De Tsjerne. Jaargang 17
(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 3]
| |
Anne Wadman:
| |
[pagina 4]
| |
him noch hwat op 'e tok hâldde, koe 't ek noch wol 1500 wurde. - Gelok dermei, sei er, it is in himmel weintsje, gjin jild, ik haw der ris nei fornommen, mar twaddehâns folksweinen binne yndied noch al piperich. Hja gyng der net op yn, mar stapte oer op hwat oars. Foto's. In tas fol. It wie wer ris hwat nijs. In forbjusterjende foarrie - yn tûzenerlei kostúms, hâldingen, biljochtingen. Hoe wie 't godsmooglik, dat immen sa'n skriklike foarrie kréaesjes yn 'e kast hie. Kast? Kasten en kasten fol. Unnoazele hals dat er wie. - Ut myn mannequinkarrière, sei hja. Hy hie dat út himsels ek bigripe moatten. - Hastou...? Hy seach har oan, mooglik mei in bytsje wanhope yn 'e eagen. - In jierlang, sei se. - Soa. Ek dat. - Foar myn trouwen, hear. - Fansels. Dy direkteur sil soks wol net noaske ha. Dêr moast hja om laitsje. - It is in earber fak, ast' dat bidoelste. Eare en deugd. Damestaforsjoch. - En de rest, sei er haetlik, èk hearetaforsjoch. [Né, it wie hielendal mis, hy seach de linich taestende fingerseinen fan moademannen, glêdhierrich en parfumearre, sentimeters om 'e hals, spelden yn 'e mûle, kryt by de hân, en mar taeste en fiele op dat lichem, fiele en oanreitsje, heupen, rêch, boarstwiidte, konklangte, ôfstân ljisk-knibbel, ensafuorthinne]. - Fotomodel is hwat oars. Haw ik ek west, in pear wike mar. Net folle oan. - Toemar. En skildersmodel? - Sa fier haw ik it net komme litten. Wolris frege, hear, en net troch de earste de bêste. - Soa, soa. Hy trille ynwindich fan forûntweardiging. Dizze faem, pardon dizze frou hie dus net ien libben efter har, mar tsien, tweintich. Studinte, rounfeartboaten, sjonge by in band, mannequin, model, troud, joast mocht witte hwat der noch mear kaem. Hja liet mear foto's sjen. Foar in Dútsk tydskrift, frontpage-model. Yn baeipak, mei blau wetter op 'e eftergroun en oerhingjende tûken fan in magnolia. - Allegear nep, sei se. Montaezje, der wie gjin sé en gjin beam to sjen yn dy studio. Hja húnde him, fornedere him. - Dat lycht der net om, sei er, sa neutrael mooglik. Mar hwerom bist oeral mei ophâlden? | |
[pagina 5]
| |
- Affaires, sei se geheimsinnich. De ober sette omsichtich drinkber spul tusken harren yn. [Om tinke: foar 't thúskommen in pipermintsje, net to folle drinke, pas op!]. - Manlju dus, sei er. - Meastal, joech se ta. It wie mei my altyd like nuver. Altyd manljusaffaires, komplikaesjes. Bert soe my dêr fan rêdde. - Bert? De namme bistoar him op 'e tonge. - Myn direkteur. - O just. Swijen. Hwat bitsjutte dit allegear. Woe hja him mei hynstemiddels to liif, him op it spek bine troch him wanhoop yn to skunen? Of moast hja hwat kwyt, bychtsje en ôfrekkenje mei dat forflokte forline? - Myn direkteurke. Nou, miskien hat er my yndied rêdden. Ik wie doe al in hiel ein hinne, doe't er my foun. - Yn 'e goate? Yn in bordeel? [Hy waerd dryst, dus]. - Né, yn 'e goate. Figuerlik altyd. As in nachtklub in goate is. Mar der is in forskil. Sisa, de fordoarne wrâld waeide op him ta, yn dit gemoedlik sakemanskafé yn in noardlike provinsjestêd. - It wie in tige fatsoenlike nachtklub, hear. Alhiel net klandestyn. Dat wol sizze: myn wurk wie fatsoenlik en ik reizge elke nacht mei in taksy nei hûs. Earlik. De baes wie net sa'n minne man. Hy roek it keine Fryslân oan my, ja wier! En hy foun my to goed foar syn saek, en hy liet my as der Fryske gasten kamen - mar dat barde hast noait - it âldershûs sjonge. Meast troude manlju, fan dy stille gnobbers en koekeloerders. Ik song net ûnaerdich, mar de jurken moasten it measte dwaen. En de mikrofoan. Johnny, de bandlieder, hie 't op my forsjoen. En