De Tsjerne. Jaargang 17
(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 14]
| |
Jo Smit:
| |
[pagina 15]
| |
persoanlikheit fan de steatsman. Mar as de plaetsjes nouris forwiksele wiene, hwat fansels net bart by in goede krante en dy fan ús binne goed, dan seagen wy lykwols it sadistyske yn 'e troanje fan de oarlochsmisdiediger, al wie it dan yn wierheit it sêfte antlit fan de dichter dat ús oanstoarre. Der soe in aerdich selskipsspultsje fan to meitsjen wêze; mear as inkeld aerdich, hwant it soe ús leare kinne hoe'n binaud bytsje wy meastentiids fan in gesicht ôflêze kinne. Slach in njoggentjinde-ieuske roman op en sjoch hoe't de heldinne op mominten fan greate emoasje in tin, kanten bûsdoekje toskuort en hoe't hja kear op kear der hinne swymt. Kenners fan de njoggentjinde ieu fortelle ús dat dat biswimen wier wie. As dat sa is en ik leau net dat wy hoege to twiveljen, dan kaem dat grif ûnder ynfloed fan de literatuer, dy't tagelyk ek de omset fan tinne kanten bûsdoekjes forgreate hawwe sil. Us wize fan réagearjen is nou ienris faken ôfsjoen út 'e literatuer, fan it toaniel, de film net to forjitten. Ut eigen ûnderfining wit ik hoe't ik ûnder psychyske heechspanning sin krije kin oan whiskey, hwat út erflikheit noch opfieding wei to forklearjen is, mar njonken it feit dat it sa goed smakket, inkeld út 'e literatuer. Foar romantyske geasten - en hwa is dat net? - binne de Tekens út fortelsel en byldforhael de greate, forburgen forlieders. Tagelyk binne it, krekt om't it imitaesjes binne en faker noch imitaesjes fan imitaesjes, de tekens fan de kitsch en as sadanich de forlieders fan de skriuwer. De Tekens spylje net allinnich har rol yn de biskriuwing fan de persoanen, mar ek yn dy fan de omstannichheden: situaesjes en forhâldingen, waer en wyn, deskripsje fan lânskip en ynterieur. Syn hichtepunt fynt it brûken fan de Tekens yn hwat yn it Hollânsk troch in soasiael misforstân ‘keukenmeidenlectuur’ neamd wurdt, mar dat faeks it bêste oantsjut wurde kin as ‘Libelle-forhael’. (Streksum miel dus foar... né, net samar foar froulju, mar foar ‘dames’, dêr't dan, hoe nuver dat biologysk ek wêze mei, likegoed de ‘hearen’ ûnder to biflappen binne).
Oanlieding ta dizze oertinkings is de polemyk dy't even drige to ûntstean yn de jiergong fan 1958 fan dit tydskrift, mar dy't doe forsânne is yn misbigryp en by-inoar-lâns-praterij. Op bls. 188 fan dy jiergong bispriek Lolle Nauta de bondel Mei de pinne helle en yn syn krityk kearde er him winliken tsjin it gebrûk fan de Tekens, dat er konstatearre yn it bisprut- | |
[pagina 16]
| |
sen wurk, al wie dat yn hiel oare wurden as hjir brûkt wurde. Op bls. 221 réagearre Fedde Schurer dêrop yn in iroanysk stikje, dat foaral Nauta syn net-brûken fan haedletters op it harspit naem en him fierders, sûnder dat dêr oanlieding ta wie, foarstelde as foarstanner fan it negative Teken. Op bls. 284 forskynde in stik fan Inne de Jong, ûnder de titel It waer en de seksualiteit, dêr't út bliken die dat de auteur dêrfan net bigrepen hie hwer't it oer gie en dêr't - yn dat forbân folslein to'n ûnrjochten - Nauta as Freud-discipel foarsteld waerd. Dy andere op bls. 285 mei in stik dat foar de goede forsteander ta forheldering bydrage koe, mar dat dochs to iroanysk wie om net op syn minst like folle misforstân op to roppen as út 'e wei to romjen. Hwat in polemyk wurde kinnen hie, oer