De Tsjerne. Jaargang 13
(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 345]
| |
Jo Smit:
| |
[pagina 346]
| |
spylje - en dy't dus fan de lêzer freegje syn stânpunt to forlizzen yn in tiid dy't net uzes is - de measte yndruk meitsje, njonken inkelde dy't troch byomstannichheden in birop dogge op hwat yn ús omgrommet. De spoeken dy't ús foarset wurde binne meast typyske ‘revenants’ (yn tominsten 15 fan de 22 forhalen), fierders is der hwat foartsjirmerij, der binne in pear gefallen fan opmerklik parallellisme en in mannich nuvere forskiningen, wylst winliken yn alle gefallen it boppenatuerlike as sadanich akseptearre wurdt en ûnforklearre bliuwt. Sadwaende is de yndruk fan de bondel einliken minder as de forhalen yndividueel fortsjinje. Nou freget men op 'en dûr hwat nitelich om hwat mear fariaesje, hwat fornimstiger forhalen, hwat greater kompleksiteit. Mear as op de stoffe lykwols komt it by it mysteary-forhael oan op de wize dêr't it op forteld wurdt. De lêzer moat der folslein yn leauwe, by moat alris skrutel oer it skouder sjen en bihalven troch it nije ljocht wurdt de taek fan de hjoeddeiske skriuwer wol bisûnder swier makke, mei't der al sa'n bulte fan dy forhalen skreaun binne. Unwillekeurich forliket men al lêzende mei in Turn of the screw fan Henry James, mei The monkey's Paw fan W.W. Jacobs, mei forhalen fan Edgar Allan Poe. Dat is fansels tige ûnbinlik, hwant by in roman, in novelle, in oar koart forhael docht men soks net fuortendaliks. It komt fan it genre, dat sa tige ôfhinget fan de stoffe en de wize fan fortellen - koart sein fan it forhael. Oer in mannich fan de forhalen ôfsûnderlik mei nou wol hwat sein wurde. It fierst rin ik mei de bêsten fan de sawn forhalen dy't Geart Jonkman bydroegen hat. De Frjemdling yn ‘De Lytse Trije Romers’ haw ik mei nocht wer lêzen: it is by my forhael nûmer ien fan it boek. Hwerom? Ja, hwerom jow ik my hjir alhiel oer oan de forteller? Om de rêstige wize dêr't it mysteary op taret wurdt, om de haedfiguer dy't syn rol wurdich is, om de omstannichheden dy't meiwurkje. Saeklik bigjint de skriuwer syn forslach: ‘De 25ste desimber fan it jier 1850, de moarns klokslach njoggen ûre, waerd Marten Merkuer loslitten út it tichthûs to Ljouwert.’ Wy wurde meinommen op Merkuer syn doelleaze tocht, fol réalistyske trekjes yn de biskriuwing fan de bûtewrâld, dêr't de irreéle leechheit yn de ûntsleine strafte skril by ôfstekt en him - en dêrmei ús - ryp makket foar it aventûr yn De lytse trije romers. Mei Merkuer witte wy net hwat wy tinke moatte fan de biwenners fan dy herberge, mei him wurdt it ús eangstich om it herte, wy akseptearje mei him, forromme, it dwaen fan de frjemdling en de foroaring yn de kastlein. Oan de ein | |
[pagina 347]
| |
hâldt men even de siken yn, om it forhael dizkear, mar de frjemdling jowt bliken fan in great gefoel foar humor en it forhael bliuwt op gelokkige wize foar skipbrek deun by de haven biwarre. Ek it forhael Nacht op Teakesyl hat in diminsje mear as inkeld it skimige, boppenatuerlike. Sa wis fan styl as it oare is it net en men leaut justjes minder yn de ‘ik’ fan dit forhael as yn Merkuer. In meidieling as ‘op 't selde stuit bistjurre my it bloed yn de ieren’ is net genôch om alhiel mei de forteller mei to fielen, wylst in oaren ien, nei oanlieding fan in spoeksel: ‘Hoelang't it dêr stie, ûnforweechlik, doar ik net krekt (!) sizze’ steurend wurket. It petear lykwols, fan twa spoeken, dat dan folget lit jin dat alhiel forjitte. It lieden op 'e mar, dêr't de bondel mei iepenet is ek in geef stik, yn de trant fan it folksforhael, goed fan struktuer en goed forteld. De Demon yn 'e spylseal kin ik spitigernôch net biwûnderje. Spitigernôch, hwant Jonkman hat hjir blykber roaid op better, heger, djipper as sljochtwei. It lytse ynliedinkje is boppest bêst, mar hwat dêryn as bigjin ré leit, komt net, of frijhwat ûndúdlik werom. De styl is wakker ûngelyk; njonken treflike einen stiet boekhâldersproaza as: ‘in tige selsstannige en net minder kreaze notarisdochter’, ‘stegere hja in dekadint klaeide darkert ôf, dy't har hinderlik folge en ûnfoege útstellen die’, ‘hja... snokkere wol in ûre’. Om ús it skriklike dochs foaral by to bringen wurdt it gauris socht yn superlativen: ‘ôfgryslike stompe en swierbiringe fingers’, ‘in ûnbidich massyf lichem’, ‘geweldige kop’, ‘earen liken as rabarberblêdden út de skouders op to sjitten’, ‘ûnfoege lea’, ‘it munster’, ‘it gedroch syn ûnhuere rûge hannen’, ‘stekkend gleije eagen’, ‘gryslik reptyl’. Dy útdrukkingen en noch wol hwat mear wurde brûkt foar ien persoan. As men mei dit soarte fan dingen konfrontearre wurdt, dan kin dat maklik liede ta in antiklimaks yn de gefoelens. By de faem bygelyks, dy't mei har freon op 'en paed is en dy ‘bigoun sa ûnminsklik to âljen, dat hja der bang fan waerd.’ Dy freon wie der ek net bêst oan ta, ommers: ‘hy skodde as in ierdappelsouwe.’ It is in agrarysk byld, op de hichte fan de tiid, hwant rekken hâldend mei de mechanisaesje, mar ik leau der net yn, yn it hiele forhael nammers net. Likemin lean ik by it lêzen fan De séhoun, mar sûnder spyt, hwant it is in kitscheftich forhaeltsje; of by Print yn 'e snie, mar dat hat neat om de hakken; of by De man mei de kiste. Lykmjittiger as it wurk fan Jonkman binne de bydragen fan de oare skriuwers. Hja komme net oan de hichten fan Jonkman | |
[pagina 348]
| |
ta, mar alfolle ek net ta deselde djipten. Fan de seis forhalen dy't Ype Poortinga skreau, hat Hy koe net bang my it bêste foldien. Ik bin bliid mei dit forhael, dat de iensidigens fan de bondel trochbrekt, al stiet it dan oan de ein. Iensidigens op it stik fan de stoffe - it ûnforklearre en ûnforklearbere boppenatuerlike -, iensidigens hwat de earnst oangiet, dêr't alles mei foardroegen wurdt. De humor krijt yn dit forhael bod en it giet hjir om in pseudospoek, hwat ús diskreet iepenbiere wurdt. De oare forhalen fan Poortinga falle op troch forsoarge skriuwtrant, al kinne se allegearre krekt net takomme oan hwat men hopet dat it wurde sil. Poortinga is in treflik stilist en forteller, hwat him foaral iepenbieret yn syn bigjinnen, yn de earste helte. As it oan it hichtepunt takomt kriget men gauris ôffal, dan bliuwt it tofolle yn de konstruksje hingjen. Soms leaut men ek de konstruksje net, lykas yn it gefal fan de deade dy't opskillet (Hjir mei Douwe...). In fynst oars, mar as de forteller oan de ein útleit hoe't er by forsin opskille wurde koe - in kengetal dat ien sifer leger leit - en der slûchslim oan taheakket: ‘It docht my nou hast nij, dat ik dizze deade net faker oan 'e telefoan hawn haw om syn maet noch op it lêste nipke to warskôgjen’, dan tinkt men: my forrifelst net, freon. Lyk as dy fan de oare skriuwers sykje Poortinga syn deaden it yn de perseveraesje: hja geane troch mei dêr't hja mei dwaende wiene. Yn it gefal fan Douwe it opskiljen fan in biskaet nûmer. Mar dat Poortinga der sa earnstich by bliuwt dat syn deade, grif nei jierren fan bisykjen op it goede nûmer, nou hwat demint wurdt of hwat bizich en him slach op slach forsint mei it kengetal, makket my hwat erchtinkend. In aerdige fynst is oars ek it forhael Ienris kom ik werom, dêr't twiljen - de helte yn Fryslân, de oare yn it lân fan dream en winsken - letter yn har libben gelyk bigjinne to rinnen, inoars spegelbyld wurde. Marten Sikkema hat njoggen forhalen bydroegen, aerdich fan fining meast en allegearre goed skreaun. Mear noch as de oaren hawwe dy forhalen to lijen ûnder de lêst fan har plak yn in bondel. Bûten dit ramt soene hja faeks mear yndruk meitsje, better op har merites bioardiele wurde. Dy fortsjinsten binne der grif, mar dochs is it forhael meast net sa goed slagge as men graech woe. De konstruksje twingt har gauris hwat ryklik oan, it forhael is net alhiel fleis en bloed wurden, de huver giet jin krekt net oer de lea. Op dat lêste makket men jin al sahwat klear by in bondel as De Grize oer de Grouwe, en dan kin it wêze dat men forhalen lykas PP 131153 of It pleachbist | |
[pagina 349]
| |
tokoart docht. It forhael dat der by my útkipt is Brief oan ûnbikende, dêr't it riedselige ek foar de auteur riedsel is en men folslein leaut yn de gefoelens dêryn. De faeks hwat spitige ûndertoan fan myn refleksjes hâldt wier gjin forwyt oan de skriuwers yn. It spoekforhael is ien fan de nuodlikste opjeften foar in skriuwer. En in bondel lyk as dizze is fansels hiel hwat oars as in blomlêzing fan de hichtepunten yn in biskaet genre. Krekt om't sa'n blomlêzing foar de Fryske litteratuer net to meitsjen is, bin ik wiis mei de bondel en bliid dat de auteurs it oandoard hawwe. |
|