Yn 'e fierrekiker:
D.A. Tamminga yn ynternasionale biljochting
It mei gjin kwea as lju dy't bitûft yn it harjen binne, sels ek ris op it harspit komme to lizzen. Dat stik ark yn dizzen is it forneamde Noarske literaire tydskrift Vinduet en de hammer is de Amerikaenske professor Perry Miller. Aldere lêzers mei it grif heuge dat dy heechlearaer yn 1949 sprutsen hat to Ljouwert op in Tsjerne-middei, wijd oan de Amerikaenske dichter en skriuwer Edgar Allan Poe.
It sitaet út syn artikel ‘It leauwe fan Europa yn 'e Amerikaenske literatuer’ (Vinduet jg. 1953) is to goed om wei, ek al om't oer ús, Tsjerne-lêzers, in pear nijsgjirrige dingen sein wurde, Hjir komt it:
‘Hjerst 1949, fuort nei't ik yn it lân (Nederlân) kommen wie, waerd ik nei Ljouwert forsocht, de âlde haedstêd fan de provinsje Fryslân, in stêd fan likernôch 80.000 minsken, om mei to dwaen oan de greate iepenbiere bitinking fan Edgar Allan Poe, 100 jier nei syn forstjerren. As wy Des Moines en Albany mei Ljouwert forgelikenje, binne dat ûnbidige wrâldstêdden, mar hjirre yn dy Fryske haedstêd kamen de froede boargers fan 'e stêd gear - bankdirekteuren, advokaten en hege amtners. Hja hiene har de hiele middei frijmakke en fjouwer ûren lang (ûnderbrutsen troch in koart théskoft) sieten hja to harkjen nei sprekkerijen oer Poe en foarlêzen fan syn gedichten. Foar de earste kear sûnt myn tretjinde jier lies ik The Raven lûd op. Oerset yn it Frysk troch in dichter dy't de yndruk makke, dat er rjocht út in âlde Noardsé-sêge stapt wie, klonk dat gedicht wûndere goed.’
As professor Miller der fierders op wiisd hat dat de Europeanen de Amerikaenske literatuer hiel oars weardearje as de Amerikanen sels en de Poe dy't er yn Fryslân mette, de dichter wie, sa't de Frânske fantasije dy skepen hie, seit er:
‘Ik frege de dichter dy't The Raven sâ yn it Frysk oerset hie dat it noch sjongsumer klonk as yn 'e oarspronklike tael, hwat it wie dat him sa sterk oantruts yn Poe. Hy andere mei in swier lûd dat wol fan 'e raven sels komme kinnen hie: Hy is sa laden mei tragyk.’
Sa libbet dus Douwe Tamminga fuort yn 'e annalen fan 'e wrâldliteratuer.
L.H. BOUMA