ien fan de wichtichste en nuodlikste problemen fan de skriuwerijüberhaupt, wie dêrmei deablet. Faeks wie it omsittend laech wol bliid mei dy iere dea, hwant ynstinktyf moat elts wol field hawwe, dat wy dêrre op gefaerlike groun stiene, gefaerlik om't it to krijen hie mei in menschlich-all-zu-menschliches, dêr't wy mar leafst oer swije. Oer swije, om't wy bang binne oars alhiel swije to moatten. Hoe binne hja dochs net to biniidzjen, dy't Frysk en frijmoedich der op los skriuwe, net bihindere troch kennis fan de gefaren dy't oan alle kanten wanke, mar ek, hoe suterich en min is gauris de faktuer! Fan de tsien spontaen-der-op-los-skriuwers is der komselden ien, dy't ynstinktyf de bline klippen wit to ûntgean. Ik ken yn Fryslân winliken mar ien natuertalint, dat mei wissens it goede boppe it forkearde foar kar nimt: Teatske Alzum. Oan 'e oare kant stiet to folle biwustheit de skeppingsdrift wol gauris yn 'e wei en kostet it - as it ris slagget - swit en triennen om by eintsjebislút dy yndruk fan spontaneïteit to rêdden, dy't men yn it earstoan priisjown hat. Mar der stiet nearne biskreaun dat it de maklike wei lâns moat yn kunst en libben; of dochs: it stiet biskreaun yn ús dreamen, yn ús ûnbiwuste; dat sadwaende kieze wy it paed dat wy gean moatte tsjinakseljend, ûnwillich, en it mearke dat ús fortelt fan it neiste paed, fan bochtôfsnijingen en forkoartingen is net mear en net minder as it wurd seit - mearke - en dus like treasteleas as formoedsoenjend. Utgongspunt foar ús théoretyske bisinning, kin, lyk as by Nauta it gefal wie, antropologysk wêze. Populair gearfette: de minske is in psychosomatyske ienheit, dy't de ynfloeden ûndergien hat en ûndergiet fan in bûtewrâld: meiminske, kultuer, natuer. Op elts punt út dizze gearfetting bidriigje de skriuwer | |
[pagina 17]
| |
de gefaren fan skematisme en dêrmei fan de Tekens. Dat skema en dy Tekens kinne ek fan ‘freudiaensk aerd’ wêze, binne dat gauris en it wie dus al tige ûnbinlik Nauta as Freud-discipel to presintearjen, doe't er him krekt dêr tsjin forsette. De minske is in psychosomatyske ienheit en de skriuwer sil dus gauris bisykje de psychyske erfaringen fan syn persoanen har liiflik komplemint to bisoargjen. Der binne somatyske uteringen dy't mei greate wetmjittichheit foarkomme: laitsje by blydskip en freugde, gûle by fortriet of ûnrjocht, in kaem sjitte by skamte en fornedering. Dochs is dat gjin automatisme: wy laitsje net by elk bliid gefoel, by ider grapke, of wy moatte al in bisûnder moai gebyt hawwe; wy gûle noch minder faek en dan soms út de nuverste oarsaken; wy leare it kleurjen neigeraden frijhwat ôf. De skriuwer dy't sokke forskynsels wol automatysk ynfiert forfalsket dêrmei it byld fan de wurklikheit en docht it libben gewelt oan. Ek it negative Teken is falsk: de skriuwer dy't syn sujetten altyd laitsje lit by fortriet of bleek wurde by freugde is like fier mis. Der binne god sij tank gjin resepten to jaen foar liiflike forskynsels dy't strike mei psychyske ynhâlden, dat men se mei help fan in register even opsykje kinne soe: hwat heart by eangstme - sjoch bls. 72. De skriuwer hat ek nea mei algemienheden to krijen, mar hy sil him soms ôffreeqje moatte: hwat is de somatyske bigelieding fan dy biskate foarm fan eangstme by dy spesiale persoan ûnder de jowne omstannichheden? Dat freget gjin kennis fan de ien of oare reseptelear of fan