dat hie faeks misgien, as Bert my net opfiske hie. Né, wier, ik mocht him letter foar myn eagen net mear sjen, mar hy hat my... rêdden. Allinne, hy wist it sels to goed, it joech him in machtsposysje oer my. Hy hie him troch meilijen mei my liede litten, sei er letter. Hoe seit Anna Blaman it ek al wer? ‘het meelij is niets anders dan de welopgevoede vorm van de verachting’. Nou, ‘welopgevoed’ wied er, sels mei dy typiste. In glêdde sakeman, dy't fan Mexico nei Pakistan reizge, vice versa. Lang en meager en brún en al hwat keal, twakear earder troud west. Och, sa'n he-man mei in greate sportauto en in diplomatetas, dou kenst dat soarte wol. Hy hearde it forhael oan en bisaude him. It wie allegear tsien kear slimmer en biëangstigjender as er tocht hie. Mar hy woe it allegear witte en tagelyk ek net. Strak kaem hja | |
[pagina 6]
| |
noch mei har striptease-nûmer op 't aljemint. Hy moast nou syn hâlding alhiel op 'en nij bipale. Wie dit allegear it doarmjen troch rododendrons en útbloeide dahlia's wurdich? Plus - aensens - de forachting fan in hiel Frysk doarp en in stikken houlik? - Mar... hoe komt men ta soks, sei er, doe't it forhael út wie, einige yn getyspel mei it chianti-glês. - Fan stapke ta stapke, ju. Letter kin men it amper mear rekonstruëarje. Men seit A - in studintefeest en hwat tofolle drank en in wearze fan de pleats en de stamboeksbollen - en men sit by de B en dan sa fierder. Ja, hy wist it, hy wie sels al lang oer de B hinne. Der kaem mear los. Nou ja, allegear krekt op 'e grins fan earber en net earber, mar dochs wol foargoed bûten de doarpske seden of hwat dêr sûnt Gysbert Japiks foar gean moat. Hja hie mei gâns manlju op bêd west. Dat waerd nou wol net rounút sein - en it mocht ek hinnebruije, hwant objektyf sjoen, hwat rjocht hie hy op har forline? - mar it wie wol dúdlik, en tagelyk - wie it net in garânsje foar as er har ea loslitte moast? Sa'nien wie ommers nea forlern, dy wie al lang forlern en dus nea. Mar dêr stie hy mei syn skoalmastersamt en syn kunde oan rododendrons dochs wol ryklik meager tsjinoer. Hy wist by god net hwer't it bêd stean moast dêr't hy... Hy skrille op. Hja liet him in briefke sjen. In houterich poatsje, yn in wanmoedich bisykjen om noch eat fan de Fryske stavering to rêdden: ‘Juffre Westra. As jo troggjinne my gitrouwde mânljuw ût ûs doarp te forlieden en in jo auto mei te nimme kû it wolris net te bêst my jo ourinne. Ik warskouje je mar. Dit blieuwt gin geheim’. Hy stavere der op om, socht it briefke oan alle kanten troch, foar en efter. In driichbrief dus - sûnder mis fan in frou. In troude frou. Hy wist it ynienen: Frou Sudema. - Hwa tochtst dat ús dit lapt hie? sei er. - Gjin idé. Dou? - Frou Sudema. - Hoe witst dat? - Dat seit myn yntuysje my. - Koest wolris net fier mis wêze. Of frou Sidearius? - Né, dy ken it Frysk to goed, dat is in kritesuster, har poatsje ken ik wol, dy skriuwt grif net fan ‘gitrouwde’ manlju. - Dit is mei in fordraeide hân skreaun. Sjoch, dat leit nou wer in domper op 'e joun, al hoe pikant | |
[pagina 7]
| |
en nijsgjirrich it wêze mocht [yn in simpel Frysk doarp!] en oanlieding jaend ta detektive-wurk: skreaun mei ballpoint, fordraeide hân, typysk froulik, ien dy't trochhat hoe't it sit, dy't de doarpsseden hoedzje wol, mar dy't ek ‘bilang hat’ by it ien of oar. Nou ja, alle spoaren wiisden nei frou Sudema-Meijer, der wie winliken ek neat oan, allinne it biwiis ûntbriek. En oan 'e oare kant - hwat wisten jo fan frou Sudema: in hwat meagere, skraitseftige forskining yn it doarp, mei in langwerpich taei gesicht, net al to lokkich troud mei in sekretary-amtner, gjin bern, in ûnfruchtbere skerte, in bitter brein, in aerdige stim fan sjongen. Fyftich jier âld, tritich jier bitter. En dêrfoaroer kollektante foar it reade krús, it anjerfûns, foar bern mei krupsjes, kanker- en t.b.