De Tsjerne. Jaargang 15
(1960)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 65]
| |
[Nummer 3]Durk van der Ploeg:
| |
[pagina 66]
| |
III
Jeltich de frou
bifruchte fan de seizoenen -
âld yn de gehuchten
wenjend yn it
swijhûs fan de tiid
by weet en wier
fandelt hja wis
de fruchten
mei tanige knoken
wittend: dit is
in lytse lêst.
IV
Is oer de ierde deade
it âlde lângeanne -
falle wer ier
de fierten ticht
tille de bynten
swierder it outer
giet elberich
de wyn oer de
wurge ekers
en paedzjend
mei evel giet
elf de man
oer nei in nij
bistek.
V
Tarre de deaden
de nachten -
skrank reppe
de dagen de rongen
ûnder de loften
fûl de fanen
mar leech
de wyn en de wurden
leech it hûs
fan de tael:
flokke de
fûgels de ierde
mei evel en laits.
|
|