djiptepsychology, mar in mooglikheit ta ynfielen en ta deskripsje fan de eigen waernimming. Lykwols stiet it de skriuwer folslein frij oft er liiflike bigeliedingsforskynsels al of net biskriuwe sil; faek sille dy der net iens wêze, mar ek kinne hja de man ûnforskillich litte, mei't er genôch hat oan it inerlik barren sels. As wy rûchwei it bistribjen fan de skriuwer fordiele meije yn lyrysk, epysk en dramatysk, dan sil yn deselde folchoarder it forlet fan útbylding fan it somatyske komplemint greater wurde. It wurd dramatysk kin, al wie dat hjir net bidoeld, ús it toaniel yn it sin bringe en dêrom mei der yn 't foarbygean op wiisd wurde dat ek it toaniel oanklaud sit mei de Tekens, der sels minder fan ûntkomme kin - mar it ek hwat better forneare kin - as it proaza. De dramatyske skriuwer, dat wurd dus yn algemiene sin brûkt, sil der maklik ta komme om de bûtewrâld in wichtige rol ta to parten. Net inkeld dat de forhâlding ta oare minsken de kearn fan elts drama útmakket, de dramatysk oanleine | |
[pagina 18]
| |
skriuwer sil him der licht ta forliede litte om de biwegingen yn it inerlik fan syn persoanen bigeliede to litten troch de biweging fan lânskip, ynterieur en natuer; in bigelieding dy't in forsterking, in kontrapuntysk elemint, mar yn elts gefal in biweechlikermeitsjen fan it drama bidoelt. Op it toaniel is dat bygelyks treflik tapast troch Shakespeare, yn King Lear, yn Macbeth en yn in rige oare stikken. Greater lykwols as op hokfoar oar gebiet is hjirre de forlieding fan de Tekens en har mechanyske tapassing. Hwat is passender dekor foar in foreale pearke as in soele simmerjoun, mei de ljochtmoanne heech oan 'e himel, hwat beamguod yn it rounom en dêryn, as it lije kin, it gealtsje. Tajown wurde kin dat sokke jounen hwat yn ús losmeitsje, dat sok dékor ús rémakket foar leafde en teare gefoelens en, hwat faeks it wichtichste is, foar it inerlik bilibjen fan dy fielingen. Mar selsrefleksje moat dochs ek liede ta de konklúzje: de moanne hat mannich kear glânzjend en folslein oan 'e himel stien, sûnder dat ik frijde, en gauris haw ik leafde bidreaun sûnder dat der moanne of stjerren to sjen wiene. Net ûntkend hoecht dus to wurden dat de metéorology in funksje hat, wol dat hja in fatael automatisme is. Hwant dêr giet it om as wy ús om esthétyske redenen forsette tsjin de Tekens. Tekens, wol to forstean, mei konvinsionéle bitsjutting. As wy op dit stik net ûnderskiede, stiet de doar foar misbigryp, foar byinoar lâns geande polemyk en wranteligens fan wjerskanten, wiid iepen. De wierheit is dat de wrâld om ús hinne nea in rasioneel rélizzend gehiel is, mar in chaos fan tekens dy't freegje om ynterpretaesje; tekens dy't dat inkeld binne yn har relaesje ta ús, dy't in sin krije kinne troch ús, en sa de chaos yntelligibel meitsje. Forskillende wittenskiplike discipelen hâlde harren dwaende mei it ûntriedseljen fan dy tekens, dat wol sizze dat hja bisykje in théoretysk bouwurk op to setten, dêr't de op harsels sinleaze synjalen ta tekens-mei-bitsjutting yn wurde. Der bliuwt lykwols in fjild fan tekens dat net troch de wittenskippen bisprutsen wurdt, wylst dêrby forskate synjalen foar forskillende wittenskippen tagelyk en boppedat foar net-witten-skiplike gebieten as tekens wurkje. Sa is kleur in teken foar de fysyske théory dat der weagen binne fan biskate lingte; foar de skilder is it teken foar hiel hwat oars, foar de mem dy't kleur sjocht op it wang fan har dochter wer hwat oars, foar de dochter sels... en dêr bigjint dan winliken it gebiet fan de skriuwer. Dêr soe ek de mem bigjinne kinne as hja | |