-fûns en hwat der alsa op dy doarpen mear oan filantropyske warberheden to rissen wie. - Nou ja, sei er, it is net oars. As ik dêrfoar omlizzen gyng... - Dou hoechst ek net omlizzen to gean, sei Lutske. It brief is oan my rjochte, oer dy wurdt net praet. - Astou dêr foar omlizzen gieste... Mar likegoed, it gefal fortrette him al mear as er sizze koe. Hy soe net omlizzen gean, mar hja? - Witste, forfette Lutske. Hja sette har earmtakken op it taffeltsje, de hannen ûnder it kin en seach him oan. Witste, dou tinkst miskien dat it fan my mar in grapke is, dit mei dy. - Dat tink ik net, sei er. Dêr haw ik gjin reden ta. - Ik kin net sûnder manlju libje, earlik. Mar dat wol net sizze, dat it my allegear likefolle is. Dat ik dy graech lije mei, biwiist myn goede trou, soe ik sizze. Mar dat is fansels net earlik... Dou tinkst miskien dat ik ek in eachje ha op Bjinse Houtsma. Dat is net sa. Goed, dat is in frije fûgel en ik bin it ek. Mar ik - nou ja, it klinkt miskien hwat kikakultureel - ik kin net bûten de geast om. - De geast fan Bert, ynterrumpearre er haetlik, mar hja gyng troch: - Dêrom is alles earder ek mislearre: der wie noait de geastlike basis, net by Bert en net by Johnny en net by al dy oaren dy't my efternei rounen as in loopsk hountsje en mei moaije forhalen oer har mislearre houliken. - En dy geast sjochstou yn my, sei er net sûnder nitelichheit. Ik bin goed foar de geast, om't ik lichaemlik dochs neat wend bin, is 't sa net? [it wie wer sa'n spultsje, hwant goed bisjoen mocht it him deugd dwaen dat hy foar geastlike - en oare - doelen útkard wie boppe miljonair Bert en ekspediteur Bjinse]. - Ik sjoch neat. Dat wol sizze: neat méar as dou. Ik miende | |
[pagina 8]
| |
datstou ek hwat yn my seachst, ek bilang by my hiest. As dat net sa is, kinne wy better by elkoar weigean. Hy swei, hy wachte ôf hwat it ‘spul’ oer syn holle kedize soe. Fuortgean wie in idé dat syn gefoelens yn opstân brocht. In wei werom wie der net. En binammen op dit stuit net. - Ik bin gjin idéaliste, sei se, dat witstou wol. Mar ik wol ek leaver net de brok seks wêze dêr't se my noch alris foar oansjogge. - Marilyn Monroe siket har Arthur Miller, spotte er. [Hy hie har yn 'e skjirre]. - En Arthur Miller krûpt yn syn skulp, spotte hja werom. Mar goed, miskien sit it dêr earne. It is it lot fan myn soarte froulju mei in draechlik eksterieur, yn bolletael sein. - Mar... hwat forwachtest dan fan my? frege er wifkjend. Dêr gyng ommers alles om. - Dat is in rotfraech, Hindrik, sei hja, mei de fingers tyspeljend oan har leech chianti-glês. Sûnder mis, dat fortriet wie echt en it forwyt ûnbillik. Hy wist blinderse goed hwat hja fan him forwachte. - Dy fraech soe ik dy ek stelle kinne, forfette hja, mar dat doch ik net. - Ik lûk myn fraech yn, sei er, dou hast gelyk, soks seit men net. - Ik wit it forjamme ek net, gyng hja fierder, it is in rotfraech, mar goedbisjoen draeit alles om dy rotfraech. - Om it antwurd op dy rotfraech. - It is myn bidoeling net om dyn libben yn trewyn to bringen. Allinne... Hy seach har oan, freegjend, hy observearre de spanningen op har antlit, spieren dy't hiel efkes oan it oerflak forroerden, om mûle en noas hinne. - ...it soe der fan komme kinne. Leafde giet nou ienris bûten maetskiplike roailinen om. - Bihalven foar frou Sudema-Meijer. Hy bisocht om der wer hwat fleur oan to jaen, en rôp de ober. Mar hy stoarre tagelyk yn in gat fan ûnwissens, in gat sûnder boaijem. Leafde yn ûntrou is de iennichste leafde dêr't spanning en aventûr yn sit, tocht er. En meilijen is in fatsoenlike foarm fan forachting, sa koe men it sizze op oanwizing fan Anna Blaman. Dit stadium fan earnst, fan petear yn 'e djipte bitsjutte sûnder mis al wer in stadium fierder. Gjin B mear, mar C. Hy wie al oan Lutske Westra forboun troch in geastlike basis, al mocht joast witte hwer't dy geastlike basis lei. Joast? Né, hy wist it sèls al: mei dizze frou, dizze Lutske Westra, hwa't hja dan ek wêze | |
