De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 12] [p. 12] Rinke Tolman: Lolke Jager Wenjend om utens, diig'rjend troch de finsters, Spring ik hookstrooks oerein. De loft forlear syn glinsters, Nou 't nee september rint. Reinwylpen, tolvesom, Reizgje, kylstring fan bletterlûd, yn 't fier roenom, Troch 't jounjend skoft de iggen fan 'e sé tomjitte. Rôp Lolke Jager 's stim my út 'e fierte Nei Fryslân's sljochte grienjende pounsmjitten? Rislút haw ik myn kreaze filladoarp forlitten. Ik droech jou pols en weitas. Jo 't gewear. Jo wiene in tûkenien, jeijend op hier en fear. Einfûgel, hazze en tjilling wienen jou rantsoen: Foar jo it deistich brea, foar my in tsjoen. En as wy skimerjounjend yn jou wente sieten, Jo al in man, ik kwealk jongfeint, de wiete Fuotten by 't hurdfjûr droegjend, gyng 't petear Hieltyd weroan oer 't aventûr mei hier en fear. De rook fan kofje en sigaer omfieme Us roazich, read gesicht en as ik lâns de kimen Midnachts de dyk op roun, en noegjend de hameije My ynliet nei it swalkjen oer de klaei en Kluten, it ljeppen en it klatt'rjen oer 'e hikken, Spoun sliep my ringen yn syn dreamereach: Hoe grien seach ik twaris de kop fan 't earke, Hoe snjiddich 't rinnen fan Lepus, de rûge, sterke. En hjerstdeis sieten wy efter de skûle. Ljip op 'e wiuw, de netten spraet en stil ús mûle, Taestten ús ear en each de romten âf: in kloft Wilsters floiten wy samar út 'e loft. [pagina 13] [p. 13] Rap flapte it net dan ticht en tûzen, tûzen stippen Sparklen ûnder de mêsken: gouden drippen. Mar, Lolke, as wy ús foar de greide-reis taristen, Dan droech jou hân altiten in skatkeamerskiste, Strikende fol mei brune koarstekoeke En boppedat in tûnderdoaze yn in hoeke. Jou knyft sloech dan kerdaet fjûrspranken út in flint: Hoe gluorke dan opslach 't toskroeide lint. Sa stieken wy op 't ekerlân ús pipen oan En ek de koeke smakke wûnderskoan. Wenjend om utens, fiert in fûgelkile My ûnforhoeds nei 't bertelân. O, seinge wile... Vorige Volgende