[pagina 19]
| |
forstannich wie, mar hja is dat gauris net en soe dus, as hja de pinne hantearje koe, maklik Kitsch skriuwe kinne, hwant hja ynterpretearret to gau neffens in algemiene théory, dêr't dy bipaelde kleur yn foarkomt. De skriuwer is der foar it ûntriedseljen fan de tekens-sûnderbitsjutting. Untriedselje wol tige by wize fan sprekken, al hat de term yn elts gefal it foardiel, dat er it bigryp riedsel yntrodusearret. Hwant hwat alderearst op de wei fan de skriuwer leit is de tekens har karakter fan riedsel, fan to ûntsiferjen gehiel, fan opjefte, werom to jaen. Ommers, sa dogge hja har soms oan ús foar en sa hearre hja har foar to dwaen yn forhael, novelle en roman, hwant hwer oars leit de estétyske sin fan it kunstwurk? Mei de wittenskip is it nammers net oars: dêrre wurdt de wurklikheit sjoen as fjild fan tekens, dy't har opponearje as opjefte. De delslach fan de wittenskip yn skoalboekjes mist dat karakter, it is ongele ta konvinsje. Skoaljonges kinne dêrfan bledsiden út 'e kop leare, it wurdt dêrmei gjin wittenskip yn de aktive, pregnante sin; it bliuwt by witten. Dat witten kin - al sil dat meast net sa wêze - folslein op 'e hichte fan de tiid wêze, de jonge wurdt dêrtroch likegoed gjin wittenskipsman. In diskusje dy't de ynhâld fan dat witten op it foarste plak skout, mist dêrom folslein har doel. Op deselde wize wie de al neamde diskusje - s.v.v. - yn dit blêd misroaid. It forbân tusken it waer en de seksualiteit, likegoed as it bistean fan forkrongen kompleksen hoegde net ien him foar út to sprekken. It gie de resinsint om in hiel oare frage, ien dêr't ik hjirboppe in andert op jown haw yn de wurden: de skriuwer is der foar it ûntriedseljen fan de tekens-sûnder-bitsjutting. It wurd ûntriedseljen is yn safier tige ûnkrekt brûkt, om't it ús to forstean jowt, dat oan 'e ein it riedsel oplost wêze soe, dat de tekens dan opfette wurde kinne as sinfolle ûnderdielen yn de ien of oare théory. De taek fan de skriuwer mei yn mannich ding to forlykjen wêze mei dy fan de wittenskipsman, der is in great ûnderskie: krekt it feit dat de tekens geheimsinnich bliuwe, net in ûnderdiel wurde fan in algemiene théory, makket har foar him ta materiael. Wylst de wittenskip by eintsjebislút altiten in universum hypostasearret, dêr't hja útslútsel oer jaen wol, is it kunstwurk syn eigen universum - kosmos of chaos - dêr't de tekens folslein har karakter fan teken yn bihâlde, d.w.s. sinfol binne hwat har funksje oanbilanget, riedseleftich nei ynhâld en wêzen; like paradoksael as yn it bibelwurd út de titel. Hwat docht de skriuwer dan al? Lit er de saek oan 'e ein like riedseleftich as oan it bigjin? Yn folle gefallen hat er it | |
[pagina 20]
| |