[pagina 9]
| |
mocht neffens har eigen byld fan 'e hountsjes, koed er prate, koed er guon dingen yn syn libben rjochtsette, koed er somlike dingen rjochtút sizze, mei dizze styng er op it skerp, bilibbe er spanningen, geastlike en lichaemlike, dy't yn syn libben mei Wypkje goesloof folslein ûntbrieken en noait komme soene. Dizze wie bihalven moai en seksueel ek yntelligint, de yntelliginsje fan in âld boereslachte, dy't in útwei siket bûten de forrotte tradysjes. Hy wist dat er Lutske net mear skrasse koe út syn bistean, net yn geastlike sin, mar ek net mear yn maetskiplike sin. Hy wist dat er har fêsthâlde moast, him yn har fêstbite, om to libjen, om to wêzen dy't er wie en wurde moast. De ober brocht mear chianti. Hja seagen elkoar oan. Ik sykje by har it lichem en hja by my de geast, tocht er. Mar is dat wol sa, kin men dizze dingen wol skiede? Kin it iene sûnder it oare bistean, bihalven yn 'e hountsjeforhâldingen? It wie as rette hja syn tinzen. - Dou praetst leaver net oer dyn frou, sei se. Dou respektearrest har, en dat respektearje ik. Mar ik freegje my ôf - en dêr bin ik folslein earlik en ek folslein seedlik yn - kin in minske syn trou allinne basearje op meilijen? - Meilijen, dat in fatsoenlike foarm fan forachting is... - Dat wol ik dêr litte. It wie dreech, joun, al mei al. Mar hy koe der net foarwei: hjir waerden om to bigjinnen fundamintéle dingen sein, en twad: hja woe it witte, fan Wypkje, fan har sounens, har stadigens, har sleauwens. Hy koe it net binefterhâlde, nou, yn dizze sfear, dy't hja mei earnst skepen hie. Hja knikte bigripend. It lytse grêf fan twa jier lyn forswijde er, mooglik wist hja dat. - Ik kin dy gjin ried jaen, sei se doe't it forhael út wie. Myn ried soe net objektyf wêze. - In subjektive ried kin ek de muoite wurdich wêze. Hy kaem tichter by har, mar hja warde him ôf. - Sjoch, sei se, dat fan dy forachting lit ik dêr, it is in bytsje wier en in bytsje net wier. Hwerom soe meilijen net meispylje kinne? Mar ik freegje my ôf, kin in minske dan út meilijen of om 'e maetskippij of hwerom dan ek, oars neat dwaen as him skikke yn 'e rottichheit? Moatstou hjir it slachtoffer fan wurde, fan dyn eigen meilijen? Hat in minske net it rjocht om op elk stuit fan syn koart eintsje libben syn saek yn eigen hannen to nimmen en it gelok - nou ja, ik praet yn 't algemien - to nimmen dêr't er it krije kin? | |
[pagina 10]
| |
- Ik haw ienkear A sein, sei er. Dêr moat men de konsekwinsjes dan fan nimme. - Dat bitsjut datst der noait útkomst. - Noait foar altyd, tominsten. - Bist der wis fan dat it dyn plicht is om dy ûnder de gefolgen fan dyn eardere stommiteiten del to jaen? Hy wist it net, hy koe der net útkomme. Hy hie dus, dat wist er nou àl, dat wist er al lang, ienkear de forkearde kar dien. Hy hie himel en ierde biweegd om de forkearde kar dwaen to meijen! Hy wist ek noch krekt it stuit, twa of trije wiken foar de troudei, dat er de kâns hawn hie dy forkearde kar to ûntwiken en frijman to wurden. [It wie sa'n forkearingsrûzje sûnder oanwiisbere oarsaek. Hja hiene op bisite west by freonen, sieten yn 'e bus op 'e weromreis. Neat woe, in petear net en hwat fortroulikheit ek net. Hy seach harren forfoarme sylhouetten yn 'e glêzen fan 'e bus by jountiid, beammen en huzen skeaten dêr dwers troch hinne. Ik wol dy net bine, sei hja, astou net genôch