ging suver sei se dat. ‘Hearst it, sa is it om en to gien en net oars. En dou kaemst hjir en founst ús sa. Dou rinst nou nei hûs en seist it de buorlju, dy helje dokter en it gerjocht.’
‘En ik moat beare dat...’ Hy makke in biweging fan ôfwar.
‘Ja, sa sil it.’ Har lûd wie sterk en biret.
‘Mem is hiel oars wurden’, sei de jonge mei forwûndering.
‘Dêrom die ik it’, sei hja, ‘om oars to wurden, dêrom allinne.’
‘Mar mem liicht it’, sei de jonge dof. ‘Mem sil net boetsje foar hwat myn wurk is.’
‘Mar hastou it wol dien?’ frege hja en seach him lyk oan. ‘Miskien moat ik boete dwaen foar hwat ik neilitten ha.’
‘Hwat neilitten?’ sei er, ‘hwer hat mem it oer?’
Hja stoarre nei it lyk foar har. ‘Miskien as ik God oansprutsen, oanroppen hie, miskien dat Hy it needlot keard hie.’
‘God’, sei de jonge, ‘God, hwa is God?’
‘Ik wit net’, sei hja mei de eagen noch op 'e man. ‘God..., miskien is Hy it ien en it al.’ Hja sloech de eagen op nei de jonge. ‘Mar nou moatst fuort gean en doch hwat ik dy sein ha.’
‘It kin net, ik kin it net oannimme.’ Der rounen him triennen oer it gesicht, hja seach de donkere plakken op syn overall.
‘Dou moatst earst ast thúskomste de oare overall oandwaen, gjin skjinnen. Dyn oare hinget der noch en dizze goed opbergje.’
‘Né, wier mem, dit kin net, dit kin net...’
‘Wolst dan dyn libben yn 'e boeijens slite?’ sei hja strang. ‘Tink dy dat ris yn. De bisten net wer sjen, moarns ier de sinne net mear op 'e lea fiele, de ljurk noait wer hearre... Dou bist noch mar sechstjin...’
De jonge kreunde. ‘It is sa skriklik ûnbillik... Mem boete dwaen foar my...’
Doe die hja de earmen om him hinne. ‘Stil mar’, sei hja, ‘it is foar alles myn skuld. God sil it dy net swier oanrekkenje, mar my wol.’
Hja wist op dat stuit dat der in God wie. ‘Bid skielk ris foar my’, lústere hja. Hy sei neat werom. De earmen stiif om mekoar hinne gûlden se. Hja wie de earste dy't him sêft ôfwarde. ‘Gean nou fuort, toe gau, it moat.’
En dêr gyng er, earst stadich, doe roun er hurder. Hy like noch sa smel en jongeseftich. Great meilijen stiigde op yn har moed. Doe gyng se by de man oer de groun sitten en wachte. It tsjustere al oan. Hja tocht, syn gesicht like nou op 'e jonge sines. Hja wist nou suver net mear, hwerom't hja bang en skou foar him west hie. Hja soe nou de hannen wol om him hinne dwaen wolle en treast him. To let.