is, wylst der tusken de beide oare stammen in kultureel dielgenoatskip ûntstie en dus ek har tael, resp. dialekten, tichter byinoar bleauwen of sels neijer oaninoar kamen.
Gjin fantasy sûnder hypothese; neffens dizze hypothese soe it Frysk wol degelik ôfstamje kinne fan hwat earder mienskiplikers, en as de oare beide komponinten fan dat eardere mienskiplike gearfette wurde meije ûnder it algemienere bigryp Nederlânsk, dan is net yn to sjen hwêrom ek it Frysk fan dy tiid net ûnder datselde sammelbigryp falle mei. Sa sjoen is it dus hiel wol mooglik en tinkber, dat it Frysk in dialekt is fan it Nederlânsk, mar dat it troch it optreden fan fornijingen dy't bigunstige waerden troch in kultureel isolemint, nou safier fan it âlderlike nêst ôfdwaeld is dat it wol in neef liket en net in broer.
Sels al soe dit sa wêze, en stie it feitlik en wittenskiplik fêst (de théoryen fan Boeles en Heeroma, hja meije mear of minder feiten foar har sprekke litte kinne as de boppesteande hypothese, dy't ik op it momint dat ik dit opskriuw út myn tûme sûch mei gjin inkeld oar doel as om de redenearring to forhelderjen dy't hjir noch op folgje sil, binne yn wêzen fan deselde struktuer en relative ûnwierskynlikheit), dan soe dit totael neat ôf- of tadwaen oan de kulturéle oanspraken fan de Fryske biweging. Ek as wy mar by forsin Friezen neamd wurde en eigenlik Angelen neamd wurde moasten, lykas Boeles úthâldt, en ek as de eigenlike ôfstammelingen fan de Frisii de Noardhollanders, Grinzers en Skylgers binne, lykas Heeroma ha wol, en de minsken dy't har nou Friezen neame tile binne út de ûntucht fan Chauken en Basken, en har oarspronkelike, geve talen willemoeds forruile hawwe foar in stylleas mingsel fan heterogene taelsplinters, wit-hwer-wei, in west-germaensk Esperanto, dan noch hat it doel en skriuw en dichtsje yn dy tael, en brûk har ta de hichten en djipten fan it libben, yn it intime forkear en foar it officium.
(wurdt fuortset)
|
|