fan my hâldst, hast gjin rjocht op my. Hy wist it dus: op dat stuit hied er de bân brekke moatten en der hiene gjin ûngemakken fan kommen - dy tútset wiene se wol wer kwytrekke en lytse Himpenius en syn frou hiene bliid ta west. Hy wist it dus, en hja bea it him oan, hja boun him op it spek. En hy die it net, hy naem it net, hy hold stiif fêst oan syn plan, hy woe folbringe hwat er op him nommen hie, forflokte idéalist dat er wie. Hja joech him de frijheit, hja draeide har ring los fan 'e finger. En hy seach stiif fansiden nei dy draeijende fingers en dy fuortfluttende sylhouetten en dy beammen en huzen en hy sei by himsels, dat dit net mocht en dat er fan har hâldde en dat er ienris, letter, noch mear fan har hâlde soe, as er har alhielendal hie. Hy hie A sein, hy sei dus B. En hy wurke it hiele forkearde alfabet ôf]. Hy hie dy forkearde kar miskien allinne nèt dien, as oaren har net tsjin dyselde kar forset hiene. Goed bisjoen wie har heit de skuldige, dy eigenwize Jisse Himpenius, dy't him twinge wold hie syn leafde foar Wypkje as in heale misdied to sjen, in ding dat jo as fatsoenlik man net diene, in oantaesting fan har sounens of fan har rjocht om siik to wêzen. Hjir siet dus de oast: ienkear fout is altyd fout. De fout mei Wypkje makke ek dat mei Lutske fout, en sa gyng dat oant yn 'e ivichheit troch. Nou, hja krige gjin antwurd op har lêste fraech, hja wist dat ommers sels wol. Hja wist wol, dat de minske net frij is en al hij wêze wol, dat er mei stielen kabels boun sit oan it forline dat er sels skepen hat, sels wòld hat. | |
[pagina 11]
| |
Men koe jin frij meitsje, goed, mar dan allinne to'n koste fan in oar - meastal to'n koste fan in oar, as dy oar net Bert hjitte, dat mei dy Bert, nou ja, dat siet oars, dy smoarde yn 'e sekretaressen. Mar syn frijheit, Hindrik Visser syn frijheit, soe it ûngelok fan Wypkje Himpenius wurde. En dêrtroch ek sines. Hy murk dat hja glimke, net spotsk, mar bigripend, mei eat fan leafde en fan âlder-en-wizer-wêzen: - Ik meitsje it dy net maklik, Hindrik. - Dat leit net oan dy, mar oan mysels. - Dou bist to goed foar ûntrou. - Tankje. To trou foar ûntrou, soe ik leaver sizze. Mar hy wòe net trou wêze, as it allinne mar om 'e trou gyng. Hwat is trou wurdich as hja allinne mar bistiet út trou, út eangst fan ûntrou, om't de ûntrou brokken makket, om't brokken ûnaerdich en ûnnoflik binne en in bidriging foar jins fêstichheit. Hy dronk syn glês yn ien kear leech, en naem noch ien. It holp in bytsje - de problemen en redenaesjes fordizen hwat en sakken wei yn in stimming fan lome tofredenheit. Fordomd, dat wie 't: tofredenheit. Hy hie de tiid ommers, om de dingen rêstich út 'e tiis to heljen. Der wie sasear gjin haest by. Men koe noflik yn in goed kafé sitte en jin oerjaen oan dizenige stimmingen. Der wie noch neat forlern en noch neat kapot. En sels letter, doe't hja troch de ûnlijige joun rieden, mei glêdde wjerspegelingen fan strjitlantearnen yn 'e lege asfaltstrjitten, bleau dat fielen fan tofredenheit-nettsjinsteande-alles. Tofredenheit om't der noch neat stikken wie en om't men noch alle kanten útkoe. Tofredenheit sels om it feit, dat men nei sa'n petear net frije koe, allinne mar skuldeleas hân yn hân sitte. En by it stasjon naem er de bus, op it nipperke, mar it koe krekt. De bus dêr't er oars ek altyd mei thús kaem. En syn tas forgeat er diskear net. Ek dat wie reden ta tofredenheit. Mar bitter wie it ek, as er om Lutske tocht, dy't allinne yn har folkswein deselde wiete wegen lâns ried, dêr't de westewyn oer strûsde. Mismoedich en hwat fortretlik, lykas hja sjoen hie, doe't er sei, dat er de bus nimme woe. Hja hie gjin reden om wiis mei him to wêzen, Lutske. Likemin as Wypkje. |
|