planters forkocht waerden, wie der gjin protest. Mar it gewisse is opskrille en hjoed de dei fynt it folk, dat yn 'e tsjusternis wannelet en op syn ivich martlerskip réagearre hat mei negro spirituals, yn de hiele wrâld ûnder de blanken syn maten en advokaten, dy't ûnbitinge foar syn minsklike rjochten pleitsje. En mei rjocht mei men hoopje, dat alle barbaren meiinoar de opgong fan de kleurde rassen nei de frijdom net keare kinne.
Yn dit forbân is it fan great bilang, dat yn itselde lân, dêr't Little Rock leit, de iene goede film nei de oare forskynt, dy't it probleem klear en skerp stelt en sûnder wifkjen pleitet foar de lykweardigens fan de rassen. De film is in machtich middel, dat alle lagen fan it folk birikt en biynfloedet, en al mei men net op slach en stuit de fordwining fan de blanke superstysje forwachtsje, har wiffe posysje wurdt, mei troch de film, oanhâldend en systematysk ûndergroeven.
The defiant ones is in film fan Stanley Kramer, dy't yn Hollân draeit ûnder de folle swakkere titel Ketenen van de haat. Twa finzenen, in blanken en in swarten, dy't mei in swier keatling oan inoar fêst sitte, wurde yn in frachtwein nei de sel brocht. Hja fleane elkoar ûnderweis oan, de auto forûngelokket en hja witte to ûntkommen. Sa, sûnder kâns om it keatling dat harren bynt, los to krijen, bigjint har avontûrlike, dramatyske flecht. Hja hawwe ien mienskiplik doel: de frijheit, en ien mienskiplik needlot: dat hja defiant ones binne, rassen dy't elkoar útdaegje. De neger is hjir gjin passyf slachtoffer, dy't yn syn fornedering birêst, mar in ympulsyf opstanneling, dy't op elke mislediging fan de white man fel en forheftich réagearret. Yn wylde deilesskippen slane hja elkoar de eagen suver ticht, mar, folslein op inoar oanwiisd, helpe hja elkoar, as it gefaer akút wurdt. En stadichwei groeit der in ynderlike forbounens, dêr't hja sels earst gjin aen fan hawwe, mar dy't sterker is as de âlde fete. Mei in marterlik psychologysk ynsjoch litte de regisseur en de treflike spylders jin dizze ûntjowing sjen.
As hja by in iensume boerepleats komme, dêr't allinne in frou en har jonkje wenje, fine hja it ark, om har keatling los to krijen. De blanke kriget nou de kâns om mei de boerinne yn har wein to flechtsjen, mar as er heart, dat syn maet de forkearde wei wiisd is en yn gefaerlike sompen omkomme moat, forstjit er it wiif en mei in skot hagel yn de hûd fljocht er de doar út, om syn swarte freon to sykjen. Hy is op stjerren nei dea as er him op it lêst fynt. De sterke neger nimt him yn syn earmen en sa wachtsje hja de forfolgers ôf.
In oare tried, dy't troch dit forhael rint is it konflikt tusken de minsklike sheriff en de bikrompen earsuchtige polysjesergeant. As de sheriff yn it reid fan de sompen in nuver sjongen heart, giet er der allinne op ôf, de revolver yn de fûst. En dan fynt er se, de neger, dy't in spiritual sjongt, mei syn forwoune blanke maet yn de earmen. Hy bigrypt alles en stekt glimkjend syn revolver yn de bûs.
Men mei de avontûren fan de beide flechtelingen op it earste gesicht hwat forsearre achtsje, dat is hjir lykwols in tige bykomstich elemint. Psychologysk is it in seldsum knap stik wurk en filmtechnysk meinimmend. De symbolyk twingt him fansels oan de taskôger op: twa rassen, dy't elkoar útdaegje, elkoarren net ûntkomme kinne en op inoar oanwiisd binne yn ien wrâld en ien need. En der is mar ien mooglikheit ta oplossing fan it probleem: de formoedsoening en de minsklike solidariteit. In sterke, suvere, evangelyske film.
INNE DE JONG