riedseleftiger makke as it wie, mar hy hat der yn elts gefal foar soarge, dat it riedsels binne dy't ús oangeane, dy't wy ûntsiferje moatte of dêr't wy alteast mei libje moatte. Hwat yndividueel him foardocht hat er mienskiplik makke en dat kin fansels allinne, mei't it riedsel as sadanich kollektyf eigendom wie; mar hy hat it sin jown binnen it kunstwurk dat sines is. Bitingst foar sinjowing is de sinleazens en dêr kin de skriuwer fansels fan útgean. Of noch in stapke fierder: de tekens forskine normael, sinfol, mar dy sin wurdt ûntmaskere, der ôfskyld, mei't it sinleaze wer sin krije kin. Dingen dy't in eigen sin hawwe en hâlde, hawwe yn de skriuwerij gjin sin. Dat jildt absolút, sa sels, dat der útsûnderingen tinkber binne. De meast bibrûkte en wjerkôge yngrediënten fan de sleauste boereroman kinne, ûnder omstannichheden en ûnder hannen fan in bigenedige kunstner, in great wurk opleverje. Mar yn it algemien dogge hja it net. Earder as in stimulâns to wêzen, steane dy maklike yngrediënten de kunstner yn 'e wei. En as it net slagget bitroude Tekens om to ligen - hawar - ta artistike materialen, dan komt de wranteligens fan Nauta. De opmerking, of leaver it forwyt, dat it dochs wol foarkomt dat dekor en drama yn oerienstimming binne, treft gjin doel, en winliken docht dat ek net iens de net-utere bitsjûging dat mei in tradisionéle parallely fan drama en dekor dochs wolris in kunstwurk makke wurde kin. Hja treffe gjin doel, om't sokke wierheden altyd jilde: sa riedsleftich is én libben én kunst, dat der yn wierheit neat absolút útsletten is. Salang't men foar de kritikus oer net wier makket, dat der gjin gebrûk makke is fan Tekens mei tradisioneel-bipaelde sin, hat noartlik réagearjen op de krityk gjin doel en kin men heechstens lilk wêze op jinsels. Hwant wier, dy krityk taest it karakter net oan; ommers, hwa is der frij fan?, om it mei in slachsin fan hiel oar mêd to sizzen. Bihalven mei de dekortekens sitte wy oanklaud mei ús tael - ek in tekenskrift. In skrift dêr't de bitsjuttingen fan fêststeane, sa sels dat wy se yn wurdeboeken opnimme. Dochs moat de skriuwer dyselde tekens eat fan har riedseleftichheit weromjaen, har ta runen meitsje. It moaije wurd is ús gauris Teken fan moaije tinzen, fan teare en djippe fielingen en dêrom fortsjinnet it wantrouwen. Mar it gewoane wurd is neat better: it suggerearret sa slim it gewoane, dat it in poepetoer is en ûntfytmanje dêroan in riedsel, in geheim, ûnder, tusken of boppe it wurd sels. Alles dat nei automatisme útskaeit moatte wy haetsje: oare wurdfolchoarder, nuvere ynterpunksje, | |
[pagina 21]
| |
typografyske tipelsinnichheden, taboewurden. Dat wol alwer sizze: alles mei, alles kin; mar neat kin by wize fan prosédé, fan resept. Men mei net flokke. Dêrfandinne dat it sa goed is it in kear net litte to kinnen, to kommen ta it sinleas-sinfolle, sinfolsinleaze; it momint to bilibjen dat dy beide bigripen yninoar omslaneGa naar voetnoot*). Hwa't forflokkingen brûkt by wize fan stopwurden kin dêrby tige âld wurde, hy kin faeks genietsje fan in sigaer en hwa wit, fan in goed boek, mar hy is ûntagonklik foar de kunst fan flokken - passyf like goed as aktyf. Hwa't de Tekens útstallet yn syn wurk, slút foar himsels de wei ôf om de tekens yn har foarmjende krêft wurkje to litten. Nou't Lady Chatterley's Lover einlings en to'n lêsten yn Ingelân it pleit woun hat en de omset yn de miljoenen rint en dus eltse ‘average Englishman’ mei dat boek opskipe sit, jowt ek dit ús demonstraesjemateriael. Wiis hoege hja der yn Ingelân net mei to wêzen. Wol fansels mei it feit dat it boek nou net langer forbean is, mar net mei de reklame dy't de avontûren fan it boek brocht hawwe en dy't der ta laet hat dat eltse ignoramus it nou yn 'e hûs hat. It is net Lawrence syn bêste boek. Om earlik to wêzen is it nochal forfeelsum, alteast de foarste helte is