Krityk yn it koart:
Trewes foar emigranten
Fryslân. Dêr't de dyk it lân omklammet. Ynlieding J.P. Wiersma. Ofbyldingen Kees van Barneveld en Ger Dekkers. N.V. Utjowerij A. Roelofs Van Goor - Amersfoart.
Yn 'e rige fotoboeken oer Grinslân, oer Noard-Brabân en oer Twente dy't de útjowerij Roelofs Van Goor earder yn it ljocht jown hat, kipt dit oer Fryslân ynsafier der út, dat it bihalven yn it Nederlânsk ek yn it Frysk forskynt. Men mei hjir in teken yn sjen dat ús tael yn oansjen tanimt, ek - of just? - by net-Friezen. Soe in kommersieel man út Amersfoart sa'n kostber wurk twatalich to merk bringe, as er útgie fan it bitinken dat ien fan dy talen, de eigen, by gâns Friezen earder stan-yn-'e-wei as trekpleister wie? Sûnder mis is er der fan útgien dat er der steat op meitsje koe, gâns Friezen al of net om utens en emigranten yn it bûtenlân binammen soene sa'n frysktalige edysje op priis stelle en foar kar nimme. Dyen foaral kinne nou oan 'e hân fan twa bitûfte fotografen en in ynlieder yn 'e noflike stoel ‘the old country’ bireizgje. Hwat mei de tsjintwurdige filmsjogger en televisykiker mear to winskjen oerbliuwe?
Van Barneveld en Dekkers, beide jonge cameraminsken, hawwe in skerp each foar it typyske en draeije ús hjir, meast yn swart-wyt mar ek in kearmannich yn kleuren, in byld fan Fryslân foar eagen troch de wei fan in foech 150 eksklusive foto's. Dat byld is út soarte chargearre. It docht kleare bliken dat har dokumintaire bidoelings foar alles rjochte west hawwe op hwat toerist en emigrant moai fine. In folsleine dokumintaire wearde, dy't alle kanten biljochtet, hat dit fierders sa perfekt útjowne boek dus net. Gjin krotwenten, gjin mole yn forfal en foar ôfbraek opskreaun, gjin mishipte boerepleats yn lidbou, mar in pittoresk (en biwenne!) arbeidershûs oan 'e Tsjûkemar, in foarein mei halsgevel út 1757 en in spinnekop yn 'e gloarje fan flaggen sil men hjir fine. Wol sprekt hjir neist it forline ek it hjoed, mar dan altyd in hjoeddeisk Fryslân sjoen troch de lins fan it estétyske. It lilke, it ûnsjogge, it forfallene, al hwat Fryslân stimpelet as in ekonomysk efterbleaun gebiet is dúdlikerwize mijd. De kar is tige mei sin (allen op hwat skien en geef et de foartiid oerlevere is of op hwat yn 'e noutiid in yndruk fan niverheit en opgong jowt. In útjower kin men soks net kwea-ôf nimme: dy moat rekken hâlde mei debyt en commerce.
Ienselde iensidichheit en idéalisearring lykwols is ek de man dy't de ynlieding skreaun hat, net frij fan bleaun. Al tsjut er hjir en dêr op dingen dy't er ‘in kladde op it gewant fan dizze moaije provinsje’ neamt, syn visy op skiednis en hjoeddeiske kulturéle steat fan it Fryske folk, is dúdlik de idéalistyske út de Jongfryske tiid. Yn healdichterlike en heal-journalistike trant hâldt J.P. Wiersma mei syn lêzer in trochtocht by histoarje en lânskip, by de biwenners en harren kultuer lâns. Hy oppenearret him dêrby tydlingswei as kultueroptimist. Hwant hwat soe immen óáârs wêze dy't yn 1961 skriuwt: