bisletten rounte hat er dêr nammers yn de iere hjerst in lêzing hâlden, ornearre û.o. foar de Harnzers dy't him oan fotomateriael holpen hiene. It wie tige aerdich, skreau de Harnzer krante, mar de hear Gregoor hie dy foto's nou al jierren en oer weromjaen waerd mar net praet....
De Anton Wachterseary sil - nei De vrije vogel en zijn kooien - takomme jier fuortset wurde mei De rimpels van Esther Ornstein, wylst it dêrop folgjende (achtste) diel, De laatste kans, yn tarieding is. Sint-Sebastiaan en Surrogaten voor Murk Tuinstra binne yn ien bân wer op nij útjown; Terug tot Ina Damman en De andere school komme takomme jier nije printingen fan út.