de langtriedderige kant it neist. De avontûren fan de boskwachter mei syn Lady, dy't somliken komyk genôch foarkomme, binne o sa earnstich bidoeld en dêrneffens moat it wurk hifke wurde. De boskwachter nimt allerhande ‘unprintable words’ yn 'e mûle en dêrmei wurdt - dat hat de Ingelske rjochtbank mei rjocht útsprutsen - it boek gjin pornografy. Krekt oarsom. Lawrence fordigene it eartiids yn syn foarwurd ek mei klam: ‘it is a clean book’. Dat is it ek, en krekt dêrtroch is it as kunstwurk mislearre. Hie Lawrence mar hwat mear pornografy yn it sin hawn, hwant dat slút in kunstwurk net folslein út, mar it ‘clean’ skriuwen oer leafde-en-seksuéle-dieden docht dat al. ‘Clean’ is bygelyks it hantboek fan ús dokters, mar it is gjin kunst. Lawrence hat de Tekens brûkt as tekens-mei-bitsjutting, mar taboewurden hawwe har sin net yn de bitsjutting, mar yn it taboe. En hwer helje hja yn Ingelân sa gau wer oare taboe-wurden wei? Eltsenien ken de taboewurden, elk ken se fan jongs ôf oan, | |
[pagina 22]
| |
se hearre ta tige âlde taellagen en taelkundigen hawwe har niget der oan, mar hja sette se - mei rjocht - net yn wurdboeken ornearre foar skoaljonges. Nou is it oertrêdzjen fan it taboe net slim en de taboewurden wurde ynskrast op muorren en sketten, yn it Ljouwert fan hjoed likegoed as yn it Pompéji fan twatûzen jier forlyn. Mar dêr is Pompéji net fan to'n ûndergien, en dêr sil ek de literatuer net fan to'n ûndergean. Hwat al slim is, dat is it bûten wurking setten fan it taboe, it opheffen derfan. As wy ús Tekens ris opfetsje woene as taboe's, as synjalen foar in gebiet dêr't wy net komme meije, dan soene wy it rjocht hawwe by need - mar allinne by need - bûten de perken to gean. As wy mar bigripe dat de maklike wei fan it kunstwurk ôflaet yn sté fan der op ta; dat de Tekens dan fungearje as paedwizers nei in hiel oar lân - in lân dêr't wy gjin paedwizers nedich hawwe: dat fan de skierste deistigens. Paedwizers fan ANWB en KNAC wize inkeld it paed foar de toerist, de ûntdekkingsreiziger folget de oanwizingen fan oare tekens, ûnthullend en forhullend tagelyk. Faeks dat de riedseleftige tekens fan de skriuwer net iens liede nei in lân, mar inkeld oan in grins ta, in útsjoch dat gjin kuijer tastiet, inkeld in witten, in fielen en soms in sjen fan: hjirefter leit it. Tekens binne faek ûnbigryplik, neatich, neatsizzend. Dêrom is der ienris sein ‘Dit sil Jimme in Teken wêze; Jimme sille it berntsje fine yn wynsels biwuolle, en lizzende yn in krêbbe.’ Dat wie dan it teken fan de Forlosser, riedseleftiger as hwat ek. Mar it falt net ta it riedsel to litten, it sa to sjen en to fielen, ieuwen efter inoar. De krêbkes en de ezeltsjes mei krysttyd hawwe neat riedseleftichs: hja binne in Teken dat wy yn in kristlike wrâld libje, net in teken fan it kristlik geheim sels. Hwat de sterkte fan it kristendom liket, syn histoaryske feitlikheit en ûntjowing, is tagelyk syn religieuze swakte. Kierkegaard hat dat dúdlik ynsjoen en L.W. Nauta is, oarsom, yn De mens als vreemdelingGa naar voetnoot*) religieuze bitsjuttingen op it spoar kommen yn de moderne literatuer. Nou is religieus in swierladen wurd en ik wol dan ek net graech oanstean op religieuze bitsjutting fan de Fryske literatuer, mar sil ús proaza ûberhaupt bitsjutting hawwe, dan sille wy wrakselje moatte mei de Tekens, om oan harren to ûntkommen en kring troch yn nij lân. |
|