De Tsjerne. Jaargang 17(1962)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 1] [p. 1] [Nummer 1] Jan Dotinga: Mei de han op it hert ik haw der al sa lang bang foar west - dou kinst myn lokken op dyn fingers brekke. en ik haw oars gjin forwar oars gjin forwar as myn hert dat allinnesteand dyn hûd forret. as ik jouns oan dy tink, bin dyn antlit twa ljochtsjende dieren mankelyk yn myn brein; dyn hannen de swalkjende langsten fan myn each. as ik jouns oan dy tink - lit ús dan fingers foar inoar wêze. [pagina 2] [p. 2] hoe moat ik oan mei de tiid, dy't om dy slút as in deadlik pânser, hûd dêr't ik gjin neil efter krije kin. faeks kinne wy elkoar sizze, dat it ús spyt, dat fan okkerdeis doe't wy it hûs biwennen as ienlingen, deaden dy't elkoar net koene. leau lea: sille wy elkoar moetsje yn ús hannen, dan liicht it forline en swijt de takomst - dan binne wy jimmer nou. doe... de tiid spjaltt' yn ien, twa, tûzen nudlen en stadich kantelste yn 't skaed fan myn eagen: elkoar in alfabet in sprekkende hân. dou droechst in sêfte, flaeksen mantel: in huvering fan wûnder leed. en yn dy bloei fan blauwe fegetaesje ha wy it wensteed foun. doe haw ik nije fûgels kurven yn dyn hûd: reade, roastfrije brânmarken. Vorige Volgende